Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K in Babyboekjes

Hoi, Stip! (Paperback)

0
Dit lytse boekje kin oan de buggy hingje en ûnderweis foar in protte wille soargje....

Verkopers met dit product

Webshop
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Nieuw
De groep fan juf Pyt (Hardback)
De groep fan juf Pyt (Hardback)
Basisskoalle De Reinbôge hat it nije juf, se hjit Pytrikje. 'Dêr rekket ús tonge fan yn 'e knoop. Dus wy neame har juf Pyt.' Alle ferhalen yn dit boek spylje op skoalle. Sa lêst oer in robot dy't prate kin, oer picknicken op de flier fan it lokaal, oer in ferfelende mich dy't hieltyd tsjin it boerd fljocht en noch folle mear. Mar wat noch moaier is: dit boek lêst net allinnich. It is in teäterlêsboek dêr'tst mei-inoar út foarlêst. In soad wille mei dy grappige juf Pyt en har drokke, stoere, kreative, tûke groep! Mei-inoar tëaterlêze is mei in ploechje foarlêze oan in publyk. Do lêst tegearre foar mei in maat of freondintsje, mei mem of heit of mei bern út dyn groep. Of miskien wol pake of beppe wol meidwaan! By tëaterlêzen lêst foar mei it boek yn de hân. Hoechst gjin spesjale klean oan te lûken, of in achtergrûn te hawwen. It iennichste datst nedich hast, is dyn stim en in publyk fansels. Ferjit net nei ôfrin djip te bûgen. It applaus is foar dy!
14,95
Nieuw
De twadde hud (Paperback)
De twadde hud (Paperback)
Elske hat in opstannige dochter, in man dy 't nei in ûngeluk de moed opjûn hat, mar dochs docht se har bêst om wat fan har libben te meitsjen. Lykwols, djip yn harsels heakket der wat. Se tinkt dat in lytse poppe har libben kompleet meitsje sil, mar dat kin net mei Sjoerd, dy is ûnfruchtber. Se sit sa fol fan har bernewinsk, dat se op in stuit yn beskonken tastân in drastysk beslút nimt. Mar de keardel dy't se útsiket om har dream útkomme te litten, foldocht likemin oan har winsk. Se hat sa'n spyt fan har domdrystens dat se har djip skammet. De jûns foar de merke set se him oan 'e dyk, mar dêr is hy it net mei iens. Sjoerd docht ûnderwilens hieltyd mear syn bêst om yndruk op har te meitsjen en it liket wol oft se wer wat nei-elkoar ta groeie. En dan stiet dy âlde, bekende karavan op it merketerrein. Oantinkens fan mear as tweintich jier lyn komme yn alle fûlens nei boppen. Unferwachts stiet se each yn each mei Ronny. De grins tusken froeger en no is ynienen fuort. Wêrom is er samar wer
21,50
Nieuw
Tsien fan Hylkje (Paperback)
Tsien fan Hylkje (Paperback)
De bondels mei koarte ferhalen fan Hykje Goïnga (1930 - 2000) binne al lang útferkocht. Foar titels as Twa dames yn in DAF, Thús is de Maggi op en In superman fersûpt net wienen destiids in protte lêzers. De "Martha-aventoeren", fol nuveraardige situaasjes en brike setten, binne fan alle tiden. Hylkje Goïnga wurdt wolris fergelike mei de Ingelske skriuwer Roald Dahl. Krekt as Dahl hat se der aardichheid oan om it ûnwierskynlike as deagewoan foar te stellen. De lêzer wurdt geregeld op ' e ferkearde foet setten omdat de ferhalen oan de ein faak in hiel ûnferwachte, soms absurde draai meitsje. Op fersyk fan Thys Wadman hat Douwe Kootstra de opdracht krigen om "tsien fan Hylkje" út te sykjen. Net dé tsien fan Hylkje. Nee, gewoan tsien ferhalen dy't karakteristyk binne foar har wurk: koart om 'e hoeke, humoristysk en bysûnder.
7,50
Nieuw
FC Nostalgia (Paperback)
FC Nostalgia (Paperback)
