De rôf fan de Fryske mummy

0
Anna (12 jier) lost de mummyrôf by Wiuwert op. In spannend berneboek fol faasje....

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

De rôf fan de Fryske mummy (Hardback)
De rôf fan de Fryske mummy (Hardback)
“Twa tellen letter siet ik ferstoppe achter de houten planken fan 'e preekstoel. De trep fan 'e mummykelder kreake. Mefrou Griis rûn nei boppen. Hie se my heard? Har hakken tikken fierder op 'e stiennen fan 'e tsjerkeflier. Elk momint ferwachte ik dat har gesicht mei dy gemiene laits ferskine soe.” De tolvejierrige Anna mei net mei har âlden mei nei Singapore. No moat se op fakânsje mei har freeslike tante Keet. En dan ek nochris nei de lytste en saaiste camping fan Fryslân. Gelokkich moetet se Wietze. Hy nimt har mei nei de mysterieuze tsjerke yn it doarpke Wiuwert. In tsjerke mei in grut geheim. Want minsken dy't dêr begroeven wurde, feroarje yn mummys! Mar as se in besite oan de tsjerke bringe, sjocht Anna in frou wat fertochts dwaan. Wol sy ien fan de mummys rôvje om achter it geheim te kommen? Of slacht Anna's fantasy op 'e rin? Foar't se it yn 'e gaten hat, komt Anna yn in spannend aventoer telâne en is se miskien wol de iennige dy't de mummy rêde kin. De rôf fan de Fryske mummy
16,99
De nacht fan Mare (Paperback)
De nacht fan Mare (Paperback)
Mare, santjin jier, iennichst bern, beskerme grutbrocht yn in begoedige húshâlding. Thomas, twaentweintich jier, soan fan in kroechbaas en op 'e syk nei syn plak yn de weareld. Dat binne de haadpersoanen yn dizze nije roman fan Willem Schoorstra. Se moetsje inoar ein jierren santich yn Ljouwert, by it legindaryske konsert fan Herman Brood yn de Prinsetún. Tsjin in dekôr fan rock 'n roll, polityk bewustwêzen en seksuele útspattings en represje ûntjout him in relaasje dy't alles mei ferslaving te krijen hat. 'De Nacht fan Mare is, nei twa histoaryske romans, opnij eigentiids wurk fan Willem Schoorstra. In boek dat de lêzer fuortendaliks by de lurven krijt, om dêrnei net wer los te litten.' Ut de ynhâld 'Ik moat my noch even deljaan,' sis ik tsjin him, wylst ik op it matras krûp. 'Komst by my te lizzen?' 'Jawis,' antwurdet er. Hy laket en hellet de tonge suggestyf oer de lippen. 'Echt net. Dyn lul triuwt tsjin dyn harsens. Kom.' Ik draai my op 'e side en hy giet tsjin my oan lizzen. Hy
19,50
De bûseskatten fan Poike (Hardback)
De bûseskatten fan Poike (Hardback)
Fan in snoeppapierke oant de aldermoaiste stien, fan in knikkert oant in wolk yn in pûdsje, fan in kleurige plestik dop oant in wjirm, allegear kinne it bûseskatten wêze. Jas- en broeksbûsen binne de bêste skatkeamers fan de hiele wrâld. Wat is der dan ek moaier as bûten om te strunen en skatten te ûntdekken en te sammeljen? De bûseskatten fan Poike is in boek fol mei gedichten, ferhalen en knutselwurkjes ynspirearre op sammele bûseskatten, foar bern fan 4 jier ôf.
15,95
Dynamyske Bestimming (Paperback)
Dynamyske Bestimming (Paperback)
Dynamyske bestimming is it tweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten, Hege flecht en Dynamyske bestimming wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 2000. Yn Dynamyske bestimming komt men net út by statyske situaasjes. Sa reizgje yn it jier 2000 Friezen út 'e hiele wrâld werom nei har bertegrûn en belibje dêr dagen fol dynamyk. Charles Lindbergh fleach yn it jier 1927 solo de Atlantyske Oseaan oer mei as bestimming Parys, dêr't him in dynamysk
