Meer Het Nieuwe Kanaal

De ynfaller (Paperback)

0
Wy skriuwe 1982, de simmerfakânsje komt yn sicht. Der wurdt fochten om de Falklands, de Kâlde Oarloch berikt in nij djiptepunt en Van Agt besuniget him in slach yn 'e rûnte. Tsjin dat dekôr sleept Marcus Ligthart him as ynfaller fan de iene nei de oare skoalle. Krekt wol er dermei ophâlde of hy kriget in tydlik baantsje op in skoalle yn 'e Wâlden o...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Brekber (Paperback)
Brekber (Paperback)
Sinne kin better mei hynders as mei minsken. Dy begrypt se teminsten en sy begripe har. Freonen hat se net, ôfsjoen fan Jorrit dy't se al har hiele libben kin en dêr't se letter in relaasje mei krijt. Hy begrypt har folslein, mar wol mear fan har as dat se him jaan kin. As se mei har âlden en sus nei Sardinië giet, op besite by har earder noch ûnbekinde pake en beppe, wurdt dúdlik wêr't Sinne har leafde en talint foar hynders fan hat mar ek har ûnfermogen om echt kontakt mei minsken te lizzen. Se treft in ruter dêr't se slim fan ûnder de yndruk rekket en dat set alle ferhâldingen op skerp. Desyllusionearre giet se werom nei hûs. Se fynt wurk op in maneezje dêr't se it nei 't sin hat. Mar dat duorret net lang, se krijt in nije baas. Hy hat in kompleet oare fizy as har. Se kin him net útstean en hy fynt har in oansteller. Dochs krije se úteinlik wat mear respekt foar elkoar mar dan sjocht Sinne eat dat har hert brekt en hy is dêrby belutsen. Se nimt in rigoereus beslút mar flechtet foar
22,50
Jeltsje fan Ieme tou (Paperback)
Jeltsje fan Ieme tou (Paperback)
Jeltsje wurdt troch har heit Ieme besteld by boer Hessel Brandsma. Ieme hat as bynamme 'tou', fanwege de negoasje fan allegear guod dêr't hy mei by de doarren lâns sutelet. It is skraabjen om 'e kant en hy kin de fertsjinst fan Jeltsje skoan brûke. Mar dan komt boer Brandsma Jeltsje tenei nei in jûn fan ôfwaaid praat en dat bliuwt net sûnder gefolgen. Brandsma soarget derfoar dat Jeltsje de oerstek nei Kanada makket, tegearre mei Ike Molenaar, dy't tinkt dat it berntsje fan him is. Jeltsje ûntsnapt hjirmei oan in libben fan wrotten en earmoede, mar it libben yn de frjemdte is ek net maklik. It boek begjint mei de besite fan dizze soan, Klaas, oan Brandsma, as dy al op leeftyd is. Doarpsgenoaten werkenne yn him it stal fan de Brandsma's en hy moat ek oan syn soan Wybrand tajaan dat er safolle jierren lyn in misstap makke hat. De famylje tinkt dat Klaas op de pleats of op jild út is en se ha gjin idee fan de wei dy't Jeltsje mei har húshâlding ôflein hat. Sa leart hy syn famylje goed
19,50
Skitterje en skûlje (Paperback)
Skitterje en skûlje (Paperback)
De dichter Jacobus Q. Smink (1954-2024) wie in markant persoan. Nei syn jeugd yn Sondel (Gaasterlân) en syn studintetiid yn Grins wenne er it grutste part fan syn libben yn Eindhoven, dêr't er wurke as learaar Nederlânsk. Yn 2022 kaam er werom nei Sondel, dêr't er de lêste twa jier fan syn libben trochbrocht. Hy wie ûnwjersteanber sjarmant, mar faak ek ûnbrûksum. Syn bipolêre steurnis brocht ferslavings oan alkohol, nikotine en kannabis mei, wêrtroch't allerhanne problemen ûntstienen. Dêr skreau er iepenhertige gedichten oer. Ek al wenne er yn Eindhoven, hy bleau dichtsjen yn syn memmetaal, it Frysk. Jacobus Q. Smink en Marian Hulshof kenne mekoar fan harren stúdzjetiid yn Grins. Tsientallen jierren nei harren moeting frege er har in blomlêzing út syn gedichten te meitsjen en ynterviewde sy him oer syn literêre boarnen, froulju en ferslavings. It resultaat is in biografy oer Jacobus Q. Smink, waans libben oanskôchlik makke wurdt mei in romme seleksje fan syn gedichten. Syn gedichten
27,50
It iene hellet it oare út (Paperback)
It iene hellet it oare út (Paperback)
Jo sille it no grif wol yn 'e gaten hawwe, achte lêzer, dit boek sil alle kanten út fleane. It ûntstiet. Ik ha gjin fêst plan. Ik sil mei feit en fiksje yn 'e kamp gean. As wie it yn in hurdfytswedstryd. Der kin feit yn myn bidon sitte, of feit mei in flut fantasije der trochhinne, mar it kin likegoed fiksje wêze, of fiksje mei in steal wierheid der yn. Dizze assojaasjeroman rint 'fan koarstekoeke nei jenever'. It begjint en eindiget mei it jonkje Timen,dat gauris te let op skoalle komt, omdat wat er ûnderweis tsjinkomt, him fan it iene yn it oare bringt, mar net op skoalle. En sa komt ek Meindert Bylsma fan it iene op it oare en hy jout syn fisy op de maatskippij en it libben op syn eigen orizjinele wize wer. Ryk fan taal en mei in iroanyske ûndertoan nimt er de lêzer mei op in noflike reis, ûnder oaren troch it Fryske literêre lânskip dêr't hy sels ek kleur en smaak oan jout.
19,95
Tichtby (Paperback)
Tichtby (Paperback)