It like as moast Romke Toering yn sân hasten in punt achter it libben sette. En wat dogge jo dan mei de tiid dy't der noch is? Romke pakte de pinne op en begûn te skriuwen dat it sta sei: koarte en langere ferhaaltsjes, gedichtsjes somtiden, in oade oan heit en mem, pakes en beppes, de bakker, de buorlju en al dy oaren dy't meielkoar de mienskip foarmen yn syn bertedoarp Easterlittens. In berneboek foar âlderen, mei in protte foto's út in tiid dy't west hast. Bylden yn wurden fongen. Werkenber foar minsken út de greidhoeke, mar ek fier dêrbûten. 'Deis in pear oerkes omdolle yn in Greidhoekster ferline, as in punt achter it libben wie gjin straf. In emosjoneel Doel en Treast.' Romke Toering (1947) wie akteur, regisseur, oersetter en skriuwer fan Fryske toanielstikken, û.o. by Tryater en it iepenloftspul fan Jorwert. Yn 1987 krige er de Obe Postmapriis foar syn oersettingen nei it Frysk fan toanielstikken foar Tryater út 1984-1986. Yn 2003 ûntfong er de Fedde en Martha Bergsmapriis foar
24,50
Nieuw
De achttjin (Paperback)
De achttjin (Paperback)
Praag 1969. Jan Palach hat himsels yn brân stutsen as protest tsjin de Russyske besetting fan Tsjecho-Slowakije. It Politburo yn Praach moat soargje dat de skea dy't sa tabrocht wurdt oan it stalinisme, beheind bliuwt. Mar hoe bliuwt it Politburo in ienheid? In roman oer krityk, keuzes meitsje en de gefolgen dy't dat hawwe kin. Net allinnich foar jo sels. "Alhoewol't er mei de rêch nei my ta stie, wist ik dat er it wie: de man dy't my al in moai skoft dwaande hâlde. It wie syn hâlding, de opfallende yntensivens dy't my ek de earste kear al rekke. Hy koe net witte dat if foar my mear wie as in gelokkich tafal dat wy op itselde momint foar de Guernica stienen" "De Achttjin fan Aggie van der Meer is ien fan de nijsgjirrichste romans dy't ik yn it Frysk lêzen ha. Dat leit oan it sintrale gegeven: de ferantwurdelikheid fan it yndividu foar it kollektyf, mar ek foar syn eigen idealen oer. Mar it leit likegoed oan de literêre wize sa't Van der Meer it ferhaal staljûn hat. De skriuwstyl is sa
13,50
Nieuw
Frisum Trilogy (Paperback)
Frisum Trilogy (Paperback)
Yn dizze trilogy binne de trije boeken fan Hilda Talsma oer it doarp Frisum bondele. It earste diel, De twadde hûd, begjint mei it ferhaal fan Elske, dy't tinkt dat in lytse poppe har libben kompleet meitsje sil. Dat kin lykwols net mei har man Sjoerd, want dy is ûnfruchtber. En dan stiet dy bekende âlde karavan op it merketerrein, mei har jeugdleafde Ronny. Yn it twadde diel, Flammen, is Elske dwaande mei de tariedings foar har houlik. Yn in opstiging freget se Betty om har tsjûge te wêzen. Dêr spuit har famylje raar guod fan, fanwege Betty har reputaasje yn it doarp. It wurdt yn mear as ien opsicht in ûnferjitlike dei. Yn it tredde diel, It geloksbern, stiet Betty sintraal. As Betty nei in lang ferbliuw yn it sikehûs wer thúskomt, wol se earst neat fan har freon Evert en dochter Ymkje witte. Elske besiket har wat op te fleurjen en ek har oare freonen dogge der alles oan om har te helpen. Betty begjint pas echt op te libjen as se tegearre mei har âlde leafde Hindrik in konsert fan De
24,50
Nieuw
Wat in koffer seit (Paperback)
Wat in koffer seit (Paperback)
k bin in lytse koffer út Frankfurt am Main en ik sykje myn baas, wêr is er toch tein? As de muorren prate koene, de muorren fan Theresienstadt… Mar muorren hâlde har net ivich en altyd stil. Tanksij Ilse Weber (1903-1944) witte wy wat se sein hawwe, sy hat de muorren harren ferhaal dwaan litten. Ilse liet as dichter sels in koffer prate, like ûnwennich fan minsken as elkenien yn in roetswarte oarloch. Ilse Weber, dy't as nachtsuster yn it bernesikehûs yn Theresienstadt altyd in sniewite skelk droech, waard in lytse stjer, sûnder it te witten of op stjerredom út te wêzen. Ljocht of tsjuster: dichters hawwe oeral wurden. Want it swijen hie it alderlêste west. Ilse Weber wie in Joadske frou fan Dútsk-Tsjechyske ôfkomst. Sy skreau berneboeken, harkspullen en prachtige gedichten. De Dútsktalige gedichten dy't se yn it geheim skreau yn it modelgetto Theresienstadt, wiene foar in protte finzenen in beaken fan hoop. Yn de ynlieding fan de bondel sketst Inez Timmer yn it koart it libbensferhaal
