Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Do bist de leafste (Hardback)

0
In tiidleas boek foar alle leeftiden mei leave gedichtsjes fan Hans en Monique Hagen en sfearfolle yllustraasjes fan Marit Törnqvist. Eppie Dam hat in prachtige oersetting makke. ik sykje in wurd in hiel nij wurd in wurd dat dij noch mist ik sykje in wurd dat sizze wol datsto de leafste bist...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Alle dagen Frysk (Kalender)
Alle dagen Frysk (Kalender)
Dizze jierkalinder ferrast dy alle dagen mei in moai Frysk wurd, mei in oersetting yn it Nederlânsk en it Ingelsk. De kalinder is maklik ynelkoar te setten en alle jierren op 'e nij te brûken. De yllustraasjes binne fan tolve ferskillende ûntwerpers, fotografen en yllustratoaren. It gehiel is foarmjûn troch ynisjatyfnimmer Birte Buwalda. Meiwurkers oan de kalinder: Chris Bakker, Brigitte van den Boogert, Birte Buwalda, Fredau Buwalda, John Hekert, Sandra Jongedijk, Tjitske Kamphuis, Anja Mulder, Dragan Thomas, Isa Veenstra, Mathilde van Wijnen en Renske Zijlstra De kalinder is ferpakt yn it stevige slúf (210x300x6 mm) mei in Japanske sluting. De 21 stevige fellen dûbelsidich beprinte papier binne ferdield yn njoggen kaartsjes. It papier is perforearre sadat it maklik te skuorren is en ek de gatsjes binne foarperforearre. Neidatst de kaartsjes losskuord hast en rûntsjes derút drukt kin it toutsje fan de Japanske sluting dertroch en.... klear (mei wat konfetti fergees derby). It formaat
12,95
Mearkes fan Grimm (Hardback)
Mearkes fan Grimm (Hardback)
In klassiker dy't jong en âld al twa ieuwen lang oansprekt is no einliks ek yn it Frysk foarhannen. De mearkes fan de buorren Grimm hearre ta de moaiste en bekendste ferhalen fan de wrâld. Foar it earst is der sa'n grutte samling fan har mearkes oerset yn it Frysk: fyftich ferhalen. No kinne bern en folwoeksenen mar (foar)lêze fan Sniewytsje, Readkapke of Toarnroaske. Dêrby falt der foar jong en âld gâns te ûntdekken yn de prachtige, artistike yllustraasjes dy't nij makke binne foar dit Fryske mearkeboek. De oersettings binne fan Anne Tjerk Popkema, dy't yn 2012 de Obe Postmapriis foar Fryske oersettings wûn. De yllustraasjes by de ferhalen binne fan Peter Boersma & Hilda Groenesteyn.
29,50
Dingeman krijt wjukken (Hardback)
Dingeman krijt wjukken (Hardback)
De twadde printinge fan de klassiker oer Dingeman dy't tegearre wennet mei syn mem yn it saaiste hûs fan de stêd. Op in dei krijt er in brief. Hy wurdt, mei noch alve oare bern, útnûge foar in simmerkamp op in spannende buorkerij ergens fier fuort. Dêr bist as bern hielendal eigen baas. Pensjonearde pakes en útborduerde beppes dogge alles watsto wolst, en dêrom stjoere se dy ek noait op bêd. Mar as er dêr oankomt blykt it hiel wat oars te wêzen… Eppie Dam is in produktyf en alsidich skriuwer. Hy skriuwt behalve berneboeken, ek gedichten, ferskes foar jong en âld, en lieten foar toaniel. Dêrneist set er poëzy oer út ferskate talen. Hy krige yn 2001 foar Dingeman krijt wjukken de Simke Kloostermanpriis. De yllustraasjes en wurkboeken fan byldzjend keunstner Gerrit Terpstra nimme in spesjaal plak yn. Se foarmen foar de skriuwer in ynspiraasjeboarne foar it skriuwen fan dit boek en litte sjen datst mei wat fantasy fan ienfâldich materiaal wiere keunstwurken meitsje kinst. Wat hearlik,
15,-
De lytse prins (Paperback)
De lytse prins (Paperback)
De Lytse Prins is in modern mearke en in boek foar jong en âld. In piloat makket in needlanning yn 'e Sahara en treft dêr de lytse prins, dy't him wûnderlike en wize ferhalen fertelt... -Farwol, sei de foks. Dit is myn geheim. It is tige simpel: kinst it bêste sjen mei it hert. Dêr't it om giet, dat is mei de eagen net te sjen. -Dêr't it om giet, dat is mei de eagen net te sjen, sei de lytse prins it him nei, om it te ûnthâlden. De auteur, Antoine de Saint-Exupéry, dy't ek de prachtige yllustraasjes makke, wie piloat en yn tsjinst fan 'e alliearden. Hy skreau De Lytse Prins yn it oarlochsjier 1943. In jier letter kaam er om doe't syn fleantúch op in ferkenningsflecht delhelle waard. It boek is al yn withoefolle talen oerset en heart ta de klassiken fan 'e wrâldliteratuer. Dizze útjefte, in oersetting fan Jacobus Quiryn Smink, ferskynde yn 1998 foar it earst yn it Frysk by de Koperative Utjowerij yn Boalsert. Dit is in yntegrale werútjefte fan dy publikaasje.
18,95
De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
