Dy't in hûs fynt op 'e wyn

0
Dizze útjefte befettet alle gedichten en oersettingen út de bondels 'De weromkommer yn it ûnlân', 'In waarm wek altyd', 'Under fearne goaden', 'Fangst fan 'e demoandolfyn' en 'Sprankeskyn'. Friestalig....

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Wat in koffer seit (Paperback)
Wat in koffer seit (Paperback)
k bin in lytse koffer út Frankfurt am Main en ik sykje myn baas, wêr is er toch tein? As de muorren prate koene, de muorren fan Theresienstadt… Mar muorren hâlde har net ivich en altyd stil. Tanksij Ilse Weber (1903-1944) witte wy wat se sein hawwe, sy hat de muorren harren ferhaal dwaan litten. Ilse liet as dichter sels in koffer prate, like ûnwennich fan minsken as elkenien yn in roetswarte oarloch. Ilse Weber, dy't as nachtsuster yn it bernesikehûs yn Theresienstadt altyd in sniewite skelk droech, waard in lytse stjer, sûnder it te witten of op stjerredom út te wêzen. Ljocht of tsjuster: dichters hawwe oeral wurden. Want it swijen hie it alderlêste west. Ilse Weber wie in Joadske frou fan Dútsk-Tsjechyske ôfkomst. Sy skreau berneboeken, harkspullen en prachtige gedichten. De Dútsktalige gedichten dy't se yn it geheim skreau yn it modelgetto Theresienstadt, wiene foar in protte finzenen in beaken fan hoop. Yn de ynlieding fan de bondel sketst Inez Timmer yn it koart it libbensferhaal
12,50
Pégasus (Paperback)
Pégasus (Paperback)
Pégasus is it mytologyske, wjokte hynder fan de Muzen. Dêr't syn hoeven de berch Helikon rekken, ûntstie de welle Hippokrènè. Wa't dêrút drinkt, krijt ynspiraasje om te dichtsjen en te sjongen. De blomlêzing befettet gedichten fan Grykse skriuwers út in tiidrek fan 27 ieuwen. Dat begint mei in koart fragmint fan Homerus út 750 foar Kr. En beslút mei in moderne dichter út 1950. Yn it fragmint fan Homerus ferliket de dichter blêden mei minsken: se groeie, bloeie en fertoarkje: de gong fan it libben. De ynhâld fan de bundel spilet him ôf rûn dit thema. Alderlei ûnderwerpen komme yn dichtfoarm oan 'e oarder: mythen, fabels, patriottyske gedichten, in boerekalinder, leafdessankjes, dronkemanslietsjes, en sa mear. Frijwat fan dizze ûnferwacht fraaie gedichten hawwe konneksjes mei literère produkten út 'e lettere skiednis of ek mei wurk út oare taalgebieten. Dat betsjut dat mannich dichter har/him al ynpirearje litten hat troch de Grykse poëzij. Dizze bondel makket de skatkeamer fan de Grykse
37,50
De Gouden iuw yn Boazum (Hardback)
De Gouden iuw yn Boazum (Hardback)
Yn de gouden Iuw yn Boazum beskriuwt Philippus Breuker de libbens fan alle húshâldingen dy't fjouwerhûndert jier lyn mei elkoar yn ien doarp wennen. It giet oer gewoane minsken yn in karakteristyk Frysk doarp wennen. Guon wienen der berne, lykas har âlden, en soms wennen har bern der ek wer. Oaren kamen út de omkriten en in inkeling hie der gjin famylje. Sa omfiemet dizze doarpsmienskip yn 1640 twa iuwen, fan 1500 oant 1700. Fan de 87 húshâldingen wienen in protte famylje fan elkoar, foaral yn de Buorren, wat makke dat sy it dêr foar it sizzen hienen, al wienen de boeren altyd noch machtiger. De measten waarden stadichoan reformearre, mar guon holden ek fêst oan it âlde leauwe. Dat joech spanningen dy't net sûnder oerheidsyngripen oplost wurde koenen. De measte minsken hienen it net roem, mar nei 1650 kaam der in tiid fan oerbefolking en bittere earmoede. Philippus Breuker (1939) wennet al mear as fyftich jier yn Boazum. Dit is syn fjirde boek oer it doarp. Dêrneist hat er skreaun oer
19,90
In nije heit (Paperback)