12,50
Nieuw
De Ljip (Paperback)
De Ljip (Paperback)
De Ljip is noch altiten in ikoansoart foar ús hiele lân. Yn it foarjier spektakulêr fanwege syn opfallende natuerlike gedrach en fanwege de aaien, wêroer elk jier wol wat te dwaan is. Yn hjerst en mylde winter net te missen fanwege de kolossale groepen ynlânske mar benammen ek bûtenlânske ljippen . De Ljip hat ek in wichtige rol spile hat yn ús nasjonale histoarje fan natoerbeskerming. In protte minsken fan it earste oere waarden natoerbeskermer omdat se oanstutsen waarden troch harren moeting mei de Ljip en de Skries. Gjin inkelde oare fûgel hat sa'n sintrale rol spile yn in model fan greidefûgelbeskerming. In unike dûbelrol yn in unyk systeem. Oan de iene kant yn de rol fan slachtoffer, fan eksploitearre soart, fan wa't de aaien socht en fandele waarden, mar oan de oare kant as de ûntfanger fan de beskerming. De Ljip, of presizer noch: it ljipaai, wie de spil yn dat gehiel. Auteur Sake P. Roodbergen (1945) wie learaar Ingelsk en Biology. Ingelsk op basis fan in MÛ-akte, Biology
19,95
Nieuw
De lytse prins (Paperback)
De lytse prins (Paperback)
De Lytse Prins is in modern mearke en in boek foar jong en âld. In piloat makket in needlanning yn 'e Sahara en treft dêr de lytse prins, dy't him wûnderlike en wize ferhalen fertelt... -Farwol, sei de foks. Dit is myn geheim. It is tige simpel: kinst it bêste sjen mei it hert. Dêr't it om giet, dat is mei de eagen net te sjen. -Dêr't it om giet, dat is mei de eagen net te sjen, sei de lytse prins it him nei, om it te ûnthâlden. De auteur, Antoine de Saint-Exupéry, dy't ek de prachtige yllustraasjes makke, wie piloat en yn tsjinst fan 'e alliearden. Hy skreau De Lytse Prins yn it oarlochsjier 1943. In jier letter kaam er om doe't syn fleantúch op in ferkenningsflecht delhelle waard. It boek is al yn withoefolle talen oerset en heart ta de klassiken fan 'e wrâldliteratuer. Dizze útjefte, in oersetting fan Jacobus Quiryn Smink, ferskynde yn 1998 foar it earst yn it Frysk by de Koperative Utjowerij yn Boalsert. Dit is in yntegrale werútjefte fan dy publikaasje.
18,95
Nieuw
Sipke komt op stoom (Hardback)
Sipke komt op stoom (Hardback)
Er is werk aan de winkel voor de kleine spitsmuis Sipke en zijn opa: het is hoogwater in Fryslân, dus het Woudagemaal moet worden aangezet om het water weg te pompen. Opa Spitsmuis weet gelukkig precies hoe het stoomgemaal werkt. Maar… het pompen komt maar niet op gang! Waar kan dat nou aan liggen? Sipke gaat op onderzoek uit. Der is wurk oan 'e winkel foar lytse pipermûs Sipke en syn pake: it is heechwetter yn Fryslân en dêrom moat it Woudagemaal oansetten wurde om it wetter fuort te pompen. Pake Pipermûs wit gelokkich presys hoe't it stoomgemaal wurket. Mar… it pompen komt mar net op gong! Wêr kin dat no oan lizze? Sipke giet op ûndersyk út.
9,99

Klanten-reviews van Hoi, Stip! (Paperback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Hoi, Stip! (Paperback)

Productomschrijving

Dit lytse boekje kin oan de buggy hingje en ûnderweis foar in protte wille soargje.

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
Brand
Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Verken gerelateerde categorieën

Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.