Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K in Kinderboeken

Hâldsto altyd fan my? (Hardback)

0
Lytse Bear makket him soargen. Hy is net altyd leaf. Sil mem dan noch wol fan him hâlde? Wat as er alles stikken makket? Wat as mem der net mear wêze soe? Mar memmeleafde is sterk en hy ûntdekt: neat sil dat feroarje. Noait! Frysk, printeboek, ynbûn, 28 siden, útjouwerij Afûk...

Verkopers met dit product

Webshop
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Nieuw
De lytse prins (Paperback)
De lytse prins (Paperback)
De Lytse Prins is in modern mearke en in boek foar jong en âld. In piloat makket in needlanning yn 'e Sahara en treft dêr de lytse prins, dy't him wûnderlike en wize ferhalen fertelt... -Farwol, sei de foks. Dit is myn geheim. It is tige simpel: kinst it bêste sjen mei it hert. Dêr't it om giet, dat is mei de eagen net te sjen. -Dêr't it om giet, dat is mei de eagen net te sjen, sei de lytse prins it him nei, om it te ûnthâlden. De auteur, Antoine de Saint-Exupéry, dy't ek de prachtige yllustraasjes makke, wie piloat en yn tsjinst fan 'e alliearden. Hy skreau De Lytse Prins yn it oarlochsjier 1943. In jier letter kaam er om doe't syn fleantúch op in ferkenningsflecht delhelle waard. It boek is al yn withoefolle talen oerset en heart ta de klassiken fan 'e wrâldliteratuer. Dizze útjefte, in oersetting fan Jacobus Quiryn Smink, ferskynde yn 1998 foar it earst yn it Frysk by de Koperative Utjowerij yn Boalsert. Dit is in yntegrale werútjefte fan dy publikaasje.
18,95
Jeltsje fan Ieme tou (Paperback)
Jeltsje fan Ieme tou (Paperback)
Jeltsje wurdt troch har heit Ieme besteld by boer Hessel Brandsma. Ieme hat as bynamme 'tou', fanwege de negoasje fan allegear guod dêr't hy mei by de doarren lâns sutelet. It is skraabjen om 'e kant en hy kin de fertsjinst fan Jeltsje skoan brûke. Mar dan komt boer Brandsma Jeltsje tenei nei in jûn fan ôfwaaid praat en dat bliuwt net sûnder gefolgen. Brandsma soarget derfoar dat Jeltsje de oerstek nei Kanada makket, tegearre mei Ike Molenaar, dy't tinkt dat it berntsje fan him is. Jeltsje ûntsnapt hjirmei oan in libben fan wrotten en earmoede, mar it libben yn de frjemdte is ek net maklik. It boek begjint mei de besite fan dizze soan, Klaas, oan Brandsma, as dy al op leeftyd is. Doarpsgenoaten werkenne yn him it stal fan de Brandsma's en hy moat ek oan syn soan Wybrand tajaan dat er safolle jierren lyn in misstap makke hat. De famylje tinkt dat Klaas op de pleats of op jild út is en se ha gjin idee fan de wei dy't Jeltsje mei har húshâlding ôflein hat. Sa leart hy syn famylje goed
19,50
Nieuw
Karlsson fan it dak (Hardback)
Karlsson fan it dak (Hardback)
It komt net sa faak foar dat der lytse, dikke mantsjes mei propellers op 'e rêch en in startknopke op 'e búk boppe op it dak wenje. Karlsson is sa'n mantsje. En Erik ken net ien dy't sa goed streken úthelje kin as Karlsson fan it dak. Dat rint fansels net altyd goed ôf. Mar wa leaut him no, as er seit dat Karlsson fan it dak it dien hat? Ien ding is wis: as Karlsson yn 'e buert is, hoechst dy noait te ferfelen! Astrid Lindgrens skriuwerskarriêre begûn eins op de dei dat har dochterke Karin frege om in ferhaal; in ferhaal oer Pippi Langkous. Dêrnei skreau se mear as 20 boeken, dy't oer de hiele wrâld lêzen en wer lêzen wurde. Yn Nederlân wûn Astrid Lindgren trije kear de Zilveren Griffel en yn 2002 waard der in ynternasjonale berneboekepriis nei har neamd: de Astrid Lindgren memorial Award. Dizze bekroaning is de grutste priis yn de berneboekewrâld!