In nije heit (Paperback)
Ik bin gek op auto's. Op gewoane auto's, mar foaral op sportauto's. Op de Porsche 911 Targa 4S bygelyks. Of op de Maserati Quattroporte. Ik sammelje ek foto's fan auto's. Ik knip se út boekjes en dan plak ik se yn myn selsmakke autoplakboek. Ik skriuw der dan ek fan alles by. Technyske saken, lykas hoefolle pk dy auto hat. Of hoe hurd er kin. Dan kin ik it allegear goed ûnthâlde. Fuotbal fyn ik ek moai. Myn heit net. Dy hâldt net fan sport. Mar dy fynt ek hielendal neat oan auto's. Hy hat it altyd drok mei syn angel en mei syn stomme fiskersboatsje. En dêr fyn ik wer niks oan. Ik soe eins wol in oare heit ha wolle. Ien dy't wól fan sportauto's hâldt. En fan fuotbal. Mar in heit kinst net sels útsykje en ik ha no ien kear dizze. Dat is spitich, mar it is net oars. Of…? De grutste bibliotheek mei ynternasjonale jeugd- en berneliteratuer yn 'e wrâld: de Internationale Jugendbibliothek München makket alle jierren in list mei “White Ravens” - in seleksje fan twahûndert boeken fan hege
14,50
De keunst as útwei (Paperback)
De keunst as útwei (Paperback)
Wat makke dat Simke Kloosterman keas foar in bestean as skriuwster, en dan ek noch yn it Frysk? Wat feroarsake de mankelike toan, dy't ek yn it wurk fan har heit Jan Ritskes werom te finen is? En hokker rol spile har ferloving en lettere freonskip mei Douwe Kalma? Philippus Breuker besiket yn dizze biografy har langsten en lotgefallen yn libben en wurk te ûntriedseljen. Simke hat mei har keunst in útwei út de ellinde fan har jonge jierren fûn, mar sykte en twivel oan de wearde fan dy keunst hawwe har letter it betreklike fan har stribjen fiele litten. Dochs is de Fryske literatuer net sûnder har te tinken. Mannich boek fan har hat noch altyd syn leafhawwers. Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân De Gouden Iuw yn Boazum en Fryslân yn de Gouden Iuw.
27,90
Hoe't God ferdwûn út Jorwert (Paperback)
Hoe't God ferdwûn út Jorwert (Paperback)
De Fryske oersetting fan in ikoanyske útjefte: Hoe God verdween uit Jorwerd. Mei in wiidweidich aktueel neiwurd troch Geert Mak. Hoe't God ferdwûn út Jorwert is de wilens klassike biografy fan in doarp yn 'e tiid fan 'e stille revolúsje tusken 1945 en 1995. It is it ferhaal fan 'e boeren en it jild, fan 'e lytse winkellju en de oprukkende stêd, fan 'e tsjerketoer dy't ynstoarte en de ymport dy't langer net groete, fan de natuer dy't weromkaam en tagelyk ferdwûn. Wat is der bard op it plattelân doe't de masines kamen, en de subsydzjes en de banken, en doe't de echte boeren stadichoan belies joegen?Geert Mak beskreau in histoaryske omkear dêr't op it plattelân en yn de doarpen noch altyd de gruttens en de gefolgen fan te merkbiten binne.
19,50
Wyn fan feroaring (Paperback)
Wyn fan feroaring (Paperback)
Johanna Kamstra is in jonge húsdokter dy 't sa op it each it perfekte libben hat. Har pasjinten binne wiis mei har, se is ferloofd mei gynaekolooch Joost en wennet yn in prachtige filla oan 'e râne fan Ljouwert. Dochs hat se altyd it gefoel dat se tekoart sjit en net past yn har omjouwing. Se hat al jierren gjin kontakt mear mei har âlden, dy 't der mar wat hinne libje. De ienige fan har famylje dêr 't se har by thús fielt is omke Hannes. Mei him en har neef Ate gong se as jongfaam altyd op sylfekânsje. As omke komt te ferstjerren moat Johanna wol kontakt sykje mei har heit en mem en sjocht se har famylje foar it earst yn jierren werom. Ek Ate. It testamint fan Hannes set it libben fan de famylje Kamstra folslein op 'e kop. Se moatte mei elkoar in kasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. De ynset: it foarstlik neilittenskip fan Hannes... Mei Wyn fan feroaring skriuwt Hilda Talsma de earste echte skûtsjeroman. Fris en tagongklik, mei 'it brûs foar
