De tiid stie even stil

0
Yn dizze bondel steane 22 hiel ferskillende ferhalen. Hy skriuwt koele observaasjes, mystearjes, humoristysk-realistyske stoarjes en ferrifeljende ferhalen. Friestalig....

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

De grize oer de grouwe (Paperback)
De grize oer de grouwe (Paperback)
Goeie ferhalen meie altyd wer op 'e nij ferteld wurde. Yn dizze bondel jout Sjoerd Bottema syn eigen draai oan bekende en minder bekende folksferhalen. Oer duvels, heksen, spûken en oar rosmos. Oer harren tjustere praktiken, grouwelich en grousum, mar ek gauris fermaaklik. Sjoerd Bottema debutearre yn 1995 mei It fertriet fan dokter Kildare. Dêrnei ferskynden ferskillende ferhalebondels en in roman. Yn 2020 waard it ferhaal Total Loss bekroand mei in Rely Jorritsmapriis.
16,50
De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
Dit is net samar in boek. Dit boek giet oer de baron von Münchhausen en dat is net de earste de bêste. Yn dit boek fertelt er wat er allegear meimakke hat op syn reizen. En dat naait derút! Der komme liuwen yn foar. Krokodillen, fisken dy't skippen opite en útsûnderlike hynders. It wiene dan ek bysûndere reizen en dit is dan ek in bysûnder boek. Mei bjusterbaarlike ferhalen. Om foar te lêzen of sels te lêzen, dizze aventoeren wolst net misse! Foar bern fan 6-10 jier. Jurjen Faber (1973) skreau foar dit boek de moaiste ferhalen fan de baron op yn it Frysk. Hy hat mei syn maat Paul van Dijk in foarstelling oer deselde baron makke. Yn syn frije tiid mei hy graach lêze, skriuwe en muzyk meitsje. Yn de boekekast op de basisskoalle stie in boek oer in baron, fol mei nuvere ferhalen dy't net wier wêze koenen. De tekeningen yn dat boek hat er noait ferjitten. Paul van Dijk (1981) makke de yllustraasjes foar dit boek. Hy is fierder warber as skriuwer, dichter en muzikant. Mei syn maat Jurjen
13,50
Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn de see (Paperback)
Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn de see (Paperback)
Dizze bondel fan Edwin de Groot is in hommaazje oan twa rigels fan de Poalske dichteres Wislawa Szymborska: Je bent - je moet voorbijgaan. Je gaat voorbij - en alles is oké. By wat der sa op syn wei komt, spilet by Edwin de Groot it besef fan it tydlik-wêzen fan de dingen in grutte rol. Mei wikseljende konklúzjejes jout hy dat besef foarm yn taal. Al wie it mar om foar te kommen dat jo sprakeleas tusken siiep tenûndergean. Edwin de Groot (1963) wûn al meardere kearen in Rely Jorritsma-priis foar syn poëzy. Earder publisearre hy de dichtbondels Ik skip (2009), Tongfal (2010) en de twatalige bondel In hazze is in lokkich bern/Een haas een gelukkig kind (2013). De Groot skriuwt net allinnich yn it Frysk, hy publisearret ek gedichten yn Nederlânske en Flaamske literêre tydskriften. Frysk, paperback, 76 siden
15,-
Tusken twa planeten (Paperback)
Tusken twa planeten (Paperback)
Tusken twa planeten is it tolfde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk en Mei gidsen nei hichten wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1996. Yn Tusken twa planeten ferkeart de ierde noch yn in primitive faze. De jonge geitehoeder Mardoek makket de lâning mei fan in romteskip fan de tolfde planeet. Hy wurdt troch de astronauten meinommen nei An. Op dizze planeet is de tsjinstelling tusken twa stêden grut. Anstêd hat in hege technologyske ûntwikkeling trochmakke, wylst Alterstêd
22,95
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen is in samling fan koarte ferhalen. It binne observaasjes fan gewoane, bysûndere minsken. Faak om te laitsjen, somtiden emosjoneel, mar o sa werkenber. Sa binne der de aventoeren fan it duo The Melody Brothers, dat yn kafees en feesttinten spile en it ferslach oer de sterilisaasje fan Wander de Groot yn 'Kastraasje'. Mar ek de oandwaanlike ferhalen fan fjouwer leden fan húshâlding Zonderland oer 'De skieding' en it ferhaal fan pensionado Jehannes van der Heide dy't as tiidferdriuw grêfstiennen skjinmakket. Santjin ferhalen oer freonskip, leafde en ferlies, mar wol mei in flinke doasis humor. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer. Freddie Scheltema (Easterein, 1960) hie yn syn tiid op de middelbere skoalle graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen foar syn boekelist. Dêrom begûn hy sels mei skriuwen. Earder ferskynde fan syn hân de bondel It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen.
14,90
Krêftfjilden (Paperback)
Krêftfjilden (Paperback)
