Meer 20 Leafdesdichten BV Bornmeer
Meer 20 Leafdesdichten BV Bornmeer in Boeken

Fryslân yn de Gouden Iuw (Hardback)

0
Hoe seach Fryslân der yn de Gouden Iuw út? Wat hat tusken 1585 en 1685 it ûnderskiedende west fan Fryslân binnen de Republyk? Fryslân ûnderskiede him fan de oare gewesten troch in eigen steedhâlder, in bloeiende akademy en troch in taal. Lju út de boargerij koenen foar it earst in foarnaam plak fine yn de maatskippij en waarden sa diel fan de regin...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

De keunst as útwei (Paperback)
De keunst as útwei (Paperback)
Wat makke dat Simke Kloosterman keas foar in bestean as skriuwster, en dan ek noch yn it Frysk? Wat feroarsake de mankelike toan, dy't ek yn it wurk fan har heit Jan Ritskes werom te finen is? En hokker rol spile har ferloving en lettere freonskip mei Douwe Kalma? Philippus Breuker besiket yn dizze biografy har langsten en lotgefallen yn libben en wurk te ûntriedseljen. Simke hat mei har keunst in útwei út de ellinde fan har jonge jierren fûn, mar sykte en twivel oan de wearde fan dy keunst hawwe har letter it betreklike fan har stribjen fiele litten. Dochs is de Fryske literatuer net sûnder har te tinken. Mannich boek fan har hat noch altyd syn leafhawwers. Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân De Gouden Iuw yn Boazum en Fryslân yn de Gouden Iuw.
27,90
Leafde yn oarlochstiid (Paperback)
Leafde yn oarlochstiid (Paperback)
Oan de basis fan dizze novelle lizze de oantinkens fan de mem en de heit fan de skriuwer. Syn âlden krigen ferkearing yn Dútslân, yn 'e oarloch, wylst it Ruhrgebiet heftich bombardearre waard. By biten en brokken fertelden hja har soan letter út en troch oer wat sy yn dy tiid meimakken. Hoe komme minsken dy't gjin helden binne, dy't neat hawwe mei ideologyske fiersichten, troch sokke tiden fan fernieling, dea en ûntregeling? Yn de jierren dat Willem Verf opwoeks, woenen de minsken foaral de oarlochstiid achter har litte. De skriuwer hat fan de fragminten dy't him as bern wol oerlevere waarden in meinimmend, oandwaanlik en realistysk ferhaal makke. Sa persoanlik as yn dit boek hat Willem Verf boppedat net earder west. De wize wêrop't hjir nei dy oarloch sjoen wurdt, is oars as dat men wend is - in útdaging foar de lêzer. Want krekt it wjerfarren fan minsken dy't gjin held, dieder of slachtoffer wienen, is fan grut belang om te begripen wat der doe geande wie.
17,50
Boechbylden (Paperback)
Boechbylden (Paperback)
In grutte seleksje út de gedichten fan Slauerhoff yn it Frysk beskikber te hawwen, is yn Fryslân al lang in winsk dy't wachtet op ferfolling; dit boek hat jierren ûnderweis west. De hjir byinoar brochte fersen binne útkeazen en oerset troch de dichters Eppie Dam (Gysbert Japicxpriis 2017) en Abe de Vries (Gysbert Japicxpriis 2005). Dichter Jan Jacob Slauerhoff (1898-1936) wie in Ljouwerter, opgroeid as soan fan in ynterieurwinkelman yn 'e stêd, siet mei Simon Vestdijk op 'e HBS en wie ek oan Fryslân ferbûn troch syn jeugdleafde foar dûmnysdochter Heleen Hille Ris Lambers út Jorwert, syn fakânsjes op Flylân (it eilân dêr't syn mem weikaam) en inkelde waarnimmerskippen as dokter, yn Baard, De Ryp en op 'e Sweach. Obe Postma neamde him 'een Friese jongeman, maar met vermogens meer dan Friesland'. Hendrik de Vries tocht dat der 'ondanks alle cosmopolitisme, iets van de vochtige weemoed van Friesland in zijn verzen blijft zweven'. En Anne Wadman miende: 'Hy wie net ien fan uzen. En dochs ek
19,90
Erfskip (Paperback)
Erfskip (Paperback)
Fryslân yn de 8ste iuw: Ubba, soan fan Raeddeg en Gerlind, hat syn thús op Grut Bjinthiem, it tsjinwurdige Hegebeintum. Yn syn jonge jierren is er in dwerse kneppel, in neatnut, ta fertriet fan syn heit en ta freugde fan syn mem. It is Gerlind dy't wit dat har soan ta grutte dieden foarbestimd is. Ommers: it is Wêda dy't derfoar soarge dat se him krigen hat, de heechste fan de goaden dy't Ubba by syn berte opeaske. Nei't Ubba op syn tolfde in man deaslacht, rekket syn libben yn in streamfersnelling. Ien dy't him de wrâld oer fiert. In reis dy't him yn kontakt bringt mei hearskers en keningen lykas Redbad II, pakesizzer fan Rêdbâd Aldgillissoan, mei ûndeaden en meunsterlike skepsels, mei Bonifatius ek, de biskop dy't de wetten fan de Friezen skeint… Erfskip - De saga fan Ubba Skylding is in hybride fan in roman en in saga. In epyske fertelling, basearre op in skriftlike oerlevering út de 12de iuw. Mei ûnbegrinzge ferbyldingskrêft sketst Willem Schoorstra in byld fan de ier-midsiuwske
22,50
Der dy namma fan heten is (Paperback)
Der dy namma fan heten is (Paperback)
Yn Fryslân tilt it op fan doarpen, en der binne ek noch alve stêden. Efter de namme fan elk fan dy delsettingen sit in ferhaal. Wêrom hawwe de minsken harren wenplak neamd sa't it hyt? Hoe kamen de minsken op de plaknamme 'Wyldinghen' en wat is de doarpsnamme no? In hiel soad plaknammen binne foar it earst oerlevere yn it twadde part fan de midsiuwen, mar der is net by skreaun wat de eftergrûn fan dy nammen is. Mei kennis fan it Frysk en oare talen kin fan gâns fan dy nammen dochs hiel wat fan it komôf sein wurde. Yn dit boek wurde yn goed fjouwerhûndert koarte haadstikjes de nammen fan alle offisjele Fryske delsettingen beskreaun. Pieter Duijff is al mear as trije desennia oan de Fryske Akademy ferbûn. Hy hat dêr al dy tiid warber west op it mêd fan Fryske wurdboeken en wurdlisten. Boppedat hat er bygelyks skreaun oer taalfariaasje yn Fryslân, yn it bysûnder oer it Stedfrysk.
