Meer 20 Leafdesdichten BV Bornmeer

Fisk (Hardback)

0
De bokking better besjoen, in reuzesnoek út 'e Fryske Wâlden, in fabel fol ûntefreden maitsen, in oade oan 'e dôber. It binne in pear foarbylden dy't op lichtfuottige wize yn Fisk oan 'e oarder komme. Alles yn Fisk hat te krijen mei natuer, fisk, fiskjen, wetter en Fryslân. Nei harren earste projekt - Stabij, in boek oer in hûn - is Fisk it twadde ...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

FC Nostalgia (Paperback)
FC Nostalgia (Paperback)
It like as moast Romke Toering yn sân hasten in punt achter it libben sette. En wat dogge jo dan mei de tiid dy't der noch is? Romke pakte de pinne op en begûn te skriuwen dat it sta sei: koarte en langere ferhaaltsjes, gedichtsjes somtiden, in oade oan heit en mem, pakes en beppes, de bakker, de buorlju en al dy oaren dy't meielkoar de mienskip foarmen yn syn bertedoarp Easterlittens. In berneboek foar âlderen, mei in protte foto's út in tiid dy't west hast. Bylden yn wurden fongen. Werkenber foar minsken út de greidhoeke, mar ek fier dêrbûten. 'Deis in pear oerkes omdolle yn in Greidhoekster ferline, as in punt achter it libben wie gjin straf. In emosjoneel Doel en Treast.' Romke Toering (1947) wie akteur, regisseur, oersetter en skriuwer fan Fryske toanielstikken, û.o. by Tryater en it iepenloftspul fan Jorwert. Yn 1987 krige er de Obe Postmapriis foar syn oersettingen nei it Frysk fan toanielstikken foar Tryater út 1984-1986. Yn 2003 ûntfong er de Fedde en Martha Bergsmapriis foar
24,50
42 Fûgels oan ús kusten 42 Vögels van uns Küsten (Hardback)
42 Fûgels oan ús kusten 42 Vögels van uns Küsten (Hardback)
Der falt hiel wat te ûntdekken yn dizze natoergids foar bern mei 42 kustfûgels mei harren geheimsinnige libbens en twa talen: it Frysk út de Nederlânske provinsje Fryslân en it Platdútsk út East-Fryslân yn Dútslân. Oan de kust bart wat ûngewoans. Twa kear deis lûkt de see him werom en jout de seeboaiem frij. It wetter komt en giet. Eb en floed wurdt dat neamd. De seeboaiem bestiet út sân en in hiel soad slyk, it saneamde waad. It griisbrune slyk is ûnfoarstelber ryk oan bisten en planten.In ûneinich soad moksels, wjirms, kreeften en algen libje op en yn 'e boaiem. En yn 'e slinken dy't troch it Waad rinne, binne hielwat fisken te finen. Foar fûgels is de kust in rynsk klearmakke tafel.Se kinne der hearlik ite en fretten fine foar harren jongen. De Waadsee is it grutste waadgebiet fan 'e wrâld. In geweldich grut lâningsplak foar miljoenen hongerige trekfûgels, dy't der útrêste kinne, en in prachtich plak foar briedfûgels. Hiel wat fûgels bouwe harren nêsten fuort oan 'e râne fan it
8,95
Ntrije55 (Paperback)
Ntrije55 (Paperback)
Simmer 2017 rûn ik tal fan kearen oan 'e westkant fan Hurdegaryp by de N355 del. Ik socht dêr om lyts yndustrieel ôffal, lykas bygelyks eintsjes tou, stikjes metaal, glês en keunststof. Dy fynsten, losrekke fan in eardere funksje yn in grutter gehiel, wiene ferwurden ta tafallige foarmen en dêrmei beskikber foar my om in nije betsjutting oan te jaan.' De gedichten yn dizze bondel Ntrije55 hat Elske Kampen skreaun nei oanlieding fan dit materiaal. Dêrmei set se in folgjende stap op har paad om poëzy te skriuwen op grûn fan hieltyd abstrakter byld. De bylden yn de bondel binne fan deade matearje, mar roppe poëzy op dy't oer it libben giet. Trochgong Ik fyn in letterteken yn 'e berm. Krij it op en nim it mei. It foel ien ta de mûle út dy't skrok of dy't begrutsjen hie. Bewûndere of eangstich wie. No stjoert it teken my.
