Feroaring fan lucht

0
De aventueren fan Durk Snoad en syn singeliere húshâlding, it bêst ferkochte boek út de Fryske literatuer. Friestalig....

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Feroaring fan lucht (Paperback)
Feroaring fan lucht (Paperback)
Durk Snoad - wa ken him net? Yn 1971 ferskynde Rink van der Velde syn skelmeroman Feroaring fan lucht. It boek waard in klinkend sukses en neffens de ferhâldingen in absolute bestseller. Durk Lugtigheid, alias Durk Snoad, is de heit fan in húshâlding mei tolve bern en wennet earne djip yn de Sweachster bosken, yn in âld klinte. In asosjale húshâlding, sa soe it spultsje tsjintwurdich bestimpele wurde. Durk Snoad libbet meast fan de steun fanwegen net te kontrolearjen rêchklachten en fan de streuperij. Hy is erfklik yn opstân tsjin it wettich gesach. Woltinkende en goedmienende minsken besykje der dochs noch in fatsoenlike húshâlding fan te meitsjen en prakkesearje it Snoad-folk nei in hierwente yn Drachten. Dat kin fansels net oars as misbeteare. Yn 1990 by de 13de printinge paste de skriuwer de tekst oan foar in nije generaasje lêzers. Dizze útjefte is gelyk oan de lêste, sechtjinde printing fan 2004. Yn Durk Snoad hawwe wy no dan lang om let de oerurven Frysk-Wâldsjer fariant
19,50
Lockdownleafde (Paperback)
Lockdownleafde (Paperback)
Panhuys is de populêrste klup fan Ljouwert. Dat komt foaral troch eigener en DJ Ewald, dy't de sfear ta grutte hichten wit te bringen. Mar dan komt koroana. It lân leit plat, de klup moat slute en Ewald is syn hâldfêst kwyt. As er syn suster helpt mei de húshâlding docht bliken dat er dêr tige slach fan hat en al gau bedarret er ek op oare plakken. Wylst er sa goed mooglik syn bêst docht, komt er troch ferskate froulju yn yngewikkelde situaasjes telâne. In humoristysk en spannend ferhaal mei in gastrol fan Connie (Onnie) Kamstra. Hilda Talsma (1971) is in flotte skriuwster dy't har spoaren al mear as fertsjinne hat yn de Fryske literatuer. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum. Dêrnei skreau se it boek Brekber, oer it bysûndere hynstefamke Sinne. In pear jier letter ferskynden de skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid & Wyn fan de winners. Yn De Onnie's en it hynstebal komme personaazjes út al dizze romans wer werom. Tuskentroch skreau se de jeugdroman Slangen
12,50
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen is in samling fan koarte ferhalen. It binne observaasjes fan gewoane, bysûndere minsken. Faak om te laitsjen, somtiden emosjoneel, mar o sa werkenber. Sa binne der de aventoeren fan it duo The Melody Brothers, dat yn kafees en feesttinten spile en it ferslach oer de sterilisaasje fan Wander de Groot yn 'Kastraasje'. Mar ek de oandwaanlike ferhalen fan fjouwer leden fan húshâlding Zonderland oer 'De skieding' en it ferhaal fan pensionado Jehannes van der Heide dy't as tiidferdriuw grêfstiennen skjinmakket. Santjin ferhalen oer freonskip, leafde en ferlies, mar wol mei in flinke doasis humor. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer. Freddie Scheltema (Easterein, 1960) hie yn syn tiid op de middelbere skoalle graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen foar syn boekelist. Dêrom begûn hy sels mei skriuwen. Earder ferskynde fan syn hân de bondel It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen.
14,90
De sûnde fan Haitze Holwerda (Paperback)
De sûnde fan Haitze Holwerda (Paperback)
Dit boek spilet om 1900 hinne. Haitze Holwerda hat trije seizoensarbeiders fan It Bilt ynhierd foar de ûngetiid. It akkordearret net tusken harren. Holwerda fynt de mannen te mûlryp en te selsbewust. Geandewei ûntjout him in machtsstriid, dêrt de boer slach op slach yn ferliest. As it wurk earder dien is as foarsjoen jout er de Bilkerts dien, tsjin de ôfspraken yn. It konflikt rint heech op. By einsluten moat de greidboer belies jaan en komt er ta ynkear. Hy docht net allinne de arbeiders rjocht, mar fersoenet him ek mei syn God. Van Houten syn iennichste roman is in begryp yn de Fryske literatuer. It boek ferskynde foar it earst yn 1938 en belibbe in tsiende druk yn 1991. Dizze alfte printing is de werútjefte fan de njoggende printing út 1983.
15,50
Passys (Paperback)
Passys (Paperback)
De skriuwer Josse de Haan ferrast syn trouwe lêzers mei dizze nije, grutte roman. Hy wurke der fiif jier oan. 'Passys' is in boek oer in libben yn leafde en literatuer. In boek dat út syn aard wei 'autofiksjoneel' wêze moast. Mar tagelyk hat Josse de Haan dy autobiografyske ynvestearring finaal ûnderút helle, troch in rûts oan perspektiven op dat libben te yntrodusearjen. Sa ûntstiet yn de roman in rige fan libbens, soms elkoar oerlaapjend, mar altyd optekene fanút in oar moment yn de tiid en fanút ûnderskate personaazjes: Jany - Nannie, Nannes, Nanne, Nanning en Nans. Om dit literêre spul kompleet te meitsjen, wurdt boppedat yn elk haadstik op dy libbens reflektearre oan de hân fan fragminten út romans fan foaral Frânske skriuwers. 'Myn libben is literatuer en literatuer is myn myn libben.' Josse de Haan Josse de Haan (1941) krige yn 2007 de Gysbert Japicxpriis foar syn wichtige bydrage oan de fernijing fan de Fryske literatuer, benammen as romanskriuwer fan Piksjitten op Snyp en de
