Meer Het Nieuwe Kanaal

De Poëtyske Edda (Hardback)

0
'Lang is it ompaad nei kweafreons stee, ek al leit it yn 'e loop; mar rjocht is it paad nei goefreons stee, ek al wennet dy fier fuort.' In devys út 'De wurden fan de Hege', in bûnte samling fan sosjale omgongsfoarmen, toverspreuken en wiisheidsstrofen, tematysk ferienige troch de beskiedende figuer fan Alfaar Odin. Nei 'De profesij fan de sjennere...

Verkopers met dit product

Webshop
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Nieuw
De weddenskip (Paperback)
De weddenskip (Paperback)
Lida Dykstra Mei yllustraasjes fan Nina Peckelsen Lida Dykstra hat har foar De weddenskip ynspirearje litten troch de midsiuwske poëzy en ferhalen út sawol de poëzy-Edda as de proaza-Edda fan Snorri Sturluson en nimt de lêzer op in boartlike wize mei nei de njoggen wrâlden fan de Noardske kosmos, dy't bewenne wurde troch Asen, Wanen, reuzen, alfen, dwergen en minsken. De bline dichter Bernlef helpt Jari, dy't fan moard fertocht wurdt, om te ûntspannen oan in stel soldaten. Bernlef nimt Jari op sleeptou, yn de hope dat er syn learling wurde wol. Sy komme yn in herberch telâne. Dêr sjongt de âldman, om in miel te beteljen, in lang liet oer de slûchslimme Loki, dy't seis foarwerpen mei bysûndere krêften troch de dwergen fan Nidavellir meitsje lit. Jari en in bûnt publyk hearre spannende ferhalen út de Noardske mytology: oer de spear Gungnir, it skip Skidbladnir, de hammer Mjöllnir en folle mear. Pas as de sinne opkomt, is it liet ôfrûn. En pas dan docht ek bliken wat de djipper lizzende
15,-
Nieuw
Hege flecht (Paperback)
Hege flecht (Paperback)
Hege flecht is it fyftjinde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten en Hege flecht wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1999. Yn it lêste diel fan Hege flecht kriget it jier 1929 in bysûndere betsjutting, ûnder oare troch de flecht fan loftskip 'Graf Zeppelin' om de ierde hinne en de earste flecht fan in fleanmasine oer de Súdpoal. Yn it earste diel wurdt de myte beskreaun fan de hege flecht fan Ikaros, dy't mei heit Daidalos op wjukken út it labyrint
22,95
Nieuw
Dynamyske Bestimming (Paperback)
Dynamyske Bestimming (Paperback)
Dynamyske bestimming is it tweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten, Hege flecht en Dynamyske bestimming wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 2000. Yn Dynamyske bestimming komt men net út by statyske situaasjes. Sa reizgje yn it jier 2000 Friezen út 'e hiele wrâld werom nei har bertegrûn en belibje dêr dagen fol dynamyk. Charles Lindbergh fleach yn it jier 1927 solo de Atlantyske Oseaan oer mei as bestimming Parys, dêr't him in dynamysk
22,95
Nieuw
Leafde yn oarlochstiid (Paperback)
Leafde yn oarlochstiid (Paperback)
Oan de basis fan dizze novelle lizze de oantinkens fan de mem en de heit fan de skriuwer. Syn âlden krigen ferkearing yn Dútslân, yn 'e oarloch, wylst it Ruhrgebiet heftich bombardearre waard. By biten en brokken fertelden hja har soan letter út en troch oer wat sy yn dy tiid meimakken. Hoe komme minsken dy't gjin helden binne, dy't neat hawwe mei ideologyske fiersichten, troch sokke tiden fan fernieling, dea en ûntregeling? Yn de jierren dat Willem Verf opwoeks, woenen de minsken foaral de oarlochstiid achter har litte. De skriuwer hat fan de fragminten dy't him as bern wol oerlevere waarden in meinimmend, oandwaanlik en realistysk ferhaal makke. Sa persoanlik as yn dit boek hat Willem Verf boppedat net earder west. De wize wêrop't hjir nei dy oarloch sjoen wurdt, is oars as dat men wend is - in útdaging foar de lêzer. Want krekt it wjerfarren fan minsken dy't gjin held, dieder of slachtoffer wienen, is fan grut belang om te begripen wat der doe geande wie.
17,50
Nieuw
Achlum Nobusco en de monsternimmers (Hardback)
Achlum Nobusco en de monsternimmers (Hardback)
Achlum Nobusco is in âld-seeman mei in echte houten skonk. Hij wennet al trettjin jier yn 'e skieppeskuorre ûnder oan 'e seedyk. Soms klimt er op in âld ierappelkistje en stekt in preek ôf oer de fersmoarging fan it miljeu. De minsken fine him in nuver man, ien mei aparte ideeën, en se fertrouwe him net heal. Bern dy't oer him dreame, wurde gûlend wekker. Dat jildt net foar Mark en Nina van der Vliet. Dy ha noait bang foar Achlum west. As se op in middei wettermonsters nimme út 'e see, meitsje se kennis mei Achlum. Se fine him aardich en sjogge dat er sachte brune eagen hat, as fan in hiel leaf dier. Se ferjitte dat se eins net mei him prate meie en gean mei nei de skuorre. Dêr fertelt Achlum dat er op in eigenmakke skip nei it Nije Lân ta sil. Fan dy tiid ôf ha Mark en Nina noch mar ien gedachte: mei Achlum Nobusco nei it Nije Lân. Mar hoe fertelle se dat thús? Wat dogge se as Achlum har net mei ha wol? En dat Nije Lân - wêr leit dat eins? Wêrom is it nergens yn in atlas of op in
