Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K in Kinderboeken

Hoe is it yn de romte? (Hardback)

0
Watst altyd al witte woest oer de romte. Hoe is it eins yn de romte? Hoe komst dêr en wêr kinst hinne? Wat dogge astronauten de hiele dei? Kinne wy libje op Mars? Hoe kin ik astronaut wurde? Dat en noch folle mear kinst lêze yn dit prachtige yllustrearre boek, de antwurden fynst achter de flapkes....

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Fryslân yn de Gouden Iuw (Hardback)
Fryslân yn de Gouden Iuw (Hardback)
Hoe seach Fryslân der yn de Gouden Iuw út? Wat hat tusken 1585 en 1685 it ûnderskiedende west fan Fryslân binnen de Republyk? Fryslân ûnderskiede him fan de oare gewesten troch in eigen steedhâlder, in bloeiende akademy en troch in taal. Lju út de boargerij koenen foar it earst in foarnaam plak fine yn de maatskippij en waarden sa diel fan de regintemacht. In nije, ûnôfhinklike steatsfoarm koe opboud wurde. Mar om 1620-1630 hinne waard yn reginterûnten eigenbelang boppe publyk belang steld en de ekonomyske efterútgong fan 1650 ôf makke dat doe in iuwen duorjende statyske stannemaatskippij ûntstie. De Gouden Iuw wie foar Fryslân in bloeiperioade dy't noait mear neifolging krige. Philippus Breuker (1939) hat meiwurker fan de Fryske Akademy west en heechlearaar oan de universiteiten fan Leiden en Amsterdam. Hy publisearret oer skiednis, letterkunde en lânskip fan Fryslân.
49,90
De skilders fan it Fryske lân (Hardback)
De skilders fan it Fryske lân (Hardback)
Hoe hawwe keunstners it Fryske boerelibben en it plattelân troch de iuwen hinne op doek en papier útbylde? Yn dit boek binne keunstwurken fan it Fryske plattelânslibben byinoar brocht, dêr 't de boer, it lânskip, de bisten en de bedriuwsgebouwen yn beljochte wurde. Al dy wurken mei-inoar litte in grut ferskaat yn keunstútdrukkings sjen: fan realistysk, figuratyf, ympresjonistysk, ekspresjonistysk, fynskilderwurk en naïve keunst oant abstrakt. Kwa technyk is der ek in grutte fariaasje te sjen: fan tekening, print, ets, gûache en akwarel oant oaljeferve en akryl. Oan keunstners is it in bûnte mjuks fan grutte en lytse nammen, bekend en ûnbekend, guont profesjoneel wurkjend fia fêste regels, oaren út drang en hobby wei, yn naïve styl. Se diele in mienskiplik skaaimerk: de leafde foar harren omjouwing en de minsken, bisten en gebouwen dy't dêryn letterlik figurearje. De skilders fan it Fryske lân is ûnderdiel fan de rige Keunstnerskoloanjes yn Nederlân. Oer de skiuwer Henk Dijkstra wie
27,95
It neidiel fan 'e twivel (Paperback)
It neidiel fan 'e twivel (Paperback)
Bas hat al it ien en oar meimakke as er nei Italië giet foar in útwikselingsprojekt fan skoalle. Hy hat it dêr prima nei 't sin en wurdt al gau fereale op de mysterieuze Julia. Mar dan grypt it coronafirus om him hinne en de bûtenlânske studinten moatte daliks op it fleantúch nei hûs. Mar kin Bas syn grutte leafde sa achterlitte, krekt no't se har geheimen oan him ferteld hat? En hoe sit it eins mei syn eigen ferline? It neidiel fan 'e twivel is de twadde jeugdroman fan I.E. Bloem, dy't yn 2020 debutearre mei Eudaimoania. Sjoch hjir foar in ynterview yn it Friesch Dagblad: https://frieschdagblad.nl/cultuur/Schrijver-I.E.-Bloem-%E2%80%98De-Fryske-taal-is-te-moai-om-foar-de-jongerein-lizze-te-litten%E2%80%99-26806122.html
16,95
De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer (Hardback)
De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer (Hardback)
Melle en syn famylje binne op fakânsje yn 'e Alpen. Midden yn 'e nacht wurdt Melle syn suske Limoni yn panyk wekker. Wêr is har rêchtas? En noch wichtiger, wêr is har eigen Goargel, Belia? Dat is it begjin fan in superspannend aventoer wêryn't it spoar liedt nei de gletsjer, dy't stadich begjint te ranen no't it waarmer wurdt. Melle, Bobba en Limoni komme yn 'e kunde mei Murmeltieren, rôffûgels, Berchgoargels en Koarrepûsters. Se wurde holpen troch Katja, dy't alles wit oer de gefaren fan 'e bergen … In op syn minst like spannend en fantasyryk aventoer as De Goargels. Fan komyk Jochem Myjer. Yllustrearre troch Rick de Haas, bekend fan Mees Kees én fansels De Goargels! Jochem Myjer is ien fan de grutste en meast populêre komiken. Hy stiet foar útferkochte sealen, oan 'e nok ta fol mei jong en âld. No ek bekend as skriuwer fan De Goargels!
18,99

Klanten-reviews van Hoe is it yn de romte? (Hardback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Hoe is it yn de romte? (Hardback)

Productomschrijving

Watst altyd al witte woest oer de romte. Hoe is it eins yn de romte? Hoe komst dêr en wêr kinst hinne? Wat dogge astronauten de hiele dei? Kinne wy libje op Mars? Hoe kin ik astronaut wurde? Dat en noch folle mear kinst lêze yn dit prachtige yllustrearre boek, de antwurden fynst achter de flapkes.

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    Brand
    Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.