Echt moai

0
Ferhalen oer it inerlik en uterlik fan Fryske froulju. Mar ek in boek oer de ynfloed fan heiten op dochters, oer beauty en glamour, de frouljusbeweging, it hawwen fan rimpels, it glêzen plafond, it belang fan it Frysk. Friestalig...

Verkopers met dit product

Webshop
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Nieuw
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen is in samling fan koarte ferhalen. It binne observaasjes fan gewoane, bysûndere minsken. Faak om te laitsjen, somtiden emosjoneel, mar o sa werkenber. Sa binne der de aventoeren fan it duo The Melody Brothers, dat yn kafees en feesttinten spile en it ferslach oer de sterilisaasje fan Wander de Groot yn 'Kastraasje'. Mar ek de oandwaanlike ferhalen fan fjouwer leden fan húshâlding Zonderland oer 'De skieding' en it ferhaal fan pensionado Jehannes van der Heide dy't as tiidferdriuw grêfstiennen skjinmakket. Santjin ferhalen oer freonskip, leafde en ferlies, mar wol mei in flinke doasis humor. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer. Freddie Scheltema (Easterein, 1960) hie yn syn tiid op de middelbere skoalle graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen foar syn boekelist. Dêrom begûn hy sels mei skriuwen. Earder ferskynde fan syn hân de bondel It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen.
14,90
Nieuw
Renger (Paperback)
Renger (Paperback)
Jimme litte jim meinimme troch moaipraters', hearde ik ús heit foeterjen. 'Sy bringe jim de holle yn ûnstjoer. Jimme moatte each ha foar de normale dingen fan it libben.' De roman Renger giet yn belangrike mjitte oer it libben fan Nyk de Vries sels. Syn heit wie in sunige boufakker út de Fryske Wâlden, syn mem wie húsfrou. Op jonge leeftyd wie De Vries sjonger fan de punkrockformaasje The Amp. Ferlegen wie er boppedat, mar útbundich net minder. Yn Grins studearre er skiednis, by IKEA kenne se him as magazynmeiwurker en sûnt 2000 is Nyk de Vries skriuwer. Oer dit libben, oer it arbeiders-miljeu yn de Fryske Wâlden en oer de needsaak jins ferline op te rêden giet dizze roman. Mar Renger giet ek oer it feit dat der gewoanwei dingen binne dy't net beneamd wurde kinne. Nyk de Vries (Noardburgum, 1971) is skriuwer en muzikant. Foar Renger krige er yn 2016 de Piter Jelles Priis. Foar syn humoristise ultrakoarte ferhalen wurdt er rûnom priizge. Renger is een (deels) autobiografische
10,-
Nieuw
Bartele Bûse (Hardback)
Bartele Bûse (Hardback)
Bartele Bûse is in jonkje mei in protte fantasy. Yn alles wat er sjocht, sjocht en heart er in ferhaaltsje. Thús begripe se dat net sa goed. Mar Skelte wol. Skelte is keunstskilder. Bartele komt faak by him oer de flier. De prachtichste ferhalen skildert Skelte him foar: oer kening Klomsk fan Kjeldmanië, dy't altyd sa kâld as in kikkert is; oer de piperwynske prippunêze, dy't elkenien mar stekke wol; oer Stookstokke Styntsje en de krintekakkers fan Knyphuzen. Mar ek fan de fiif rôvers op Fiifrôvershoek wol Bartele alles witte. Hy harket mei sân pear earen … Bartele Bûse is in klassiker yn de Fryske jeugdliteratuer. It is skreaun troch Berber van der Geest (1938-2019).
15,-
Nieuw
Spoar fan Abraham (Paperback)
Spoar fan Abraham (Paperback)
Spoar fan Abraham is it fjirtjinde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk en Mei gidsen nei hichten wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1996. Boek 14 stiet yn it teken fan spoaren. Elk minske lûkt in spoar troch it libben, sa ek Abraham dy't it rjochte spoar besocht te folgjen fan de belofte dy't er krigen hie, mar soms kaam er op kronkelpaden terjochte. Yn deselde stêd Oer dêr't geitehoeder Mardoek nei syn romtereis nei de planeet An de lieding oer krigen hie (boek 13),
22,95
Nieuw
Pionier foar it Frysk (Hardback)
Pionier foar it Frysk (Hardback)
Tony Feitsma (1928-2009) kaam yn Brantgum te wrâld en waard grut op in pleats yn de Wieringermar. Fan hûs út krige hja ambysje en pioniersgeast mei, mar ek in hechte bân mei de taal fan it heitelân. Sy waard yn 1976 de earste froulike heechlearaar Frysk. Foar har foelen wittenskip en Fryske beweging gear mei it ynnimmen fan har plak as minske yn 'e mienskip. Wa wie Tony Feitsma en hoe hat se har útsprutsen mienings en wittenskiplike kwaliteiten yn in manljuswrâld befochten? It hat yn alle gefallen net om 'e nocht west. Mear as 25 jier lang hat se studinten ynspirearre. De FNP hat se yn 1962 rêden foar in iere dea. Mei eigen jild rjochte se in fûns op dat noch altiten stipe jout oan Frysktalige aktiviteiten. Yn dizze biografy beskriuwt Liuwe H. Westra har libben yn de mienskip fan famylje, skoalle en universiteit, fan frisistyk en Fryske beweging. Hy besiket in antwurd te jaan op de fraach hoe't Tony Feitsma sa'n fûleindich strider foar it Frysk wurde koe. Mar ek: wêrom wie se altiten
