Meer TDE
Meer TDE in Literatuur boeken

De reade bwarre

0
It kearnferhaal yn dit boek hannelet oer de bodzjende gerniershúshâlding Bosma, alias de `Modderklauers', op it Ferwerter klaailân. Dêrnêst is der de geheimsinnige sekte fan de `Bwarristen' dy't de lear neifolget fan de reade boarre Boldgrim, de `grutte ferneuker'. In tredde ferhaalline fertelt de jeugdoantinkens fan it jonkje Tilly, it autobiograf...

Alle aanbiedingen van dit product

Sorry, dit product is momenteel niet beschikbaar

Anderen bekeken ook

Der is neat om glêd te striken (Hardback)
Der is neat om glêd te striken (Hardback)
Trinus Riemersma (1938-2011) kaam yn 1964 mei syn debút Fabryk daliks foaroan te stean yn it Fryske literêre fermidden en dat is altyd sa bleaun. Hy rekke ferneamd om syn fermogen ta polemyk en syn ferlet om hieltyd nije literêre eksperiminten oan te gean. Syn Frysk taalgebrûk wie útsûnderlik linich. Hy folge altyd syn eigen paad en gie geregeld yn tsjin gongbere mieningen. Hy wie wis fan syn eigen literêre kapasiteiten, mar woe net nei de eagen sjoen wurde. Bytiden wie er dwers en obsternaat, mar hy koe ek sentiminteel wêze. Yn dizze biografy komme neist syn literêre karriêre ek syn libbensrin en de ferbiningen tusken beide oan 'e oarder. Alle kanten fan syn karakter krije oandacht. De titel Der is neat om glêd te striken, is keazen om't Trinus altyd earlik wie, tsjinoer himsels en ek tsjin oaren. Hy hie der gjin ferlet fan om saken ûnder it kleed te feien. Dat kredo jilde ek foar de biograaf. Doeke Sijens (1955) wie bibliotekaris yn Grins en hat in rige boeken op syn namme stean,
35,-
De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
Dit is net samar in boek. Dit boek giet oer de baron von Münchhausen en dat is net de earste de bêste. Yn dit boek fertelt er wat er allegear meimakke hat op syn reizen. En dat naait derút! Der komme liuwen yn foar. Krokodillen, fisken dy't skippen opite en útsûnderlike hynders. It wiene dan ek bysûndere reizen en dit is dan ek in bysûnder boek. Mei bjusterbaarlike ferhalen. Om foar te lêzen of sels te lêzen, dizze aventoeren wolst net misse! Foar bern fan 6-10 jier. Jurjen Faber (1973) skreau foar dit boek de moaiste ferhalen fan de baron op yn it Frysk. Hy hat mei syn maat Paul van Dijk in foarstelling oer deselde baron makke. Yn syn frije tiid mei hy graach lêze, skriuwe en muzyk meitsje. Yn de boekekast op de basisskoalle stie in boek oer in baron, fol mei nuvere ferhalen dy't net wier wêze koenen. De tekeningen yn dat boek hat er noait ferjitten. Paul van Dijk (1981) makke de yllustraasjes foar dit boek. Hy is fierder warber as skriuwer, dichter en muzikant. Mei syn maat Jurjen
13,50
Boudewijn De Groot - Boudewijn De Groot Yn It Frysk (Gekleurd Vinyl) (Record Store Day Black Friday 2022) (LP)
Boudewijn De Groot - Boudewijn De Groot Yn It Frysk (Gekleurd Vinyl) (Record Store Day Black Friday 2022) (LP)
Een Fries eerbetoon aan Boudewijn de Groot. Boudewijn de Groot is één van de bekendste Nederlandstalige zangers. Hij maakte naam in de jaren zestig met een reeks zeer succesvolle singles en albums waarna hij met wisselend succes veel verschillende muziekstijlen uitprobeerde. Naast een Edison voor zijn totale oeuvre ontving hij diverse prestigieuze prijzen.Samen met jeugdvriend Lennaert Nijgh schreef hij een aantal van de mooiste liedjes in de Nederlandse popmuziek. Ook samen met andere bekende tekstdichters - zoals Freek de Jonge en Gerrit Komrij - schreef De Groot succesvolle nummers. Boudewijn de Groot zijn muziek heeft bij veel jongeren in die tijd bijgedragen aan de maatschappij kritische zienswijze en ontzuiling in de jaren zestig en zeventig. Tracklist: Kant A * Fersopen protter (Grytz) * Njonken dy (Sypke de Boer) * Under ús (Jan Nota) * At de reek ut dyn kop fuort is (Jan Dirk van Ravesteijn) * It lan fan mar en wille (Sipke de Boer) * Lekker reste menaer de presidint (Ja…
69,99
De albasten nimf (Paperback)
De albasten nimf (Paperback)
It houlik fan Antonius Hendrikus van Wely hâldt net oer. Fangefolgen ûntflechtet er syn Antsje gauris, wat sei, hy ûntflechtet himsels, op syn deistige kuier s moarns ier as er passanten in rol jout yn syn imazjinêr belibjen fan de werklikheid. Hy tinkt himsels by minsken yn 'e hûs, by moaie froulju, sterke froulju… hy tinkt him de bedriging yn fan de jonges fan de stegen, sechstjinjierrigen dy't op fernielerij út binne, op it skoppen fan âlde minsken… en ja, dan libbet it swier as de reële en de imazjinêre wrâlden bytiden trochinoar rinne. Yn syn tredde roman, nei Littenser Merke en Famke famke sketst Ale S. van Zandbergen in haadpersoan dy't oanhelle is mei iensumens, in situaasje dy't op 'en doer om help ropt. De help komt der, fan in psychoterapeute, in frou dy't mei har freondinne in bernewinsk hat… dan is der ferlet fan in donor. Der ûntstiet in plan dêr't even gjin plak is foar de eed fan Hippocrates…
19,95
De keunst as útwei (Paperback)
De keunst as útwei (Paperback)
