Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

De Tsjûgen fan de macht (Paperback)

0
"Ik wit wol dat ik âld bin, mar dêr stean ik net by stil", sei Aggie van der Meer tsjin de lokale omrop neidat se de Gysbert Japickspriis 2019 wûn foar har hiele oeuvre. It skriuwen giet troch, nettsjinsteande in heal lamme skonk, of in each dat op swart sprongen is. De tsjûgen fan de macht is in boek dat sy perfoarst noch skriuwe woe. In famke is ...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Nieuw
De rykdom fan it ferline (Paperback)
De rykdom fan it ferline (Paperback)
Yn De rykdom fan it ferline fertelt Reinder Politiek oer it boerelibben yn syn bertedoarp Kimswert yn de tiid dat hy jong wie. Hoe't hy, lykas syn heit, boer wurden is, krekt as syn pake en oerpake. Der feroaren yn dy tiid net in protte dingen. Alles stie fêst en gie sa as it al jierren lang gien wie. Alles moast mei de hân dien wurde, en mei help fan hynders. It wie soms dreech om de fruchten út de grûn en op 'e tiid ûnderdak te krijen, sadat der yn 'e winter genôch te iten wie foar minsk en bist, en men der ek noch in sintsje fan oerhâlde koe foar de âlde dei. It ferskil mei hoe't it der hjoed-de-dei om en ta giet, is enoarm. Masines hawwe it wurk fan minsken en hynders oernommen, earmoede bestiet hast net mear, en benammen de ferhâlding tusken boer en wurknimmer is gâns oars wurden. In boer wie doe noch hearsker op eigen hiem en in arbeider wie yn syn eagen gauris neat wurdich. Feroaringen ten goede, soe men sizze, mar der is ek in bulte ferdwûn, wêr't de minsken no neat mear fan
32,50
De Gouden iuw yn Boazum (Hardback)
De Gouden iuw yn Boazum (Hardback)
Yn de gouden Iuw yn Boazum beskriuwt Philippus Breuker de libbens fan alle húshâldingen dy't fjouwerhûndert jier lyn mei elkoar yn ien doarp wennen. It giet oer gewoane minsken yn in karakteristyk Frysk doarp wennen. Guon wienen der berne, lykas har âlden, en soms wennen har bern der ek wer. Oaren kamen út de omkriten en in inkeling hie der gjin famylje. Sa omfiemet dizze doarpsmienskip yn 1640 twa iuwen, fan 1500 oant 1700. Fan de 87 húshâldingen wienen in protte famylje fan elkoar, foaral yn de Buorren, wat makke dat sy it dêr foar it sizzen hienen, al wienen de boeren altyd noch machtiger. De measten waarden stadichoan reformearre, mar guon holden ek fêst oan it âlde leauwe. Dat joech spanningen dy't net sûnder oerheidsyngripen oplost wurde koenen. De measte minsken hienen it net roem, mar nei 1650 kaam der in tiid fan oerbefolking en bittere earmoede. Philippus Breuker (1939) wennet al mear as fyftich jier yn Boazum. Dit is syn fjirde boek oer it doarp. Dêrneist hat er skreaun oer
19,90
De Onniefariant (Paperback)
De Onniefariant (Paperback)
It koroanafirus hat de wrâld al twa jier yn 'e greep. Lockdowns, faksinaasjes en oare maatregels ha in grutte wjerslach op 'e minsken. De grutte ûnwissichheid oer alles makket dat minsken hieltyd mear tsjinelkoar oer komme te stean. Ek de Onnies reitsje slim ferdield as it op pandemy en polityk oankomt. As dan ek noch de koarte, mar yntinse relaasje tusken Roos en Richard fan trije jier lyn oan it ljocht komt, rinne de frustraasjes oer en wer sa heech op, dat de famylje útinoar driget te fallen. In feest yn Klup Panhuys bringt koarte tiid wer wat fleur yn it libben, mar kin net foarkomme dat de oars sa krigele Connie hieltyd mismoediger wurdt. De help komt út ûnferwachte hoeke. Yn De Onniefariant komme suver alle âlde bekenden út de boeken fan Hilda Talsma wer werom, want allegear binne se op ien as oare wize ferbûn mei dy bysûndere twaling! Hilda Talsma skriuwt flotte en spannende boeken foar in breed publyk. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum: De twadde hûd, Flammen & It
21,50
Silke & Miss Dee (Hardback)
Silke & Miss Dee (Hardback)
