Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K in Kinderboeken

Ik wurd mem! (Hardback)

0
Lokwinske! De wurdst mem! Hoe reagearre dyn omjouwing op dat nijs? Wat hast as earste foar de poppe kocht en hoe sjochst tsjin de befalling oan? Yn dit swangerskipsdeiboekje is romte om dyn eigen erfarings op te skriuwen. In moai oantinken foar letter....

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

De groep fan juf Pyt (Hardback)
De groep fan juf Pyt (Hardback)
Basisskoalle De Reinbôge hat it nije juf, se hjit Pytrikje. 'Dêr rekket ús tonge fan yn 'e knoop. Dus wy neame har juf Pyt.' Alle ferhalen yn dit boek spylje op skoalle. Sa lêst oer in robot dy't prate kin, oer picknicken op de flier fan it lokaal, oer in ferfelende mich dy't hieltyd tsjin it boerd fljocht en noch folle mear. Mar wat noch moaier is: dit boek lêst net allinnich. It is in teäterlêsboek dêr'tst mei-inoar út foarlêst. In soad wille mei dy grappige juf Pyt en har drokke, stoere, kreative, tûke groep! Mei-inoar tëaterlêze is mei in ploechje foarlêze oan in publyk. Do lêst tegearre foar mei in maat of freondintsje, mei mem of heit of mei bern út dyn groep. Of miskien wol pake of beppe wol meidwaan! By tëaterlêzen lêst foar mei it boek yn de hân. Hoechst gjin spesjale klean oan te lûken, of in achtergrûn te hawwen. It iennichste datst nedich hast, is dyn stim en in publyk fansels. Ferjit net nei ôfrin djip te bûgen. It applaus is foar dy!
14,95
Wyn fan feroaring (Paperback)
Wyn fan feroaring (Paperback)
Johanna Kamstra is in jonge húsdokter dy 't sa op it each it perfekte libben hat. Har pasjinten binne wiis mei har, se is ferloofd mei gynaekolooch Joost en wennet yn in prachtige filla oan 'e râne fan Ljouwert. Dochs hat se altyd it gefoel dat se tekoart sjit en net past yn har omjouwing. Se hat al jierren gjin kontakt mear mei har âlden, dy 't der mar wat hinne libje. De ienige fan har famylje dêr 't se har by thús fielt is omke Hannes. Mei him en har neef Ate gong se as jongfaam altyd op sylfekânsje. As omke komt te ferstjerren moat Johanna wol kontakt sykje mei har heit en mem en sjocht se har famylje foar it earst yn jierren werom. Ek Ate. It testamint fan Hannes set it libben fan de famylje Kamstra folslein op 'e kop. Se moatte mei elkoar in kasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. De ynset: it foarstlik neilittenskip fan Hannes... Mei Wyn fan feroaring skriuwt Hilda Talsma de earste echte skûtsjeroman. Fris en tagongklik, mei 'it brûs foar
22,50
Mem falt út (Paperback)
Mem falt út (Paperback)
In mem dy't wrakselet mei alzheimer, in dochter dy't seistûzen kilometer fierderop wennet, beide fjochtsjend tsjin it ûnûntkombere, dat komme sil. In yn 't moed taastend ferhaal oer mem en dochter dy't nettsjinsteande de ferslimjende deminsje fan mem harren bân bewarje. Fertriet en blydskip wikselje inoar ôf yn dit oangripende debút fan Pia van Rees, Friezinne om utens, libjend mei man en twa bern yn Kanada. “Skreaun yn tagonklike, deistige taal en mei each foar moaie, follesizzende details.” “Sa'n dreech ûnderwerp sa goed en net-patetysk beskriuwe is hiel knap.”
17,50
Lekker eigenwiis (Hardback)
Lekker eigenwiis (Hardback)
Bisto wolris eigenwiis? En dan ek echt LEKKER eigenwiis? Datst tinkst: sa is it en net oars, en wat oaren tinke moatte se sels mar witte! Dit boek stiet fol ferhalen dy't dwers tsjin alles yngeane. Lês oer bern dy't tinke dat se it better witte as grutte minsken en oer in eamel dy't hast oan syn ein komt troch syn eigenwizens. Bisto te eigenwiis om dit boek te lêzen? Dat is spitich foar dy! Rinst grappige ferhalen mis dy't dyn eigenwiisheid prikelje kinne! Mar ja, ast dêr sels te eigenwiis foar bist…
14,95