Krêftfjilden is it sechde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften en Bertekrêft wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1984. Yn Krêftfjilden wurdt ferteld oer ferskillende persoanen mei in krêftfjild om har hinne. Sa belibbet Bouke Blomhof twa kear it krêftfjild fan in Alvestêdetocht, yn 1985 fan tichtby en yn 1986 op ôfstân. Marc Chagall skept mei syn byldzjende keunst yn Ruslân, Frankryk en de Feriene Steaten ferskillende krêftfjilden. De fjouwer grûnlizzers fan de Feriene Steaten lizze mei de Unôfhinklikheidsferklearring
22,95
De lytse prins (Paperback)
De lytse prins (Paperback)
De Lytse Prins is in modern mearke en in boek foar jong en âld. In piloat makket in needlanning yn 'e Sahara en treft dêr de lytse prins, dy't him wûnderlike en wize ferhalen fertelt... -Farwol, sei de foks. Dit is myn geheim. It is tige simpel: kinst it bêste sjen mei it hert. Dêr't it om giet, dat is mei de eagen net te sjen. -Dêr't it om giet, dat is mei de eagen net te sjen, sei de lytse prins it him nei, om it te ûnthâlden. De auteur, Antoine de Saint-Exupéry, dy't ek de prachtige yllustraasjes makke, wie piloat en yn tsjinst fan 'e alliearden. Hy skreau De Lytse Prins yn it oarlochsjier 1943. In jier letter kaam er om doe't syn fleantúch op in ferkenningsflecht delhelle waard. It boek is al yn withoefolle talen oerset en heart ta de klassiken fan 'e wrâldliteratuer. Dizze útjefte, in oersetting fan Jacobus Quiryn Smink, ferskynde yn 1998 foar it earst yn it Frysk by de Koperative Utjowerij yn Boalsert. Dit is in yntegrale werútjefte fan dy publikaasje.
18,95
Famke fan snie (Paperback)
Famke fan snie (Paperback)
Famke fan snie is in boartlike, byldrike bondel fol dreamen en fantasy. De fersen foarmje in lange, skrinende reis yn in sykjen nei soen mei it ferlies fan in famke. Mei de ynbylding fan in bern besiket de ïk"rjochting te sykjen yn dream en taal, yn stêd en bosk, op syk nei it ferlerne, om te oerlibjen. Paul van Dijk (1981)is in alsidige geast. Hy is skriuwer fan berneboeken, kollums en teaterstikken en is aktyf as muzikant en as tekener. Troch syn dochter waard er dichter. Dizze bondel is syn debút. Foar it fers "Etude yn 'e rein" krige er de Rely Jorritsmapriis.
15,-
DC ... en tichterby / DC ... en dichterbij (Paperback)
DC ... en tichterby / DC ... en dichterbij (Paperback)
Dizze tredde bondel fan Simon Oosting is twatalich en hjit DC...en tichterby / DC...en dichterbij. DC is Washington DC dêr't de dichter in skoft wenne hat; gedichten oer DC steane yn it skift mei de gelikense namme. Der komme mear fiere streken oan bar, mar ek de omkriten fan de Feanhoop yn Fryslân dêr't de dichter in searje gedichten oer brêgen makke hat. De bondel hat fiif skiften dy't allegear in motto meikrigen hawwe út de Odyssee. Deze derde bundel van Simon Oosting is tweetalig, Fries en Nederlands, en heet DC...en tichterby / DC...en dichterbij. DC is Washington DC waar de dichter een tijd woonde; gedichten over DC staan in de gelijknamige afdeling van de bundel. Er komen nog andere verre gebieden aan de orde, maar ook de streek rondom de Veenhoop in Friesland waar de dichter een serie gedichten over bruggen maakte. De bundel bestaat uit vijf afdelingen die ieder een motto hebben meegekregen uit de Odyssee.
17,50
Fersen foar Fokje (Hardback)
Fersen foar Fokje (Hardback)
Yn de simmer fan 1881 krige de jonge Piter Jelles Troelstra ferkearing mei de boeredochter Fokje Frânses Pasma fan Westermar. Doe't hy studint waard yn Grins, moast dit oer wêze neffens de famylje Troelstra. Yn njoggentjin fersen fan Piter Jelles fynt men dêrfan de delslach. De fersen foar Fokje beskriuwe syn jongfeinte lok en lijen. 'De leafde foel as simmerrein m'yn 't hert,' skriuwt er. De opgong, de twifel, de hope op better as de ferkearing in jier tusken heakjes set wurdt, de ferstille wanhoop en mankelikens komme allegear werom yn dizze syklus. Bertus Mulder ( It Hearrenfean, 1949) studearre arbeidssosjology, wie dosint sosjale skiednis en promovearre yn 1991 oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy is auteur fan de boeken De jonge Piter Jelles, Jaap Nieuwenhuize Onstuimig en onvervaard en de Nazi's te slim af zijn.
12,50

Klanten-reviews van De tiid stie even stil

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over De tiid stie even stil

Productomschrijving

Yn dizze bondel steane 22 hiel ferskillende ferhalen. Hy skriuwt koele observaasjes, mystearjes, humoristysk-realistyske stoarjes en ferrifeljende ferhalen. Friestalig.

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
EAN
9789461494191
Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.