13,50
Nieuw
Sake ûntdekt in wûndereilân (Hardback)
Sake ûntdekt in wûndereilân (Hardback)
'Ferfele is sá ferfelend,' flústeret Sake foar him út. Hy skopt yn 'e skulpen om. Hy sleept der kear op kear mei syn hakke trochhinne wêrtroch in hiel spoar ûntstiet. 'Wat as…' seit Sake. 'Wat as wat?' freget mem. 'Wat as ik mem har flochkamera brûke mei? Dan geane RJ en ik op aventoer, en wy meitsje ús eigen ferhaal'. 'Sa mei ik it hearre!' seit mem. Se jout Sake de kamera, want mei in bytsje fantasy kin alles. It aventoer kin begjinne… Sake ûntdekt in wûndereilân is it debút fan kreative tûzenpoat Tjits van der Wal, bekend fan Tjitsfloch dat sûnt 2020 útstjoerd wurdt troch Omrop Fryslân.
14,95
Wyn fan feroaring (Paperback)
Wyn fan feroaring (Paperback)
Johanna Kamstra is in jonge húsdokter dy 't sa op it each it perfekte libben hat. Har pasjinten binne wiis mei har, se is ferloofd mei gynaekolooch Joost en wennet yn in prachtige filla oan 'e râne fan Ljouwert. Dochs hat se altyd it gefoel dat se tekoart sjit en net past yn har omjouwing. Se hat al jierren gjin kontakt mear mei har âlden, dy 't der mar wat hinne libje. De ienige fan har famylje dêr 't se har by thús fielt is omke Hannes. Mei him en har neef Ate gong se as jongfaam altyd op sylfekânsje. As omke komt te ferstjerren moat Johanna wol kontakt sykje mei har heit en mem en sjocht se har famylje foar it earst yn jierren werom. Ek Ate. It testamint fan Hannes set it libben fan de famylje Kamstra folslein op 'e kop. Se moatte mei elkoar in kasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. De ynset: it foarstlik neilittenskip fan Hannes... Mei Wyn fan feroaring skriuwt Hilda Talsma de earste echte skûtsjeroman. Fris en tagongklik, mei 'it brûs foar
22,50
Wyn fan de winners (Paperback)
Wyn fan de winners (Paperback)
Wyn fan de winners is it tredde en lêste diel fan de Wyntrilogy. De famylje Kamstra sil besykje om wer yn 'e grutte A-klasse te kommen, mar Ate hat der klauwen oan om alles yn goede banen te lieden. Johanna hat oare prioriteiten no't se mem is, en mei de Onnie's yn it fermidden witte je noait hoe't de wyn waait. De leafde tusken Roos en Joost wurdt swier op 'e proef steld en de nije bemanningsleden út Frisum soargje foar de nedige konsternaasje. It wurdt wer in wike fol ferrassingen. Mei Wyn fan de winners hat Hilda Talsma wer in skûtsjeroman skreaun dat in breed publyk oansprekke sil. Flot, fermaaklik en meinimmend. Har eardere skûtsjeromans, Wyn fan feroaring (I) en Wyn fan de wierheid (II) wiene beide Boek fan de Moanne yn de simmer. Earder skreau sy trije romans oer it doarp Frisum: De twadde hûd, Flammen, It geloksbern (bondele yn Frisum Trilogy. Dêrnei folge Brekber, oer Sinne, in jonge frou dy't hiel goed mei hynders omgean kin. Yn 2017 publisearre se har earste jeugdroman
22,50
Nieuw
By beppe útfanhûs (Hardback)
By beppe útfanhûs (Hardback)