De kop fluitet en kreaket him. Freegjen is in belangryk part fan syn wurk, mar hy hat ynienen gjin fragen mear. Hy pakt Ryk by de skouders en se ferwart har no net. Trochelkoar skodzje wol er har, mar docht it net. Ynstee dêrfan lûkt er har tsjin him oan. Soks docht er oars net. It is begrutsjen, miskien wanhoop, in meilibjen, in ynlibjen. 'Moatst my helpe Ale,' seit se mei in smoard lûd. 'Wêr is lytse Lutzen?' Plysjeman Ale Alema rekket diskear djip betize yn de leafde en yn de misdied. Syn hûs wurdt wer opboud nei in ferwoastgjende brân, mar der is mei in steger knoeid, wêrtroch't dy ynstoart. En letter krijt Ale in foto tastjoerd, fan Nanke, syn freondinne, dy't leit te sliepen. Kin hiel tichtby komme! stiet op it briefke dat der by sit. Letter krijt er noch ien, fan syn kollega Wytske, ek sliepend, mei itselde drigemint. Ek wurdt syn bankrekken leechhelle, troch Tichtby bv. Wa hat it op him foarsjoen? Op advys fan de ofsier fan justysje dûke Nanke en Ale in skoftsje ûnder en geane
22,50
Rosmos (Paperback)
Rosmos (Paperback)
Hedzer, telch út it romrofte Mebiuslaach, ûntflechtet it miljeu dêr't er yn grut wurden is. Gjin wiithannel, kontrabande of yllegale saakjes mear foar him. Dochs falt it him net ta om syn Mebiuswêzen samar oan 'e kant te skowen. Hedzer bedarret yn it nachtlibben, moetet in lichte fûgel en wurdt ferlyfd. Fan dat momint ôf rekket syn libben yn in streamfersnelling. Hy komt net allinne op de frjemdste plakken telâne, mar moat ek de wichtichste fragen beantwurdzje... Rosmos is in spannende en humoristyske roman dy't him ôfspilet yn de 'ûnderklasse' fan de maatskippij. Fol faasje nimt Willem Schoorstra de lêzer mei yn in ferhaal dat giet oer frouljushannel, moard, loyalens en komôf. Oer it opwaarmjen fan djipfries saté yn in wettersieder. Oer seks as jierdeikado yn it ramt fan in famyljetradysje.
10,-
Wek yn 'e rivier (Paperback)
Wek yn 'e rivier (Paperback)
In oangripende roman oer it libben fan Ake Dongera. Hy kin tige leare en studearret op oanstean fan syn heit teology. Yn 'e oarloch wurdt de húshâlding yn it fersetswurk behelle. As troch ferrie de pleats oerfallen wurdt en de manlju foar ferhoar meinommen wurde, feroaret wrâld en wrâldbyld fan Ake. Nei de oarloch giet er fierder mei in stúdzje klassike talen en ferdjippet er him yn 'e Grykske oarloggen. As er him taleit op it skriuwen fan in proefskrift ferfrjemdet er hieltyd mear fan de werklikheid. It ferhaal fan in húshâlding dy't troch de oarloch útinoar skuord wurdt. Ferteld troch de broer dy't in libben lang yn it skaad fan Ake libbe, mar de kop derfoar hâldt.
19,50
De lytse prins (Paperback)
De lytse prins (Paperback)
De Lytse Prins is in modern mearke en in boek foar jong en âld. In piloat makket in needlanning yn 'e Sahara en treft dêr de lytse prins, dy't him wûnderlike en wize ferhalen fertelt... -Farwol, sei de foks. Dit is myn geheim. It is tige simpel: kinst it bêste sjen mei it hert. Dêr't it om giet, dat is mei de eagen net te sjen. -Dêr't it om giet, dat is mei de eagen net te sjen, sei de lytse prins it him nei, om it te ûnthâlden. De auteur, Antoine de Saint-Exupéry, dy't ek de prachtige yllustraasjes makke, wie piloat en yn tsjinst fan 'e alliearden. Hy skreau De Lytse Prins yn it oarlochsjier 1943. In jier letter kaam er om doe't syn fleantúch op in ferkenningsflecht delhelle waard. It boek is al yn withoefolle talen oerset en heart ta de klassiken fan 'e wrâldliteratuer. Dizze útjefte, in oersetting fan Jacobus Quiryn Smink, ferskynde yn 1998 foar it earst yn it Frysk by de Koperative Utjowerij yn Boalsert. Dit is in yntegrale werútjefte fan dy publikaasje.
18,95
It neidiel fan 'e twivel (Paperback)
It neidiel fan 'e twivel (Paperback)
Bas hat al it ien en oar meimakke as er nei Italië giet foar in útwikselingsprojekt fan skoalle. Hy hat it dêr prima nei 't sin en wurdt al gau fereale op de mysterieuze Julia. Mar dan grypt it coronafirus om him hinne en de bûtenlânske studinten moatte daliks op it fleantúch nei hûs. Mar kin Bas syn grutte leafde sa achterlitte, krekt no't se har geheimen oan him ferteld hat? En hoe sit it eins mei syn eigen ferline? It neidiel fan 'e twivel is de twadde jeugdroman fan I.E. Bloem, dy't yn 2020 debutearre mei Eudaimoania. Sjoch hjir foar in ynterview yn it Friesch Dagblad: https://frieschdagblad.nl/cultuur/Schrijver-I.E.-Bloem-%E2%80%98De-Fryske-taal-is-te-moai-om-foar-de-jongerein-lizze-te-litten%E2%80%99-26806122.html
16,95
De Koalmasaak (Paperback)
De Koalmasaak (Paperback)
Haadresjersjeur Alema docht syn wurk mei nocht en is der folslein mei besteld. Hy giet der sa yn op dat er gauris te let thús is mei iten en net mear op e hichte is fan wat der thús bart. Syn frou Els hat dêr op in stuit har nocht fan, siket in flat en freget de skieding oan. Alema is folslein fan it sintum en hie it net oankommen sjoen, al hoe skerp er yn syn wurk oars altyd is. Lokkich is der ek wer it wurk dat him der trochskuort. Hy hat in frjemde saak by de kop. Boate Koalma, direkteur fan Koalma Konstruksjes, hat him deariden tsjin in beam. It liket in ûngelok, mar as de notaris him yn fertrouwen fertelt dat Koalma koartlyn in frjemd testamint opsteld hat mei de tekst Myn moardner erft my hiele besit, dûke hy en syn meiwurkster Wytske der djip yn, Alema sels justjes te djip. De moaie widdo fan Koalma, Marte, wynt Alema handich om har mysterieuze finger en Wytske begrypt soms net mear wat se oan Alema hat. Dizze plysjeroman, spyljend yn de regio Hearrenfean, is skreaun yn in
18,50