14,95
Nieuw
Bloedgoud (Paperback)
Bloedgoud (Paperback)
Bloedgoud is it achttjinde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten en Hege flecht wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1999. Bloedgoud is it ferfolch op Gouden Pest. Nei de pest ûnder de Inka's brânt de striid los om it goud. De jonge Manco Inka, soan fan Sapa Inka, bout in grut leger op om de Spanjaarden út Súd-Amearika te ferdriuwen. Syn ideaal fan wer in gouden takomst fan it Inka-ryk kin er net wiermeitsje. Syn eigen ein liedt ta de ein fan de
22,95
Nieuw
Oergongen (Paperback)
Oergongen (Paperback)
Oergongen is it twaentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten, Hege flecht, Dynamyske bestimming en Oergongen wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 2000. Yn Oergongen giet it fan de iene nei de oare oergong. Bouke Blomhof makket de oergong mei fan boer nei pensjonaris as de lisboksstâl en syn greiden leech reitsje. De lieten fan de shantykoaren, dy't troch Snits weagje, soargje foar nije ynspiraasje, in oergong fan de greiden nei de see. De
22,95
Nieuw
De lêste floed (Paperback)
De lêste floed (Paperback)
Yn 1969 wurdt de Lauwerssee ôfsletten fan it Waad. Dit hat foar de húshâlding fan Tsjerk Vogel, dy't dêr al jierren buorket en ploeteret mei it winnen fan lân, dramatyske gefolgen. Heit wol dat Tunnes, de âldste soan, de buorkerij oernimt. Dy sjocht der gjin heil yn as de seeynham ôfsletten driget te wurden; wat lânwinning ûnmooglik makket. Hy kriget slim rûzje mei syn heit, en giet mei de Willem Barendsz nei de Súdlike IIssee foar de walfisk-fangst. Dêr ferdwynt Tunnes op mysterieuze wize fan it skip. Arjen, de jongste soan rint, foar syn stúdzje, staazje by de ôfsluting fan de Lauwerssee en rekket by heit yn it ferdomboekje. As heit, jierren letter, yn 'e bernskens komt en help nedich hat, wurdt er in wike of wat troch de jongste soan fersoarge. In ûnderfining dy't Arjen mei leafde, tagedienens, mar ek mei ûnbegryp, ûndergiet. In spannend en oangripend ferhaal oer persoanlike drama's, tsjin de eftergrûn fan ûnfersetlikens en in net oan te ûntkommen generaasjekonflikt.
19,50
Nieuw
Koade read (Paperback)
Koade read (Paperback)
In wynpark yn 'e achtertún, samar ferskynt hjiroer in artikel yn 'e krante. De ynwenners fan Fierum, in middelgrut plak yn 'e buert fan Einum, steane op 'e achterste poaten. Trije boeren hawwe har lân al beskikber steld en sille meidiele yn de opbringst. Mar by de oare Fierumers, dy't har oerfallen fiele, krije se de hannen net opelkoar. Al gau komme de hierskuorkes sa't dy troch elke mienskip rinne, oan it ljocht. Uteinlik komme de bewenners foarelkoar oer te stean, mei gefolgen dy't noch lang neitrilje sille. Yn achttjin haadstikken wurde likefolle belutsenen foarsteld, wêrûnder guon dy't earder al in plakje opeasken yn de roman Einum (2012), om geandewei in rol te spyljen yn 'e ferhalen fan de oaren, in portret foarmjend fan in mienskip yn ûnstjoer. Koade read is in ferslach út 'e frontliny fan de enerzjytransysje, fan 'e striid om ôf te kommen fan fossile brânstoffen en troch te skeakeljen nei in griene takomst. In boek fol mei emoasjes, dy't heech oprinne sa gau as de realisaasje
19,95
Nieuw
Quist (Paperback)
Quist (Paperback)
In man rint, in lege rolstoel foar him út triuwend, oer plakken as Weidum, Winsum en Baard fan Ljouwert nei Harns, om dêrnei troch te reizgjen nei ien fan 'e eilannen. Dy rolstoel is net fan himsels: hy hat him stellen. Mar is Julius Quist, learaar oan in gymnasium yn de haadstêd, dêrmei in dief? Want achter dy rolstoel sit it ferhaal fan in frou mei wa't er, steande foar it rút fan syn lokaal, in relaasje-op-ôfstân oangie. No is er ûnderweis nei har begraffenis. Algau fernimt er dat neat gewoan is op dizze tocht. En dat hat alles te krijen mei syn fûle reaksje op de fraach fan syn rektor oft it net tiid waard om wat betider mei pensjoen te gean: 'De duvel mei my helje as ik op jo suggestje yngean.' Nee, dat hie er better net sizze kind... Quist is in Faustiaanse fertelling dy't boeit fan begjin oant en mei de ferrassende ûntknoping. In boek om net te missen.
19,95