22,50
Pinkeltsje yn Fryslân (Hardback)
Pinkeltsje yn Fryslân (Hardback)
Pinkeltsje is krekt de daksgoate oan it skjinmeitsjen as de Pinkelakei ynienen lânskomt om him op te heljen. Kening Pinkelpracht hat Pinkeltsje syn help nedich, want de kroanprins is spoarleas ferdwûn. En wa kinst der dan better op útstjoere om him te sykjen as de alderbêste speurnoas fan Pinkeltsjelân? It iennige dat de kening him fertelle kin, is dat de prins foardat er ferdwûn in âld boek oer in bysûndere Fryske mantelspjelde oan it bestudearjen wie. Pinkeltsje hoecht net lang nei te tinken. Tegearre mei Pinkelotsje fljocht er mei de keninklike pinkelstrieler nei Fryslân. De syktocht nei de prins én de mantelspjelde bringt harren op alderlei plakken yn Fryslân - mar se binne net de iennichsten mei dy missy…
13,99
Pionier foar it Frysk (Hardback)
Pionier foar it Frysk (Hardback)
Tony Feitsma (1928-2009) kaam yn Brantgum te wrâld en waard grut op in pleats yn de Wieringermar. Fan hûs út krige hja ambysje en pioniersgeast mei, mar ek in hechte bân mei de taal fan it heitelân. Sy waard yn 1976 de earste froulike heechlearaar Frysk. Foar har foelen wittenskip en Fryske beweging gear mei it ynnimmen fan har plak as minske yn 'e mienskip. Wa wie Tony Feitsma en hoe hat se har útsprutsen mienings en wittenskiplike kwaliteiten yn in manljuswrâld befochten? It hat yn alle gefallen net om 'e nocht west. Mear as 25 jier lang hat se studinten ynspirearre. De FNP hat se yn 1962 rêden foar in iere dea. Mei eigen jild rjochte se in fûns op dat noch altiten stipe jout oan Frysktalige aktiviteiten. Yn dizze biografy beskriuwt Liuwe H. Westra har libben yn de mienskip fan famylje, skoalle en universiteit, fan frisistyk en Fryske beweging. Hy besiket in antwurd te jaan op de fraach hoe't Tony Feitsma sa'n fûleindich strider foar it Frysk wurde koe. Mar ek: wêrom wie se altiten
49,50
De aap foar de bokkewein (Paperback)
De aap foar de bokkewein (Paperback)
It jier hat bylden boud en wiske; wij stoarje troch it keamersrút - it krúspunt smeult, der twirret jiske, in pylk set noch de himel út. As it fehikel fan de foarútgong in bokkewein is, dan hiene we der leafst in wize sik foar hân. Mei fêst in idee om ergens hinne. Mar 2016 wie it jier fan de aap, net allinnich fan de Sinezen. Dichter Eppie Dam folge tsien moannen lang de tiid op 'e foet. De oanslaggen, it klimaat, de swalkjende polityk, ferlies oan gearhing en de iensumens fan God: it krijt allegear syn gerak yn dizze unike kronyk. Soms mei in lichtere toan om it út te sjongen. Ek mei de fraach oft der noch wat te kiezen falt yn in tiid dat neat mear te rymjen is. Ik sis, ik soe de kar ha wolle, mar oars as rymje kin ik net: tefolle wanklank yn 'e holle, en oeral wurde klokken let. Frysk, paperback, 96 siden
5,-
De groep fan juf Pyt (Hardback)
De groep fan juf Pyt (Hardback)
Basisskoalle De Reinbôge hat it nije juf, se hjit Pytrikje. 'Dêr rekket ús tonge fan yn 'e knoop. Dus wy neame har juf Pyt.' Alle ferhalen yn dit boek spylje op skoalle. Sa lêst oer in robot dy't prate kin, oer picknicken op de flier fan it lokaal, oer in ferfelende mich dy't hieltyd tsjin it boerd fljocht en noch folle mear. Mar wat noch moaier is: dit boek lêst net allinnich. It is in teäterlêsboek dêr'tst mei-inoar út foarlêst. In soad wille mei dy grappige juf Pyt en har drokke, stoere, kreative, tûke groep! Mei-inoar tëaterlêze is mei in ploechje foarlêze oan in publyk. Do lêst tegearre foar mei in maat of freondintsje, mei mem of heit of mei bern út dyn groep. Of miskien wol pake of beppe wol meidwaan! By tëaterlêzen lêst foar mei it boek yn de hân. Hoechst gjin spesjale klean oan te lûken, of in achtergrûn te hawwen. It iennichste datst nedich hast, is dyn stim en in publyk fansels. Ferjit net nei ôfrin djip te bûgen. It applaus is foar dy!
14,95
De Gouden Swipe (Paperback)
De Gouden Swipe (Paperback)
Douwe Ates Wallinga syn grutste dream is it winnen fan de Gouden Swipe by de hynstedraverij. Mei syn djoere leafhawwerij ferspilet er hast syn pleats. Dat wurdt foarkommen troch in liening fan in dubieuze freon, mar syn frou Lysbet moat de rinte betelje. As soan Ate letter de wierheid ûntdekt kriget er spul mei syn heit en krijt er ûnderdak op de pleats by syn omke Ids. As stamhâlder Ate fereale rekket op de dochter fan de arbeider is der noch in kear spul. De striid tusken heit en soan wurdt by eintsjebeslút op de drafbaan útfochten. De Gouden Swipe wie de earste roman fan Abe Brouwer. Foar it ferskinen yn 1941 waard it ferhaal al as fúljeton yn it wykblêd Sljucht en Rjucht publisearre. It is ien fan de meast lêzen Fryske boeken en waard ferfilme troch Steven de Jong. Dit boek is de werútjefte fan de tolfde printing út 1985.
19,50