22,50
Wês wiis mei nuvere houtsjes (Paperback)
Wês wiis mei nuvere houtsjes (Paperback)
Yn dit boek bondelt Meindert Bylsma aparte ferhalen mei nuveraardige útkomsten. Hy neamt se kremearkes, kre(kt)mearkes. Dêrmei eigenet er him ta wat mearkes eigen is: frijheid. Gjin gemier mei wat wier is en net wier, gjin gemiter mei wat kin en wat net kin. Alles kin en alles is wier, oeral en altyd. In koartswilige bondel mei orizjinele fynsten en ynfalshoeken. Fan Meindert Bylsma ferskynden by Elikser earder trije spannende en fermaaklike plysjeromans oer it duo de Blomkes: Allegearre snie, Moard yn 'e hite hei en Moard yn tsjerke. Fierders skreau er de assosjaasroman It iene hellet it oare út, de novelle En dêr marsjearje ik hinne en twa bondels ferhalen en oertinkingen: Rys mei rezinen en In balpinne tsjin de râne fan it trotwaar.
19,50
Ntrije55 (Paperback)
Ntrije55 (Paperback)
Simmer 2017 rûn ik tal fan kearen oan 'e westkant fan Hurdegaryp by de N355 del. Ik socht dêr om lyts yndustrieel ôffal, lykas bygelyks eintsjes tou, stikjes metaal, glês en keunststof. Dy fynsten, losrekke fan in eardere funksje yn in grutter gehiel, wiene ferwurden ta tafallige foarmen en dêrmei beskikber foar my om in nije betsjutting oan te jaan.' De gedichten yn dizze bondel Ntrije55 hat Elske Kampen skreaun nei oanlieding fan dit materiaal. Dêrmei set se in folgjende stap op har paad om poëzy te skriuwen op grûn fan hieltyd abstrakter byld. De bylden yn de bondel binne fan deade matearje, mar roppe poëzy op dy't oer it libben giet. Trochgong Ik fyn in letterteken yn 'e berm. Krij it op en nim it mei. It foel ien ta de mûle út dy't skrok of dy't begrutsjen hie. Bewûndere of eangstich wie. No stjoert it teken my.
17,50
De Jacht (Paperback)
De Jacht (Paperback)
Dizze roman spilet foar it grutste part yn Ealsum, in doarp efter Dokkum. Former Bloemkamp komt werom nei syn bertedoarp as breafisker, jager en mollefanger. By de Ealsumers leit er der al gau út, om't er eigensinnige wegen giet. Syn tsjinspiler is Lútsen Idsardi, in idealist, mar tagelyk in labyl figuer, dy't maatskiplik rûnom mislearret. In slepend konflikt tusken Former en Lútsen einiget op befrijingsdei 1945 yn in drama. De roman De Jacht ferskynde foar it earst yn 1988 en wie doe al de sande roman fan Van der Ploeg. Mei it boek berikte er in breed lêzerspublyk. It is de earste fan de fjouwer romans dy't yn de oarloch yn de Dongeradielen spylje. De oare trije ferskynden as De oarloch fan Durk van der Ploeg yn 2011 yn ien bân by de Friese Pers Boekerij. Dizze tredde printing fan De Jacht is in werútjefte fan de earste. Yn it beskriuwen fan it lânskip en it skreppen, wrotten en bealgjen fan de lytse man is Van der Ploeg in master, ek wat syn taalgebrûk oanbelanget. Dick Eisma yn de
22,50

Klanten-reviews van Dy't in hûs fynt op 'e wyn

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Dy't in hûs fynt op 'e wyn

Productomschrijving

Dizze útjefte befettet alle gedichten en oersettingen út de bondels 'De weromkommer yn it ûnlân', 'In waarm wek altyd', 'Under fearne goaden', 'Fangst fan 'e demoandolfyn' en 'Sprankeskyn'. Friestalig.

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
EAN
9789461495259
Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.