22,95
It geheim fan Lord Jim (Paperback)
It geheim fan Lord Jim (Paperback)
LORD JIM (1900) Stel, jo binne (noch mar sa'n 23-24 jier âld) earste stjurman oan board fan in rustich âld stoomboat op de Indise Oseaan op wei nei Mekka, mei 800 pelgrims oan board. Underweis stjit dat skip midden yn de nacht lek troch in oanfaring mei in ûnder wetter driuwend heal-sonken wrak en der ûntstiet in gat oan de foarkant. It foarste kompartimint rint fol wetter en it wettertichte skud, ek al ien en al rust, bûcht gefaarlik troch. De bemanning beseft dat it skip elk momint sinke kin, dat der yn de rêdingssloepen mar plak is foar sa'n 300 minsken, en dat der toch al gjin tiid wêze sil om dy krapoan 300 minsken yn de sloepen te krijen. Se binne ek bang dat der dan ferskriklike fjuchtpartijen ûntstean sille. Fjouwer fan de fiif blanke bemanningsleden wolle stikem yn ien fan de sloepen útnaaie sûnder de pelgrims wekker te meitsjen. De fyfde, Jim, wol earst net, want dat is tsjin alle regels fan de skipfeart en wat de beskaafde wrâld fan in bemanning ferwachtet. Mar as de sloep
29,95
De Tsjûgen fan de macht (Paperback)
De Tsjûgen fan de macht (Paperback)
"Ik wit wol dat ik âld bin, mar dêr stean ik net by stil", sei Aggie van der Meer tsjin de lokale omrop neidat se de Gysbert Japickspriis 2019 wûn foar har hiele oeuvre. It skriuwen giet troch, nettsjinsteande in heal lamme skonk, of in each dat op swart sprongen is. De tsjûgen fan de macht is in boek dat sy perfoarst noch skriuwe woe. In famke is taskôger as de besetter de klokken út de Martinitsjerke hellet. In jier letter is de besetter ferslein, mar de frijheid hat de minsken net feroare. Tusken beide tsjûgenissen yn groeide in puzelfertelling oer macht en oer minsken. Wêr't de puzel ophâldt, is noch altyd net krekt te sizzen. Boadskippen út dreamen, achterútfleanende krieën, burokratysk absurdisme, it mysterieuze, mar o sa ynfloedrike Hegerhân........... in mozayk sa't allinne Aggie van der Meer optekenje kin.
16,50
Yn de tiid fan de guillotine (Paperback)
Yn de tiid fan de guillotine (Paperback)
De roman Yn de tiid fan de guillotine spilet yn Londen en Parys, likernôch tusken 1775 en de earste bluodderige jierren fan de Frânse revolúsje. It begjint yn 1775, as dokter Alexandre Manette nei 18 jier opsluting sûnder foarm fan proses frijlitten wurdt út de beruchte Bastille. Hij wist fan misdieden fan de aadlike bruorren Evrémonde, dy't him om dy reden dêr fêstsetten hienen. De bankier Jarvis Lorry reizget mei Lucie, dochter fan Manette, nei Parys om him op te heljen, út in ûnderkommen dat Defarge, eardere feint fan Manette, him bean hie. Dokter Manette, nei 18 jier suver syn ferstân ferlern hawwend, knapt stadichoan op en begjint in praktyk yn Londen. Yn 1780 wurdt Charles Darnay, omkesizzer fan ien fan dy aadlike bruorren, yn Londen frijsprutsen fan spionaazje foar Frankryk. Hij wie út wjersin foar syn famylje útwykt nei Londen en hie in oare namme oannommen. Hij wurdt frijsprutsen fanwege syn sterke gelikenis mei ien fan syn advokaten, Sydney Carton, wat de beskuldiging ûnderút
34,95
De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer (Hardback)
De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer (Hardback)