FC Nostalgia (Paperback)
FC Nostalgia (Paperback)
It like as moast Romke Toering yn sân hasten in punt achter it libben sette. En wat dogge jo dan mei de tiid dy't der noch is? Romke pakte de pinne op en begûn te skriuwen dat it sta sei: koarte en langere ferhaaltsjes, gedichtsjes somtiden, in oade oan heit en mem, pakes en beppes, de bakker, de buorlju en al dy oaren dy't meielkoar de mienskip foarmen yn syn bertedoarp Easterlittens. In berneboek foar âlderen, mei in protte foto's út in tiid dy't west hast. Bylden yn wurden fongen. Werkenber foar minsken út de greidhoeke, mar ek fier dêrbûten. 'Deis in pear oerkes omdolle yn in Greidhoekster ferline, as in punt achter it libben wie gjin straf. In emosjoneel Doel en Treast.' Romke Toering (1947) wie akteur, regisseur, oersetter en skriuwer fan Fryske toanielstikken, û.o. by Tryater en it iepenloftspul fan Jorwert. Yn 1987 krige er de Obe Postmapriis foar syn oersettingen nei it Frysk fan toanielstikken foar Tryater út 1984-1986. Yn 2003 ûntfong er de Fedde en Martha Bergsmapriis foar
24,50
Koartsluting (Paperback)
Koartsluting (Paperback)
Harry Stobbe docht oars net mear as lige tsjin syn mem. Hy hat jild liend en dat jild hat er fergokt yn it kasino. No moat er fytsen stelle foar Sjors. Harry wennet yn Ljouwert. Yn in tunneltsje ûnder de rûnwei komt er yn kontakt mei Yfke Jorritsma fan de hifi-shop. Ynienen wit er in oare manier om fan syn skuld ôf te kommen... Harry rekket betize yn syn eigen leagens en dat soarget foar koartsluting yn de ferhâlding mei syn mem. En dan is Jurre der noch, klassegenoat fan Yfke, dy't ferlyfd op har is. Hoe moat er har dat dúdlik meitsje? Geandewei reitsje de ferhaallinen fan Harry en Jurre mei elkoar ferbûn. Akky van der Veer skreau Koartsluting yn opdracht fan it Provinsjaal Enerzjybedriuw Fryslân by gelegenheid fan syn 75-jierrich bestean. It ferskynde yn 1991 yn ien bân mei Hoogspanning fan Jan Terlouw. Dizze werútjefte is neffens de earste, sûnder de yllustraasjes. It ferhaal fan Harry Stobbe is meinimmend en aktueel. K. Dantuma yn Frysk en Frij It binne libbene persoanen dy't Van
13,95
De achttjin (Paperback)
De achttjin (Paperback)
Praag 1969. Jan Palach hat himsels yn brân stutsen as protest tsjin de Russyske besetting fan Tsjecho-Slowakije. It Politburo yn Praach moat soargje dat de skea dy't sa tabrocht wurdt oan it stalinisme, beheind bliuwt. Mar hoe bliuwt it Politburo in ienheid? In roman oer krityk, keuzes meitsje en de gefolgen dy't dat hawwe kin. Net allinnich foar jo sels. "Alhoewol't er mei de rêch nei my ta stie, wist ik dat er it wie: de man dy't my al in moai skoft dwaande hâlde. It wie syn hâlding, de opfallende yntensivens dy't my ek de earste kear al rekke. Hy koe net witte dat if foar my mear wie as in gelokkich tafal dat wy op itselde momint foar de Guernica stienen" "De Achttjin fan Aggie van der Meer is ien fan de nijsgjirrichste romans dy't ik yn it Frysk lêzen ha. Dat leit oan it sintrale gegeven: de ferantwurdelikheid fan it yndividu foar it kollektyf, mar ek foar syn eigen idealen oer. Mar it leit likegoed oan de literêre wize sa't Van der Meer it ferhaal staljûn hat. De skriuwstyl is sa
13,50

Klanten-reviews van Ik wurd mem! (Hardback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Ik wurd mem! (Hardback)

Productomschrijving

Lokwinske! De wurdst mem! Hoe reagearre dyn omjouwing op dat nijs? Wat hast as earste foar de poppe kocht en hoe sjochst tsjin de befalling oan? Yn dit swangerskipsdeiboekje is romte om dyn eigen erfarings op te skriuwen. In moai oantinken foar letter.

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    Brand
    Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.