De âlde Miss Dee dy't yn Ingelân berne is, wennet mei hûn en kat in eintsje bûten it doarp, ticht by de bushalte. De minsken fine har mar raar, want se sammelt fan alles en noch wat. Har hiele hûs leit fol. Bomfol. Sa is Miss Dee gek op kranten. Der lizze steapels troch it hiele hûs en der hingje selsmakke gerdinen fan krantepapier foar de finsters. De minsken sizze dat Miss Dee ûnder krantepapier sliept! Wa docht soks no? As Silke, in famke dat in eintsje fierderop op in pleats wennet, op in kear yn it krantehûs skûlje mei foar de rein, ûnstiet der in bysûndere freonskip. It hûs fan Miss Dee ûnderoan 'e dyk is foar Silke in oare wrâld, se komt dêr graach. Se leart in protte fan dy âld-learares dy't har in bytsje iensum fielt op it Fryske plattelân. Sa komt Silke stadichoan mear te witten oer it libben fan Miss Dee yn Ingelân en fansels ek oer de Ingelske taal! Silke hat it net altyd maklik op skoalle, se kin hiel goed leare, mar se wurdt ek faak pleage troch twa famkes út har klasse.
14,95
Nieuw
De aap foar de bokkewein (Paperback)
De aap foar de bokkewein (Paperback)
It jier hat bylden boud en wiske; wij stoarje troch it keamersrút - it krúspunt smeult, der twirret jiske, in pylk set noch de himel út. As it fehikel fan de foarútgong in bokkewein is, dan hiene we der leafst in wize sik foar hân. Mei fêst in idee om ergens hinne. Mar 2016 wie it jier fan de aap, net allinnich fan de Sinezen. Dichter Eppie Dam folge tsien moannen lang de tiid op 'e foet. De oanslaggen, it klimaat, de swalkjende polityk, ferlies oan gearhing en de iensumens fan God: it krijt allegear syn gerak yn dizze unike kronyk. Soms mei in lichtere toan om it út te sjongen. Ek mei de fraach oft der noch wat te kiezen falt yn in tiid dat neat mear te rymjen is. Ik sis, ik soe de kar ha wolle, mar oars as rymje kin ik net: tefolle wanklank yn 'e holle, en oeral wurde klokken let. Frysk, paperback, 96 siden
5,-
Achlum Nobusco en de monsternimmers (Hardback)
Achlum Nobusco en de monsternimmers (Hardback)
Achlum Nobusco is in âld-seeman mei in echte houten skonk. Hij wennet al trettjin jier yn 'e skieppeskuorre ûnder oan 'e seedyk. Soms klimt er op in âld ierappelkistje en stekt in preek ôf oer de fersmoarging fan it miljeu. De minsken fine him in nuver man, ien mei aparte ideeën, en se fertrouwe him net heal. Bern dy't oer him dreame, wurde gûlend wekker. Dat jildt net foar Mark en Nina van der Vliet. Dy ha noait bang foar Achlum west. As se op in middei wettermonsters nimme út 'e see, meitsje se kennis mei Achlum. Se fine him aardich en sjogge dat er sachte brune eagen hat, as fan in hiel leaf dier. Se ferjitte dat se eins net mei him prate meie en gean mei nei de skuorre. Dêr fertelt Achlum dat er op in eigenmakke skip nei it Nije Lân ta sil. Fan dy tiid ôf ha Mark en Nina noch mar ien gedachte: mei Achlum Nobusco nei it Nije Lân. Mar hoe fertelle se dat thús? Wat dogge se as Achlum har net mei ha wol? En dat Nije Lân - wêr leit dat eins? Wêrom is it nergens yn in atlas of op in
14,95
Nieuw
Der dy namma fan heten is (Paperback)
Der dy namma fan heten is (Paperback)
Yn Fryslân tilt it op fan doarpen, en der binne ek noch alve stêden. Efter de namme fan elk fan dy delsettingen sit in ferhaal. Wêrom hawwe de minsken harren wenplak neamd sa't it hyt? Hoe kamen de minsken op de plaknamme 'Wyldinghen' en wat is de doarpsnamme no? In hiel soad plaknammen binne foar it earst oerlevere yn it twadde part fan de midsiuwen, mar der is net by skreaun wat de eftergrûn fan dy nammen is. Mei kennis fan it Frysk en oare talen kin fan gâns fan dy nammen dochs hiel wat fan it komôf sein wurde. Yn dit boek wurde yn goed fjouwerhûndert koarte haadstikjes de nammen fan alle offisjele Fryske delsettingen beskreaun. Pieter Duijff is al mear as trije desennia oan de Fryske Akademy ferbûn. Hy hat dêr al dy tiid warber west op it mêd fan Fryske wurdboeken en wurdlisten. Boppedat hat er bygelyks skreaun oer taalfariaasje yn Fryslân, yn it bysûnder oer it Stedfrysk.
22,50
It geheim fan Lord Jim (Paperback)
It geheim fan Lord Jim (Paperback)
