
Passys (Paperback)
De skriuwer Josse de Haan ferrast syn trouwe lêzers mei dizze nije, grutte roman. Hy wurke der fiif jier oan. 'Passys' is in boek oer in libben yn leafde en literatuer. In boek dat út syn aard wei 'autofiksjoneel' wêze moast. Mar tagelyk hat Josse de Haan dy autobiografyske ynvestearring finaal ûnderút helle, troch in rûts oan perspektiven op dat libben te yntrodusearjen. Sa ûntstiet yn de roman in rige fan libbens, soms elkoar oerlaapjend, mar altyd optekene fanút in oar moment yn de tiid en fanút ûnderskate personaazjes: Jany - Nannie, Nannes, Nanne, Nanning en Nans. Om dit literêre spul kompleet te meitsjen, wurdt boppedat yn elk haadstik op dy libbens reflektearre oan de hân fan fragminten út romans fan foaral Frânske skriuwers. 'Myn libben is literatuer en literatuer is myn myn libben.' Josse de Haan Josse de Haan (1941) krige yn 2007 de Gysbert Japicxpriis foar syn wichtige bydrage oan de fernijing fan de Fryske literatuer, benammen as romanskriuwer fan Piksjitten op Snyp en de
35,-