Wat makke dat Simke Kloosterman keas foar in bestean as skriuwster, en dan ek noch yn it Frysk? Wat feroarsake de mankelike toan, dy't ek yn it wurk fan har heit Jan Ritskes werom te finen is? En hokker rol spile har ferloving en lettere freonskip mei Douwe Kalma? Philippus Breuker besiket yn dizze biografy har langsten en lotgefallen yn libben en wurk te ûntriedseljen. Simke hat mei har keunst in útwei út de ellinde fan har jonge jierren fûn, mar sykte en twivel oan de wearde fan dy keunst hawwe har letter it betreklike fan har stribjen fiele litten. Dochs is de Fryske literatuer net sûnder har te tinken. Mannich boek fan har hat noch altyd syn leafhawwers. Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân De Gouden Iuw yn Boazum en Fryslân yn de Gouden Iuw.
27,90
Dynamyske Bestimming (Paperback)
Dynamyske Bestimming (Paperback)
Dynamyske bestimming is it tweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten, Hege flecht en Dynamyske bestimming wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 2000. Yn Dynamyske bestimming komt men net út by statyske situaasjes. Sa reizgje yn it jier 2000 Friezen út 'e hiele wrâld werom nei har bertegrûn en belibje dêr dagen fol dynamyk. Charles Lindbergh fleach yn it jier 1927 solo de Atlantyske Oseaan oer mei as bestimming Parys, dêr't him in dynamysk
22,95
De lytse prins (Paperback)
De lytse prins (Paperback)
De Lytse Prins is in modern mearke en in boek foar jong en âld. In piloat makket in needlanning yn 'e Sahara en treft dêr de lytse prins, dy't him wûnderlike en wize ferhalen fertelt... -Farwol, sei de foks. Dit is myn geheim. It is tige simpel: kinst it bêste sjen mei it hert. Dêr't it om giet, dat is mei de eagen net te sjen. -Dêr't it om giet, dat is mei de eagen net te sjen, sei de lytse prins it him nei, om it te ûnthâlden. De auteur, Antoine de Saint-Exupéry, dy't ek de prachtige yllustraasjes makke, wie piloat en yn tsjinst fan 'e alliearden. Hy skreau De Lytse Prins yn it oarlochsjier 1943. In jier letter kaam er om doe't syn fleantúch op in ferkenningsflecht delhelle waard. It boek is al yn withoefolle talen oerset en heart ta de klassiken fan 'e wrâldliteratuer. Dizze útjefte, in oersetting fan Jacobus Quiryn Smink, ferskynde yn 1998 foar it earst yn it Frysk by de Koperative Utjowerij yn Boalsert. Dit is in yntegrale werútjefte fan dy publikaasje.
18,95
Van een Glorieuze Toekomst (Paperback)
Van een Glorieuze Toekomst (Paperback)
Van een glorieuze toekomst is it ienentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten, Hege flecht en Dynamyske bestimming wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 2000. In Van een glorieuze toekomst wurdt it libben en de ferkundiging beskreaun fan Mirzá Husayn 'Ali, lieder fan de Bahá'ís, in religieuze streaming dy't har oarsprong hat yn Perzië. Hy waard beskôge as in manifestaasje fan Allah, in profeet mei de namme Bahá'u'lláh, ôfkoarte as Bahá
22,95
De achttjin (Paperback)
De achttjin (Paperback)
Praag 1969. Jan Palach hat himsels yn brân stutsen as protest tsjin de Russyske besetting fan Tsjecho-Slowakije. It Politburo yn Praach moat soargje dat de skea dy't sa tabrocht wurdt oan it stalinisme, beheind bliuwt. Mar hoe bliuwt it Politburo in ienheid? In roman oer krityk, keuzes meitsje en de gefolgen dy't dat hawwe kin. Net allinnich foar jo sels. "Alhoewol't er mei de rêch nei my ta stie, wist ik dat er it wie: de man dy't my al in moai skoft dwaande hâlde. It wie syn hâlding, de opfallende yntensivens dy't my ek de earste kear al rekke. Hy koe net witte dat if foar my mear wie as in gelokkich tafal dat wy op itselde momint foar de Guernica stienen" "De Achttjin fan Aggie van der Meer is ien fan de nijsgjirrichste romans dy't ik yn it Frysk lêzen ha. Dat leit oan it sintrale gegeven: de ferantwurdelikheid fan it yndividu foar it kollektyf, mar ek foar syn eigen idealen oer. Mar it leit likegoed oan de literêre wize sa't Van der Meer it ferhaal staljûn hat. De skriuwstyl is sa
13,50
De groep fan juf Pyt (Hardback)
De groep fan juf Pyt (Hardback)
Basisskoalle De Reinbôge hat it nije juf, se hjit Pytrikje. 'Dêr rekket ús tonge fan yn 'e knoop. Dus wy neame har juf Pyt.' Alle ferhalen yn dit boek spylje op skoalle. Sa lêst oer in robot dy't prate kin, oer picknicken op de flier fan it lokaal, oer in ferfelende mich dy't hieltyd tsjin it boerd fljocht en noch folle mear. Mar wat noch moaier is: dit boek lêst net allinnich. It is in teäterlêsboek dêr'tst mei-inoar út foarlêst. In soad wille mei dy grappige juf Pyt en har drokke, stoere, kreative, tûke groep! Mei-inoar tëaterlêze is mei in ploechje foarlêze oan in publyk. Do lêst tegearre foar mei in maat of freondintsje, mei mem of heit of mei bern út dyn groep. Of miskien wol pake of beppe wol meidwaan! By tëaterlêzen lêst foar mei it boek yn de hân. Hoechst gjin spesjale klean oan te lûken, of in achtergrûn te hawwen. It iennichste datst nedich hast, is dyn stim en in publyk fansels. Ferjit net nei ôfrin djip te bûgen. It applaus is foar dy!
14,95