35,-
De keunst as útwei (Paperback)
De keunst as útwei (Paperback)
Wat makke dat Simke Kloosterman keas foar in bestean as skriuwster, en dan ek noch yn it Frysk? Wat feroarsake de mankelike toan, dy't ek yn it wurk fan har heit Jan Ritskes werom te finen is? En hokker rol spile har ferloving en lettere freonskip mei Douwe Kalma? Philippus Breuker besiket yn dizze biografy har langsten en lotgefallen yn libben en wurk te ûntriedseljen. Simke hat mei har keunst in útwei út de ellinde fan har jonge jierren fûn, mar sykte en twivel oan de wearde fan dy keunst hawwe har letter it betreklike fan har stribjen fiele litten. Dochs is de Fryske literatuer net sûnder har te tinken. Mannich boek fan har hat noch altyd syn leafhawwers. Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân De Gouden Iuw yn Boazum en Fryslân yn de Gouden Iuw.
27,90
It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen (Paperback)
It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen (Paperback)
It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen is in samling gedichten en koarte ferhalen. It is proaza en poëzy oer it deistige libben, mar mei in flinke knypeach. Fleurige ferhalen en oertinkingen, fan 'De hûnen fan Barry Hay' oant 'De Hooliganbus' en de absurdistyske gedichten 'By de kofje-automaat'. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer. Freddie Scheltema (Easterein, 1960) skriuwt yn it Nederlânsk, mar foaral yn it Frysk. Yn syn tiid op de middelbere skoalle hie er graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen foar syn boekelist. Dêrom begûn hy yn 2010 sels mei skriuwen.
12,50
Jeltsje fan Ieme tou (Paperback)
Jeltsje fan Ieme tou (Paperback)
Jeltsje wurdt troch har heit Ieme besteld by boer Hessel Brandsma. Ieme hat as bynamme 'tou', fanwege de negoasje fan allegear guod dêr't hy mei by de doarren lâns sutelet. It is skraabjen om 'e kant en hy kin de fertsjinst fan Jeltsje skoan brûke. Mar dan komt boer Brandsma Jeltsje tenei nei in jûn fan ôfwaaid praat en dat bliuwt net sûnder gefolgen. Brandsma soarget derfoar dat Jeltsje de oerstek nei Kanada makket, tegearre mei Ike Molenaar, dy't tinkt dat it berntsje fan him is. Jeltsje ûntsnapt hjirmei oan in libben fan wrotten en earmoede, mar it libben yn de frjemdte is ek net maklik. It boek begjint mei de besite fan dizze soan, Klaas, oan Brandsma, as dy al op leeftyd is. Doarpsgenoaten werkenne yn him it stal fan de Brandsma's en hy moat ek oan syn soan Wybrand tajaan dat er safolle jierren lyn in misstap makke hat. De famylje tinkt dat Klaas op de pleats of op jild út is en se ha gjin idee fan de wei dy't Jeltsje mei har húshâlding ôflein hat. Sa leart hy syn famylje goed
19,50
De Reade Boarre (Hardback)
De Reade Boarre (Hardback)
Yn 1992 ferskynde Trinus Riemersma syn masterwurk De Reade Bwarre. It is in ferhaal mei mear lagen: in meinimmende roman oer de famylje Modderklauwer; in histoarysk relaas oer Ferwert yn de tritiger jierren; in egodokumint én in essaybundel mei de skriuwer syn fyzje op godstsjinst, literatuer, it Fryske plattelân yn de krisis- en oarlochsjierren en it Frysk nasjonalisme. En boppe-al is it in stânbyld foar syn heit, in monumint foar in man dy't foaral in goede heit wêze woe. Riemersma wie yn de jierren '60 ien fan de foarstanners fan in radikale staveringsferoaring fan it Frysk. Hy woe dêrom de saneamde Steatestavering, it kompromis út 1976, net brûke en hold fêst oan in sels útdoktere stavering. Dat levere in wurdbyld op dat slim ôfwykte fan it gongbere. Foar in soad lêzers wie dat reden om net oan De Reade Bwarre te begjinnen, ek al waard it yn 1995 bekroand mei de Gysbert Japicxpriis, de grutste priis yn literêr Fryslân. Letter liet Riemersma syn eigen skriuwwize los en publisearre
29,50
Frou mei mandoline op sofa (Paperback)
Frou mei mandoline op sofa (Paperback)
Josse de Haan (1941) levere in wichtige bydrage oan de fernijing fan de Fryske literatuer troch op boartlike wize, mar ek fûl en flink kritysk, hieltyd op 'e nij oandacht te freegjen foar nije foarmen fan literatuer. De ferneatigjende mar tagelyk ek ynspirearjende wurking fan erotyk en leafde stiet faak sintraal yn syn boeken. Arjan Hut oer Frou mei mandoline op sofa fan Josse de Haan: "In ferhaal dat streamt en foarmet, my oan it prakkesearjen set, op de goede mominten in nije laach yn dûkt, fan bûten nei binnen- in spul fan oantrekking en ôfkear - it útinoar fallen fan in mienskip, húshâlding, houlik, persoan, oant de skynbere ein, de iensumheid." Frou mei mandoline op sofa, roman, Frysk, 205 siden, paperback, nominearre foar de Gysbert Japicx-priis 2015
17,50

Klanten-reviews van Feroaring fan lucht

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Feroaring fan lucht

Productomschrijving

De aventueren fan Durk Snoad en syn singeliere húshâlding, it bêst ferkochte boek út de Fryske literatuer. Friestalig.

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
EAN
9789461495716
Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.