17,50
De aap foar de bokkewein (Paperback)
De aap foar de bokkewein (Paperback)
It jier hat bylden boud en wiske; wij stoarje troch it keamersrút - it krúspunt smeult, der twirret jiske, in pylk set noch de himel út. As it fehikel fan de foarútgong in bokkewein is, dan hiene we der leafst in wize sik foar hân. Mei fêst in idee om ergens hinne. Mar 2016 wie it jier fan de aap, net allinnich fan de Sinezen. Dichter Eppie Dam folge tsien moannen lang de tiid op 'e foet. De oanslaggen, it klimaat, de swalkjende polityk, ferlies oan gearhing en de iensumens fan God: it krijt allegear syn gerak yn dizze unike kronyk. Soms mei in lichtere toan om it út te sjongen. Ek mei de fraach oft der noch wat te kiezen falt yn in tiid dat neat mear te rymjen is. Ik sis, ik soe de kar ha wolle, mar oars as rymje kin ik net: tefolle wanklank yn 'e holle, en oeral wurde klokken let. Frysk, paperback, 96 siden
5,-
De groep fan juf Pyt (Hardback)
De groep fan juf Pyt (Hardback)
Basisskoalle De Reinbôge hat it nije juf, se hjit Pytrikje. 'Dêr rekket ús tonge fan yn 'e knoop. Dus wy neame har juf Pyt.' Alle ferhalen yn dit boek spylje op skoalle. Sa lêst oer in robot dy't prate kin, oer picknicken op de flier fan it lokaal, oer in ferfelende mich dy't hieltyd tsjin it boerd fljocht en noch folle mear. Mar wat noch moaier is: dit boek lêst net allinnich. It is in teäterlêsboek dêr'tst mei-inoar út foarlêst. In soad wille mei dy grappige juf Pyt en har drokke, stoere, kreative, tûke groep! Mei-inoar tëaterlêze is mei in ploechje foarlêze oan in publyk. Do lêst tegearre foar mei in maat of freondintsje, mei mem of heit of mei bern út dyn groep. Of miskien wol pake of beppe wol meidwaan! By tëaterlêzen lêst foar mei it boek yn de hân. Hoechst gjin spesjale klean oan te lûken, of in achtergrûn te hawwen. It iennichste datst nedich hast, is dyn stim en in publyk fansels. Ferjit net nei ôfrin djip te bûgen. It applaus is foar dy!
14,95
Pionier foar it Frysk (Hardback)
Pionier foar it Frysk (Hardback)
Tony Feitsma (1928-2009) kaam yn Brantgum te wrâld en waard grut op in pleats yn de Wieringermar. Fan hûs út krige hja ambysje en pioniersgeast mei, mar ek in hechte bân mei de taal fan it heitelân. Sy waard yn 1976 de earste froulike heechlearaar Frysk. Foar har foelen wittenskip en Fryske beweging gear mei it ynnimmen fan har plak as minske yn 'e mienskip. Wa wie Tony Feitsma en hoe hat se har útsprutsen mienings en wittenskiplike kwaliteiten yn in manljuswrâld befochten? It hat yn alle gefallen net om 'e nocht west. Mear as 25 jier lang hat se studinten ynspirearre. De FNP hat se yn 1962 rêden foar in iere dea. Mei eigen jild rjochte se in fûns op dat noch altiten stipe jout oan Frysktalige aktiviteiten. Yn dizze biografy beskriuwt Liuwe H. Westra har libben yn de mienskip fan famylje, skoalle en universiteit, fan frisistyk en Fryske beweging. Hy besiket in antwurd te jaan op de fraach hoe't Tony Feitsma sa'n fûleindich strider foar it Frysk wurde koe. Mar ek: wêrom wie se altiten
49,50
Minskebern (Paperback)
Minskebern (Paperback)