Klanten-reviews van Fryslân yn de Gouden Iuw (Hardback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Fryslân yn de Gouden Iuw (Hardback)

Productomschrijving

Hoe seach Fryslân der yn de Gouden Iuw út? Wat hat tusken 1585 en 1685 it ûnderskiedende west fan Fryslân binnen de Republyk? Fryslân ûnderskiede him fan de oare gewesten troch in eigen steedhâlder, in bloeiende akademy en troch in taal. Lju út de boargerij koenen foar it earst in foarnaam plak fine yn de maatskippij en waarden sa diel fan de regintemacht. In nije, ûnôfhinklike steatsfoarm koe opboud wurde. Mar om 1620-1630 hinne waard yn reginterûnten eigenbelang boppe publyk belang steld en de ekonomyske efterútgong fan 1650 ôf makke dat doe in iuwen duorjende statyske stannemaatskippij ûntstie. De Gouden Iuw wie foar Fryslân in bloeiperioade dy't noait mear neifolging krige. Philippus Breuker (1939) hat meiwurker fan de Fryske Akademy west en heechlearaar oan de universiteiten fan Leiden en Amsterdam. Hy publisearret oer skiednis, letterkunde en lânskip fan Fryslân.

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    Brand
    20 Leafdesdichten BV Bornmeer

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.