Klanten-reviews van De ynfaller (Paperback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over De ynfaller (Paperback)

Productomschrijving

Wy skriuwe 1982, de simmerfakânsje komt yn sicht. Der wurdt fochten om de Falklands, de Kâlde Oarloch berikt in nij djiptepunt en Van Agt besuniget him in slach yn 'e rûnte. Tsjin dat dekôr sleept Marcus Ligthart him as ynfaller fan de iene nei de oare skoalle. Krekt wol er dermei ophâlde of hy kriget in tydlik baantsje op in skoalle yn 'e Wâlden oanbean. Al gau komt Marcus derachter dat de leaflikens fan it doarp dêr't er yn telâne komt mar skyn is en dat it skoalteam fan tsjinstellingen oanelkoar hinget. De heechste klasse is in boarne fan ûnrêst, hy wit him amper steande te hâlden. Al is der ien famke dat yndruk op him makket, mear as dat goed foar him is. En wêr is juf Lin presys op út? Dat en mear wurdt dúdlik by it tradisjonele hichtepunt fan it skoaljier: it kampearreiske nei 't Amelân. De ynfaller is it ferslach fan in syktocht troch it labyrint dat it libben útmakket, in boek fol ûngemak, mei in slot dat lang om let de útwei biedt dêr't Marcus om socht.

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
Brand
Het Nieuwe Kanaal
Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.