Klanten-reviews van De Poëtyske Edda (Hardback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over De Poëtyske Edda (Hardback)

Productomschrijving

'Lang is it ompaad nei kweafreons stee, ek al leit it yn 'e loop; mar rjocht is it paad nei goefreons stee, ek al wennet dy fier fuort.' In devys út 'De wurden fan de Hege', in bûnte samling fan sosjale omgongsfoarmen, toverspreuken en wiisheidsstrofen, tematysk ferienige troch de beskiedende figuer fan Alfaar Odin. Nei 'De profesij fan de sjenneres' (Völuspá) is 'De wurden fan de Hege' (Hávamál) it bekendste gedicht út de Poëtyske of Alde Edda. Yn dy prachtige samling Noarsk-Yslânske mytologyske en heroyske poëzij komme goaden en helden ta libben. De moaie Freya, Odin mei syn iene each, de sterke Thor en de slûchslimme Loki rinne lykop mei Sigurd de Drakedeader, Helgi yn ferskate ynkarnaasjes, de tragyske Gudrun en de batske Atli (Attila de Hun). Foar it earst ferskynt dy grutte kultuerskat no yn it Frysk. Oerset troch Willem Schoorstra en ûnder tafersjoch fan dr. Simon Halink (Háskóli Íslands) is de Poëtyske Edda werskepen yn de âldste taal fan Noardwest Europa. In geniet foar

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
Brand
Het Nieuwe Kanaal
Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.