Twa minskebern spylje yn dizze roman in grutte rol. Maart is oan 'e ein fan har libbensreis en sakket hieltyd fierder fuort yn 'e dize fan de sykte fan Alzheimer. Daan, krekt berne, moat noch begjinne en giet op ûntdekkingsreis. Wat de iene net mear kin, moat de oare noch leare. Hielendal oan 'e ein en hielendal oan it begjin is har wrâld net grutter as it bêd dêr't se yn lizze. It boek is skreaun út it perspektyf fan Geke, dochter fan Maart en beppe fan Daan. Mei har twa susters ferwurket se de achterútgong fan har mem en fynt se hope yn it nije libben fan har bernsbern. De earste printing fan dizze roman ferskynde yn 2008. Minskebern is in moai en ûntroerend boek. De styl doocht, it sykteproses is pynlik werkenber werjûn en it is foaral skreaun mei leafde foar in mem dy't ûndanks har ôftakeling as persoan rjocht oerein stean bliuwt. Jetske Bilker yn de Ljouwerter Krante 'Margryt Poorstra set in alzheimerpasjint del mei in gewéldich ynlibbingsfermogen. [...] Wat bliuwt is in hele
14,50
Tsien fan Hylkje (Paperback)
Tsien fan Hylkje (Paperback)
De bondels mei koarte ferhalen fan Hykje Goïnga (1930 - 2000) binne al lang útferkocht. Foar titels as Twa dames yn in DAF, Thús is de Maggi op en In superman fersûpt net wienen destiids in protte lêzers. De "Martha-aventoeren", fol nuveraardige situaasjes en brike setten, binne fan alle tiden. Hylkje Goïnga wurdt wolris fergelike mei de Ingelske skriuwer Roald Dahl. Krekt as Dahl hat se der aardichheid oan om it ûnwierskynlike as deagewoan foar te stellen. De lêzer wurdt geregeld op ' e ferkearde foet setten omdat de ferhalen oan de ein faak in hiel ûnferwachte, soms absurde draai meitsje. Op fersyk fan Thys Wadman hat Douwe Kootstra de opdracht krigen om "tsien fan Hylkje" út te sykjen. Net dé tsien fan Hylkje. Nee, gewoan tsien ferhalen dy't karakteristyk binne foar har wurk: koart om 'e hoeke, humoristysk en bysûnder.
7,50
De Fries (Hardback)
De Fries (Hardback)
Yn dit boek besiket Erik Betten om djipper troch te kringen yn de Fryske identiteit. Want wannear is men in echte Fries? Moat men dan Frysk prate kinne? Wa makket soks eins út? En is in echte Fries altiten nochter en koppich? Dy en oare fragen komme op it aljemint yn dizze prikeljende syktocht nei it Frysk-wêzen. Oan 'e hân fan reportaazjes, ynterviews mei saakkundigen en in blik op 'e skiednis giet de auteur taaie klisjees te liif. Hy ûndersiket wêr't dy op basearre binne en oft se noch altiten in funksje ha yn de ienentweintichste ieu. Erik Betten is sjoernalist en histoarikus.
19,50

Klanten-reviews van Fisk (Hardback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Fisk (Hardback)

Productomschrijving

De bokking better besjoen, in reuzesnoek út 'e Fryske Wâlden, in fabel fol ûntefreden maitsen, in oade oan 'e dôber. It binne in pear foarbylden dy't op lichtfuottige wize yn Fisk oan 'e oarder komme. Alles yn Fisk hat te krijen mei natuer, fisk, fiskjen, wetter en Fryslân. Nei harren earste projekt - Stabij, in boek oer in hûn - is Fisk it twadde boek fan byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra en skriuwer-ferteller Douwe Kootstra. Douwe libbe him út yn 'e ferhalen. Tjibbe makke der tekeningen by. De miks fan bylden en koarte teksten makket Fisk ta in hearlik lês- en sjochboek.

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
Brand
20 Leafdesdichten BV Bornmeer
Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.