Hupsakee en oare ferhalen

0
'Yn in foarich libben haw ik in grut seeman west,' sei omke. Neffens muoike wie dat lichtsinnich praat. En doe't wy omke mei de kloet dwaande seagen... Friestalig...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Dreaun fan ierde' dream (Hardback)
Dreaun fan ierde' dream (Hardback)
It libben fan Obe Postma hat ryk west. Hy hold him yntinsyf dwaande mei sokke ferskillende dingen as de wis- en natuerwittenskippen, de filosofy en de psychology, de dichtkeunst, de skiednis en it ûnderwiis. Syn wittenskiplik wurk is ynbêde yn ynternasjonale ferbannen. Syn dichtwurk jout sicht op ynfloedrike poëzy. Hy hat syn besibbens mei de grutte tinkers en dichters fan syn tiid herkend, har lêzen en ferarbeide, en mear as ien en twa wrâldferneamde Nederlânske gelearden hat er persoanlik kend. Yn de poëzy hawwe Rilke, Emily Dickinson en de klassike Sineeske dichters him tige nei lein. Tsjinstellingen wiene der ek. Hy hong oan it libben, woe lokkich wêze en diel útmeitsje fan in ienheid, mar wie folslein in man op himsels. By alle geleardheid is de grûntoan fan syn bestean mankelikens en syn libben is tekene troch ûnrêst en begearen. It wie in dreaun man. Hy moast wurkje, hy koe net oars. Oan de ein fan syn libben sei er: 'Mar ik haw dien wat ik moast' en dêr bedoelde er mei dat er
35,-
Rêdbâd (Paperback)
Rêdbâd (Paperback)
“Nea en te ninter hat de skiednis in kening lykas Rêdbâd kend, en syn namme is grut ûnder de himel. Doch wie it in minske lykas alle oaren. En ik, Hadagrim, soan fan Egisgar - mar ek Raven, namme fan Rêdbâd my jûn - sil it libben fan Rêdbâd Kening boekstaverje, alle pryslike en dappere dieden; mar ek de setten dêr't ik it nea mei lykfine kinnen haw. Sa't it west hat, sil it beskreaun wurde, ek myn eigen part yn de histoarje fan ús lân. En dat part is, lykas Rêdbâd sines, net allinne mar ynfieren en fan rom oergetten. Ferwis, no't ik tebek sjoch op it libben, benearje my de tsjustere en ferhoalen dieden. Yn dit geskrift wol ik ek dêr rekkenskip fan jaan.” Hadagrim is de ferteller yn de roman Rêdbâd - Kening fan 'e Friezen. Willem Schoorstra (1959) set it heldhaftige libben fan de meast legindaryske kening en syn tiid del yn masterlike styl. Syn eardere romans, Swarte Ingels (2004, bekroand mei de Fedde Schurerpriis), De ôfrekken (2007), Pier - de profesij fan bline Simen (2015) en De
22,95
It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen (Paperback)
It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen (Paperback)
It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen is in samling gedichten en koarte ferhalen. It is proaza en poëzy oer it deistige libben, mar mei in flinke knypeach. Fleurige ferhalen en oertinkingen, fan 'De hûnen fan Barry Hay' oant 'De Hooliganbus' en de absurdistyske gedichten 'By de kofje-automaat'. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer. Freddie Scheltema (Easterein, 1960) skriuwt yn it Nederlânsk, mar foaral yn it Frysk. Yn syn tiid op de middelbere skoalle hie er graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen foar syn boekelist. Dêrom begûn hy yn 2010 sels mei skriuwen.
12,50
Jan Frearks van der Bij - keunstner tusken berop en ropping (Hardback)
Jan Frearks van der Bij - keunstner tusken berop en ropping (Hardback)
Jan Frearks van der Bij (1922-2013) wie foarbeskikt om by syn heit, dy't hússkilder wie, yn it wurk. It foarútsjoch in libben lang kezinen te striken, noaske him lykwols net: syn talinten leine earne oars. Fan jongs ôf oan tekene en skildere er al. Noch yn de oarlochsjierren slagge er oan in baan as reklametekener. Tegearre mei syn sweager Pier Feddema folge er lessen by Herman Dijkstra yn Grins, dêr't er yn 'e kunde kaam mei Klaas Koopmans, Jaap Rusticus en Sjoerd Huizinga. Mei har fiven foarmen se de skildersgroep Yn 'e line. Yn de jierren '50 ûntwurp Van der Bij neist syn baan in grut tal boekomslaggen en mozaiken. Doe't der in ein kaam oan syn wurk by it reklameburo, waard er tekenlearaar. De earste helte fan de jierren santich kaam dêrtroch fan skilderjen net folle. Nei syn pensjoen koe er wer los, en hie er sukses mei tal fan eksposysjes. Mei de mozaiken, syn boekomslaggen en benammen mei syn lânskippen dêr't er Fryslân mei typearret, nimt er in wichtich plak yn de Fryske
25,-
In oare wei (Paperback)
In oare wei (Paperback)