Mem moat fuort en Maaike sil by beppe útfanhûs. Beppe fynt fan alles út, mar wat letter it wurdt, wat mear Maaike har mem mist. Beppe wit ried, mar no kin beppe sels net mear sliepe… In prachtich printeboek, geskikt foar bern fan 4 jier en âlder. Mirjam van Houten (1977) debutearre yn 2016 mei Tije, in boek foar bern fan sân jier ôf. Dat boek waard yn 2018 foardroegen foar de IBBY Honour List, in twajierlikse ynternasjonale list mei berne- en jeugdboeken fan hege kwaliteit.
16,95
Nieuw
Achlum Nobusco en de monsternimmers (Hardback)
Achlum Nobusco en de monsternimmers (Hardback)
Achlum Nobusco is in âld-seeman mei in echte houten skonk. Hij wennet al trettjin jier yn 'e skieppeskuorre ûnder oan 'e seedyk. Soms klimt er op in âld ierappelkistje en stekt in preek ôf oer de fersmoarging fan it miljeu. De minsken fine him in nuver man, ien mei aparte ideeën, en se fertrouwe him net heal. Bern dy't oer him dreame, wurde gûlend wekker. Dat jildt net foar Mark en Nina van der Vliet. Dy ha noait bang foar Achlum west. As se op in middei wettermonsters nimme út 'e see, meitsje se kennis mei Achlum. Se fine him aardich en sjogge dat er sachte brune eagen hat, as fan in hiel leaf dier. Se ferjitte dat se eins net mei him prate meie en gean mei nei de skuorre. Dêr fertelt Achlum dat er op in eigenmakke skip nei it Nije Lân ta sil. Fan dy tiid ôf ha Mark en Nina noch mar ien gedachte: mei Achlum Nobusco nei it Nije Lân. Mar hoe fertelle se dat thús? Wat dogge se as Achlum har net mei ha wol? En dat Nije Lân - wêr leit dat eins? Wêrom is it nergens yn in atlas of op in
14,95
Nieuw
Losse hannen (Paperback)
Losse hannen (Paperback)
Tessa is fjirtjin jier. Op skoalle en ek thús heart se der net echt by. Har âldere broer is jaloersk op syn kreas suske en mem hâldt him de hân boppe de holle. Tessa komt graach oer de flier by Sjerda, dy't troch in hormoansykte bedutsen is mei in tin laachje hier. Sjerda is widdofrou en wennet in ein bûtenút. Se fielt har sterk en ûnôfhinklik en hat mei net folle lju gedoente. Jeroen, tritich jier, in troude filosofystudint, docht boadskippen foar har. Hy is ferlyfd op Tessa en kin syn hannen net thúshâlde. As Tessa him ien kear gewurde lit komt se yn 'e problemen, mar se wit har steande te hâlden mei help fan Sjerda. Losse hannen wie yn 2000 Saakje Huisman har romandebút. It ferhaal hat my fan it begjin oan 'e ein yn 'e besnijing hân en ik bin der fan oertsjûge dat soks foar de measte lêzers jilde sil. Henk van der Veer yn it Sneeker Nieuwsblad Huisman toant har op har bêst yn 'e dialogen, dy binne libben en bytiden feninich. Sjoerd Bottema yn Trotwaer Saakje Huisman (1951-2001)
16,50

Klanten-reviews van Hâldsto altyd fan my? (Hardback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Hâldsto altyd fan my? (Hardback)

Productomschrijving

Lytse Bear makket him soargen. Hy is net altyd leaf. Sil mem dan noch wol fan him hâlde? Wat as er alles stikken makket? Wat as mem der net mear wêze soe? Mar memmeleafde is sterk en hy ûntdekt: neat sil dat feroarje. Noait! Frysk, printeboek, ynbûn, 28 siden, útjouwerij Afûk

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
Brand
Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Verken gerelateerde categorieën

Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.