Klanten-reviews van De reade bwarre

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over De reade bwarre

Productomschrijving

It kearnferhaal yn dit boek hannelet oer de bodzjende gerniershúshâlding Bosma, alias de `Modderklauers', op it Ferwerter klaailân. Dêrnêst is der de geheimsinnige sekte fan de `Bwarristen' dy't de lear neifolget fan de reade boarre Boldgrim, de `grutte ferneuker'. In tredde ferhaalline fertelt de jeugdoantinkens fan it jonkje Tilly, it autobiografyske part fan it boek. Tuskentroch spylje parody op en polemyk mei histoaryske figueren út de Fryske beweging en literatuer, taalwittenskip en skiednis in rol. It boek stelt troch de ôfwykjende stavering it ideaal fan it Frysk as in folsleine kultuertaal yn de kiif. Riemersma doktere dy stavering út yn de tiid dat hy en oaren iveren foar fiergeande staveringsfernijing, dy't der yn 1980 by einsluten net kaam. De Reade Bwarre wurdt algemien sjoen as it hichtepunt yn it wurk fan Trinus Riemersma. Hy krige der yn 1995 de Gysbert Japicxpriis foar. Dit boek is de werútjefte fan de twadde printing út 1993. In de roman is alles gethematiseerd wat de Friese literatuur tot de Friese literatuur maakt. Liesbeth Brouwer yn Parmentier Uiteindelijk is het boek - ook - geworden wat Riemersma destijds voor ogen had: een literaire hommage aan zijn vader. Sytske van Aalsum yn Trouw Riemersma boartet mei syn lêzers, mei syn ferhalen en mei himsels as skriuwer. Hy jaget de boel yn de bulten. Riemersma is ús earste postmodernist yn in faaks noch mytysk Fryslân. Advyskommisje GJpriis 1995 yn Trotwaer

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    Brand
    TDE

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.