Melle en syn famylje binne op fakânsje yn 'e Alpen. Midden yn 'e nacht wurdt Melle syn suske Limoni yn panyk wekker. Wêr is har rêchtas? En noch wichtiger, wêr is har eigen Goargel, Belia? Dat is it begjin fan in superspannend aventoer wêryn't it spoar liedt nei de gletsjer, dy't stadich begjint te ranen no't it waarmer wurdt. Melle, Bobba en Limoni komme yn 'e kunde mei Murmeltieren, rôffûgels, Berchgoargels en Koarrepûsters. Se wurde holpen troch Katja, dy't alles wit oer de gefaren fan 'e bergen … In op syn minst like spannend en fantasyryk aventoer as De Goargels. Fan komyk Jochem Myjer. Yllustrearre troch Rick de Haas, bekend fan Mees Kees én fansels De Goargels! Jochem Myjer is ien fan de grutste en meast populêre komiken. Hy stiet foar útferkochte sealen, oan 'e nok ta fol mei jong en âld. No ek bekend as skriuwer fan De Goargels!
18,99
De heit (Paperback)
De heit (Paperback)
Maart is dûbeld bysûnder, betink ik. Se is om lilk op te wurden en tagelyk om te aaien, se is en gek en leaf, je wolle har straffe en oankrûpe tagelyk, alle kearen ferbetterje mar ek hieltyd graach leauwe wat se seit. Se is bytiden sawol in gefaarlik fjoer as in amerfol kâld wetter. Ald-resjersjeur Ale Alema is twa moanne mei pensjoen en kin mar net wenne oan syn tefolle oan lege tiid. En dan bellet Maart. Beke Maart den Backer is in freondinne fan Ale syn ferstoarne frou Els en in krûdfet fol tsjinstellingen. 'It Mystearje Maart' sei syn Els altyd. Fiifentritich jier lyn liet se har man en beide bern samar efter doe't se nei Austraalje ôfsette. Wêrom is Maart werom en wat wol se fan Ale? Maart komt mei in roukaart oansetten. De datum stiet al fêst: 16 septimber. It hellet it o sa rêstich libben fan Ale fan de iene op 'e oare dei folslein oer de kop. Dit is it sânde boek yn in rige flotte en fermaaklike plysjeromans fan Jan Schokker mei Ale Alema yn de haadrol. Jan Schokker is yn 1952
19,95
De twadde hud (Paperback)
De twadde hud (Paperback)
Elske hat in opstannige dochter, in man dy 't nei in ûngeluk de moed opjûn hat, mar dochs docht se har bêst om wat fan har libben te meitsjen. Lykwols, djip yn harsels heakket der wat. Se tinkt dat in lytse poppe har libben kompleet meitsje sil, mar dat kin net mei Sjoerd, dy is ûnfruchtber. Se sit sa fol fan har bernewinsk, dat se op in stuit yn beskonken tastân in drastysk beslút nimt. Mar de keardel dy't se útsiket om har dream útkomme te litten, foldocht likemin oan har winsk. Se hat sa'n spyt fan har domdrystens dat se har djip skammet. De jûns foar de merke set se him oan 'e dyk, mar dêr is hy it net mei iens. Sjoerd docht ûnderwilens hieltyd mear syn bêst om yndruk op har te meitsjen en it liket wol oft se wer wat nei-elkoar ta groeie. En dan stiet dy âlde, bekende karavan op it merketerrein. Oantinkens fan mear as tweintich jier lyn komme yn alle fûlens nei boppen. Unferwachts stiet se each yn each mei Ronny. De grins tusken froeger en no is ynienen fuort. Wêrom is er samar wer
21,50

Klanten-reviews van De rôf fan de Fryske mummy

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over De rôf fan de Fryske mummy

Productomschrijving

Anna (12 jier) lost de mummyrôf by Wiuwert op. In spannend berneboek fol faasje.

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
EAN
9789460381720

Verken gerelateerde categorieën

Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.