Op in dei, as Willemien op har wurk dwaande is mei in folder, giet it net sa't se wol. Se makket in protte flaters mei typen en de tekstyndieling giet ek hielendal ferkeard. Letter hat se muoite mei it autoriden en thús rint se iderkear by de doar op. Har sicht wurdt hieltyd minder en se wurdt der bang fan. De húsdokter stjoert har troch nei it sikenhûs en fia de eachdokter komt se by de neurolooch terjochte. En dan docht bliken, dat se twa harsenynfarkten hân hat. Binnen in tiidsbestek fan twa jier krijt se in oare diagnoaze: MS. Willemien fertelt hoe't har libben hjirtroch folslein feroare is. Doe pas is se begûn, har erfaringen fan eartiids te ferwurkjen. Se nimt de lêzer mei troch har libben en fertelt û.o. oer har skieding en de swierrichheden by it grutbringen fan har bern. Mar ek oer har syktocht om sa sûn mooglik te bliuwen en oer de tiid dat sy folle bewuster begûn te libjen. It wie in drege wei, mar se hat der in hiel protte fan leard. Troch har ferhaal te fertellen yn dit
19,50
De heit (Paperback)
De heit (Paperback)
Maart is dûbeld bysûnder, betink ik. Se is om lilk op te wurden en tagelyk om te aaien, se is en gek en leaf, je wolle har straffe en oankrûpe tagelyk, alle kearen ferbetterje mar ek hieltyd graach leauwe wat se seit. Se is bytiden sawol in gefaarlik fjoer as in amerfol kâld wetter. Ald-resjersjeur Ale Alema is twa moanne mei pensjoen en kin mar net wenne oan syn tefolle oan lege tiid. En dan bellet Maart. Beke Maart den Backer is in freondinne fan Ale syn ferstoarne frou Els en in krûdfet fol tsjinstellingen. 'It Mystearje Maart' sei syn Els altyd. Fiifentritich jier lyn liet se har man en beide bern samar efter doe't se nei Austraalje ôfsette. Wêrom is Maart werom en wat wol se fan Ale? Maart komt mei in roukaart oansetten. De datum stiet al fêst: 16 septimber. It hellet it o sa rêstich libben fan Ale fan de iene op 'e oare dei folslein oer de kop. Dit is it sânde boek yn in rige flotte en fermaaklike plysjeromans fan Jan Schokker mei Ale Alema yn de haadrol. Jan Schokker is yn 1952
19,95
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen is in samling fan koarte ferhalen. It binne observaasjes fan gewoane, bysûndere minsken. Faak om te laitsjen, somtiden emosjoneel, mar o sa werkenber. Sa binne der de aventoeren fan it duo The Melody Brothers, dat yn kafees en feesttinten spile en it ferslach oer de sterilisaasje fan Wander de Groot yn 'Kastraasje'. Mar ek de oandwaanlike ferhalen fan fjouwer leden fan húshâlding Zonderland oer 'De skieding' en it ferhaal fan pensionado Jehannes van der Heide dy't as tiidferdriuw grêfstiennen skjinmakket. Santjin ferhalen oer freonskip, leafde en ferlies, mar wol mei in flinke doasis humor. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer. Freddie Scheltema (Easterein, 1960) hie yn syn tiid op de middelbere skoalle graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen foar syn boekelist. Dêrom begûn hy sels mei skriuwen. Earder ferskynde fan syn hân de bondel It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen.
14,90
It libben en de opfettingen fan de hear Tristram Shandy (Paperback)
It libben en de opfettingen fan de hear Tristram Shandy (Paperback)
The Life and Opinions of Tristram Shandy, Gentleman, koartwei Tristram Shandy, fan Laurence Sterne (1713-1768), ferskynde yn njoggen frij koarte delen, twa yn 1759 en de rest ferspraat oer de sân folgjende jierren. It boek is neffens de namme in biografy fan Tristram Shandy, mar is yn werklikheid ien opienfolging fan sydpaden, omballingen en oare healwizichheden, dy't it boek ta miskien wol de aldernuverste roman yn de wrâldliteratuer meitsje. Der is wol ris oer opmurken dat it in post-moderne roman is - en dat yn de jierren '60 fan de 18de iuw! De grap is dus dat it ferhaal fan it libben fan de held net rjuchtút-rjuchtoan ferteld wurdt - troch al dy sydpaden en omballingen foar en nei wurdt de geboarte fan de held pas yn deel III beskreaun. Elk ûnderwerp jout oanlieding ta in sydpaad en alle soarten fan fierdere omballingen: sa beteart it bij it oansetten fan it bern Tristram daalk al net helendal goed, omdat op it beslissend momint de takomstige mem freget oft de heit de klok wol
34,95

Klanten-reviews van Hupsakee en oare ferhalen

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Hupsakee en oare ferhalen

Productomschrijving

'Yn in foarich libben haw ik in grut seeman west,' sei omke. Neffens muoike wie dat lichtsinnich praat. En doe't wy omke mei de kloet dwaande seagen... Friestalig

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    EAN
    9789461499608
    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.