Dit is net samar in boek. Dit boek giet oer de baron von Münchhausen en dat is net de earste de bêste. Yn dit boek fertelt er wat er allegear meimakke hat op syn reizen. En dat naait derút! Der komme liuwen yn foar. Krokodillen, fisken dy't skippen opite en útsûnderlike hynders. It wiene dan ek bysûndere reizen en dit is dan ek in bysûnder boek. Mei bjusterbaarlike ferhalen. Om foar te lêzen of sels te lêzen, dizze aventoeren wolst net misse! Foar bern fan 6-10 jier. Jurjen Faber (1973) skreau foar dit boek de moaiste ferhalen fan de baron op yn it Frysk. Hy hat mei syn maat Paul van Dijk in foarstelling oer deselde baron makke. Yn syn frije tiid mei hy graach lêze, skriuwe en muzyk meitsje. Yn de boekekast op de basisskoalle stie in boek oer in baron, fol mei nuvere ferhalen dy't net wier wêze koenen. De tekeningen yn dat boek hat er noait ferjitten. Paul van Dijk (1981) makke de yllustraasjes foar dit boek. Hy is fierder warber as skriuwer, dichter en muzikant. Mei syn maat Jurjen
13,50
De grutte ferrassing foar de memmen fan Stan (Hardback)
De grutte ferrassing foar de memmen fan Stan (Hardback)
Hiel bliid binne Tess en Fleur mei har krektberne neefke Stan. Se ferrasse de memmen fan Stan, tante Liz en tante Noor, mei in prachtich fersierd hûs. Mar dat is noch net alles. Mei heit en mem meitsje se in grutte ferrassing… Underwilens freget Fleur har ôf wêr't de heit fan Stan is. En wol Tess graach witte hoe't de tantes Stan makke hawwe. Gelokkich kin mem se der fan alles oer fertelle. De dei dat se de ferrassing bringe sillle, skrikt mem moarns betiid wekker. Se heart in aaklik stommeljen. Gau makket se heit wekker. Wat is der te rêden? Komt it allegear noch goed mei de grutte ferrassing? It mei net útmeitsje wêr'tst wei komst of berne bist. Wat dyn aard is, hoe'tst derút sjochst en oftst ryk bist of earm. We binne allegear oars, mar elkenien heart derby. It giet derom datst wêze kinst wa'tst bist en datst hâlde meist fan wa'tst wolst.
17,50
Sjongsto mei my (Hardback)
Sjongsto mei my (Hardback)
'ik hear wat moais dat gûnzet in sterk en libben liet der sil wier wat feroarje ik sjong en ik bin bliid' In jong famke wiist it paad op in muzikale reis. Se freget de minsken dy't se tsjinkomt om mei-inoar de wrâld in bytsje moaier te meitsjen. Dat is hielendal net sa dreech. De krêft om wat te feroarjen -grut of lyts- sit gewoan yn dysels. Amanda Gorman waard wrâldferneamd troch de foardracht fan har gedicht 'The Hill we Climb' tidens de ynauguraasje fan presidint Joe Biden. Se is dichter en set har yn foar it miljeu en in gelikense behanneling foar elkenien. Loren Long makke de kleurrike yllustraasjes by de ynspirearjende, lyryske tekst mei in belangrike, hoopfolle boadskip. Sjongsto ek mei?
15,-
Lampke (Hardback)
Lampke (Hardback)
Dit is in ferhaal oer de see. Oer geheimsinnige seewêzens en woeste piraten. Oer it Swarte Hûs fan de Admiraal, dêr't se fan sizze dat der in meunster wennet. Oer in grize fjoertoer op in eilân dat noch krekt fêstsit oan it fêstelân. Oer Lampke, de dochter fan de fjoertoerwachter, dy't alle jûnen de ienensechstich treden yn de fjoertoer opklimt om it ljocht oan te stekken. Oer in stoarmachtige jûn, as de lúsjefers op binne en alles misgiet. Mar foaral is it in ferhaal oer dapper wêze en mear kinne as datst oait tocht hiest. 'Mei Lampje hie ik der fuortendaliks in nij leaflingsboek by. It lêst as in modern en tagelyk tiidleas mearke.' - Tialda Hoogeveen, berneboeke-ambassadeur
19,99
De Wurdskat (Hardback)
De Wurdskat (Hardback)
Oskar fynt by it skatgraven in grutte kiste. Hy makket de kiste iepen, mar dan blykt dat der allinne mar wurden yn sitte. Oskar is bot teloarsteld, oant er de kracht fan wurden ûntdekt. Ast se ienkear útsprekst, hawwe wurden in magyske kracht. Dus gean der foarsichtich mei om. Mei wurden kinst de wrâld yn bloei sette. En kinst ûnferwachts ek samar in wurd fan ien kado krije. In orzjineel printeboek mei boartlike en humoristyske yllustraasjes oer wurdskat en fantasy. Fan 7 jier ôf.
17,99

Klanten-reviews van Do bist de leafste (Hardback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Do bist de leafste (Hardback)

Productomschrijving

In tiidleas boek foar alle leeftiden mei leave gedichtsjes fan Hans en Monique Hagen en sfearfolle yllustraasjes fan Marit Törnqvist. Eppie Dam hat in prachtige oersetting makke. ik sykje in wurd in hiel nij wurd in wurd dat dij noch mist ik sykje in wurd dat sizze wol datsto de leafste bist

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    Brand
    Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.