49,50
Nieuw
Kosmysk sekslibben (Paperback)
Kosmysk sekslibben (Paperback)
Kosmysk sekslibben is it sechtjinde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten en Hege flecht wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1999. Oan de râne fan de Titikakamar, de heechste mar fan de wrâld, wenne in tal iuwen foar Kristus in folk mei in bysûndere lieder, Kosmar Niguan. Doe't er op 'e grins fan seksuele ripens wie, waard er him bewust fan syn ferbining mei de kosmyske goadewrâld: de sinne, moanne en de stjerren. As religieuze lieder fan syn folk
22,95
Nieuw
Wittenskip en Beweging - Skôgings oer wurk en stribjen fan prof. dr. Tony Feitsma (Hardback)
Wittenskip en Beweging - Skôgings oer wurk en stribjen fan prof. dr. Tony Feitsma (Hardback)
It boek Wittenskip en Beweging befettet in alvetal skôgings fan foaroansteande wittenskippers oer it wurk fan prof.dr. Anthonia (Tony) Feitsma (1928-2009). Feitsma wie net allinne in lang skoft professor Frysk yn Amsterdam, mar ek in fûleindich striidster foar it Frysk; dêrby mijde se de konfrontaasje perfoarst net. Boppedat wie Tony Feitsma yn de sechstiger jierren ien fan de oprjochters fan de FNP. Yn - letterlik - tûzenen stikken hat Feitsma yn kranten, tydskriften en boeken skreaun en wreaun oer it Frysk en syn posysje yn de maatskippij. Boppedat hat se yn de santiger jierren besocht om in eigen stavering te yntrodusearjen, dy't slim ôfwykte fan de gongbere. It boek befettet as bylage in folsleine list fan al har stikken. Wittenskip en Beweging is in útjefte fan Utjouwerij Wijdemeer, op inisjatyf fan it Feitsma Fûns ('Fûûns fwar it Frysk'). Meiwurkers: Henk Meijering Alex Riemersma Jarich Hoekstra Philippus H. Breuker Arjen Versloot Jan Noordegraaf Anne Dykstra Hindrik Sijens Jan
25,-
Nieuw
It himelske hof (Paperback)
It himelske hof (Paperback)
It himelske hof is it alfde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbens-beskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfilden, Krêft fan it folk en Mei gidsen nei hichten wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1996. Yn in ideale wrâld soe men wrâldlieders beskôgje kinne as gidsen, mar meastal is dat yn werklikheid net it gefal. In foarbyld fan in mislearre gids is George W. Bush, presidint fan de Feriene Steaten yn it begjin fan de 21ste iuw. Dizze wrâldlieder wurdt foar it himelske gerjochtshof dage, dêr't Mozes en Elia de rjochters fan
22,95
Nieuw
As ik de toer mar sjoch … (Hardback)
As ik de toer mar sjoch … (Hardback)
75 ferhalen fan Boarnsters oer de leafde en har djipste fertriet, oer hoe it wie, op skoalle, hokker fiten se úthellen en hoe't se karriêre makken. Mar ek wêr't se sa'n spyt fan hiene. Oer it belib¬jen fan nei tsjerke gean en oer de wille fan it gondelbouwen. It entûsjasme foar de sport en de ynset om Aldeboarn op 'e kaart te hâlden. Oer de jierren dat der ja en amen sein wurde moast tsjin klanten om winkeltsjes oerein te hâlden. Oer de opgeande tiid fan de boeren, mar ek oer it famke dat yn 'e jarrekolk bedarre. Dit boek lit langstme fiele nei it doarp. As je ien kear yn in lyts doarp wenje en of wenne ha, dan bliuwe jo ferbûn en dat giet nea wer oer! In boek, net allinne foar Boarnsters!
24,90
Nieuw
Fryslân, lân fan talen (Paperback)
Fryslân, lân fan talen (Paperback)
Reitze J. Jonkman & Arjen P. Versloot Fryslân lân fan talen fertelt oer de skiednis fan it Frysk: wêr't it weikomt, hoe âld at it is, dat it yn de rin fan de iuwen aardich wat feroare is en noch feroaret, hoe't it plak yn de maatskippij net altyd itselde wie en wat syn posysje yn de lêste iuw wurden is. It ferhaal fan dy taal stiet net op himsels, want fan it begjin fan ús jiertelling ôf hat it yn kontakt stien mei oare talen lykas it Latyn, it Frankysk, it Middelnederlânsk, it Stedsk, it Nederlânsk en de lêste tiid hieltyd mear it Ingelsk. Mei rychjes foarbylden fan oernommen wurden wurdt in yndruk jûn fan de ynfloed fan oare talen op it Frysk. Kaartsjes meitsje dúdlik hoe't de talen geografysk tusken de oare talen yn steane en hoe't der ferpleatsings west ha. Ek gâns oare yllustraasjes litte sjen dat it ferhaal fan de Fryske taal in soad nijsgjirrige haadstikken hat. Frysk, ynbûn, 144 siden.
22,50

Klanten-reviews van Echt moai

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Echt moai

Productomschrijving

Ferhalen oer it inerlik en uterlik fan Fryske froulju. Mar ek in boek oer de ynfloed fan heiten op dochters, oer beauty en glamour, de frouljusbeweging, it hawwen fan rimpels, it glêzen plafond, it belang fan it Frysk. Friestalig

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
EAN
9789460380723
Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.