LORD JIM (1900) Stel, jo binne (noch mar sa'n 23-24 jier âld) earste stjurman oan board fan in rustich âld stoomboat op de Indise Oseaan op wei nei Mekka, mei 800 pelgrims oan board. Underweis stjit dat skip midden yn de nacht lek troch in oanfaring mei in ûnder wetter driuwend heal-sonken wrak en der ûntstiet in gat oan de foarkant. It foarste kompartimint rint fol wetter en it wettertichte skud, ek al ien en al rust, bûcht gefaarlik troch. De bemanning beseft dat it skip elk momint sinke kin, dat der yn de rêdingssloepen mar plak is foar sa'n 300 minsken, en dat der toch al gjin tiid wêze sil om dy krapoan 300 minsken yn de sloepen te krijen. Se binne ek bang dat der dan ferskriklike fjuchtpartijen ûntstean sille. Fjouwer fan de fiif blanke bemanningsleden wolle stikem yn ien fan de sloepen útnaaie sûnder de pelgrims wekker te meitsjen. De fyfde, Jim, wol earst net, want dat is tsjin alle regels fan de skipfeart en wat de beskaafde wrâld fan in bemanning ferwachtet. Mar as de sloep
29,95
Aurora bossa nova (Paperback)
Aurora bossa nova (Paperback)
Abdelkader Benali spriek yn de Martinitsjerke oer de poezy fan Brodsky en fan Tsjêbbe Hettinga en hy kaam ta de folgjende konklúzje: "Gedichten brengen een beetje licht. Meer hoeft poezie niet te doen." Yn de gedichten yn Aurora Bossa Nova wurdt net sasear socht om it ljocht, mar dochs wurdt it hjir en dêr fûn. Mar is it ljocht of is it skyn? De lêzer wurdt in weach dy't yn tûzen drippen te lider spat en in voyeur dy't in widdo en har hûn besjocht fan achter in gerdyn of in bern dat wachtet op in simmer dy't yn hotpants oer it trotwaar dûnset. En krekt as alles klear liket om te bliuwen sa't it is, falt alles wer útelkoar. In soartemint fan titelgedicht is Aurora, oer twa minsken dy't inoar fine op in bankje oan in kanaal. In lyts fers, mar dochs past it hiele universum der yn. Yn de fjirde bondel fan Arjan Hut binne de gedichten noch altyd dreamerich, is de taal boartlik, en wurde ideeën útwurke yn in ferskaat oan foarmen. De fersen binne binne tagonkliker as earder, mar net minder
15,-
Nieuw
De groep fan juf Pyt (Hardback)
De groep fan juf Pyt (Hardback)
Basisskoalle De Reinbôge hat it nije juf, se hjit Pytrikje. 'Dêr rekket ús tonge fan yn 'e knoop. Dus wy neame har juf Pyt.' Alle ferhalen yn dit boek spylje op skoalle. Sa lêst oer in robot dy't prate kin, oer picknicken op de flier fan it lokaal, oer in ferfelende mich dy't hieltyd tsjin it boerd fljocht en noch folle mear. Mar wat noch moaier is: dit boek lêst net allinnich. It is in teäterlêsboek dêr'tst mei-inoar út foarlêst. In soad wille mei dy grappige juf Pyt en har drokke, stoere, kreative, tûke groep! Mei-inoar tëaterlêze is mei in ploechje foarlêze oan in publyk. Do lêst tegearre foar mei in maat of freondintsje, mei mem of heit of mei bern út dyn groep. Of miskien wol pake of beppe wol meidwaan! By tëaterlêzen lêst foar mei it boek yn de hân. Hoechst gjin spesjale klean oan te lûken, of in achtergrûn te hawwen. It iennichste datst nedich hast, is dyn stim en in publyk fansels. Ferjit net nei ôfrin djip te bûgen. It applaus is foar dy!
14,95

Klanten-reviews van De Tsjûgen fan de macht (Paperback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over De Tsjûgen fan de macht (Paperback)

Productomschrijving

"Ik wit wol dat ik âld bin, mar dêr stean ik net by stil", sei Aggie van der Meer tsjin de lokale omrop neidat se de Gysbert Japickspriis 2019 wûn foar har hiele oeuvre. It skriuwen giet troch, nettsjinsteande in heal lamme skonk, of in each dat op swart sprongen is. De tsjûgen fan de macht is in boek dat sy perfoarst noch skriuwe woe. In famke is taskôger as de besetter de klokken út de Martinitsjerke hellet. In jier letter is de besetter ferslein, mar de frijheid hat de minsken net feroare. Tusken beide tsjûgenissen yn groeide in puzelfertelling oer macht en oer minsken. Wêr't de puzel ophâldt, is noch altyd net krekt te sizzen. Boadskippen út dreamen, achterútfleanende krieën, burokratysk absurdisme, it mysterieuze, mar o sa ynfloedrike Hegerhân........... in mozayk sa't allinne Aggie van der Meer optekenje kin.

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
Brand
Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.