De Oerwinning (Paperback)

0
De heit fan de Sweed Axel Heyst wie de filosoof fan de doelloasheid fan it libben en fan de bannen dy't men yn it libben mei oaren oangiet, dy't de minsk inkeld mar kwetsber meitsje. Syn soan Axel hat genôch fan dy hâlding skipe om derfoar te kiezen om syn libben iensum te libjen, wat er die troch him net as in klûzner werom te lûken, mar troch oms...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Monkeys dilemma (Paperback)
Monkeys dilemma (Paperback)
It is 1984 en de krisis hat raar wurk makke. Troch de delgong is de 33-jierrige 'Monkey' syn fêste baan kwytrekke. It slagget him wol om wer oan tydlik wurk te kommen. Moai wurk is dat lykwols net en syn takomst bliuwt ûnwis. Mar de wurdearring dy't er kriget, sawol fan syn wurkjouwer as fan syn kollega's, is in moaie opstekker foar him. Gelokkich is der ek altyd wer de foldwaning dy't him der troch skuort. En fan dy aparte humor op it wurk kin er faak yntins meigenietsje. Mar syn aard hat er net mei. Hy sjocht net heech by himsels op en wurdt oanhâldend pleage troch twifels. Gauris stiet er yn twastriid en dat liedt ta swierrichheden en frustraasjes. Foar syn frou Tanja en de beide bern is dat ek perfoarst net maklik. 'Monkey' is gjin held of heechdraver. Dochs is er wol in trochsetter, dy't echt wat kin. De tiid is dreech, mar hy wol graach wat moais fan it libben meitsje. Miskien kin dat syn rêding wurde? Eize de Boer (1951) waard berne yn Parregea, groeide op yn Snits en wennet no
19,95
Jeltsje fan Ieme tou (Paperback)
Jeltsje fan Ieme tou (Paperback)
Jeltsje wurdt troch har heit Ieme besteld by boer Hessel Brandsma. Ieme hat as bynamme 'tou', fanwege de negoasje fan allegear guod dêr't hy mei by de doarren lâns sutelet. It is skraabjen om 'e kant en hy kin de fertsjinst fan Jeltsje skoan brûke. Mar dan komt boer Brandsma Jeltsje tenei nei in jûn fan ôfwaaid praat en dat bliuwt net sûnder gefolgen. Brandsma soarget derfoar dat Jeltsje de oerstek nei Kanada makket, tegearre mei Ike Molenaar, dy't tinkt dat it berntsje fan him is. Jeltsje ûntsnapt hjirmei oan in libben fan wrotten en earmoede, mar it libben yn de frjemdte is ek net maklik. It boek begjint mei de besite fan dizze soan, Klaas, oan Brandsma, as dy al op leeftyd is. Doarpsgenoaten werkenne yn him it stal fan de Brandsma's en hy moat ek oan syn soan Wybrand tajaan dat er safolle jierren lyn in misstap makke hat. De famylje tinkt dat Klaas op de pleats of op jild út is en se ha gjin idee fan de wei dy't Jeltsje mei har húshâlding ôflein hat. Sa leart hy syn famylje goed
19,50
Wek yn 'e rivier (Paperback)
Wek yn 'e rivier (Paperback)
In oangripende roman oer it libben fan Ake Dongera. Hy kin tige leare en studearret op oanstean fan syn heit teology. Yn 'e oarloch wurdt de húshâlding yn it fersetswurk behelle. As troch ferrie de pleats oerfallen wurdt en de manlju foar ferhoar meinommen wurde, feroaret wrâld en wrâldbyld fan Ake. Nei de oarloch giet er fierder mei in stúdzje klassike talen en ferdjippet er him yn 'e Grykske oarloggen. As er him taleit op it skriuwen fan in proefskrift ferfrjemdet er hieltyd mear fan de werklikheid. It ferhaal fan in húshâlding dy't troch de oarloch útinoar skuord wurdt. Ferteld troch de broer dy't in libben lang yn it skaad fan Ake libbe, mar de kop derfoar hâldt.
19,50
Omsjen (Paperback)
Omsjen (Paperback)
Teatske wurket yn it Bonifatiussikehûs yn Ljouwert. It is oarloch, it wurk is net sûnder gefaar en har heit wol graach dat se wer thúskomt. Mar Teatske fynt dêr har earste, allesoerhearskjende leafde. Se kin en wol de sike minsken en har leafste: de bysûndere, sensuele Joadske Otto, net yn 'e steek litte. As se troch omstannichheden dochs weromgiet nei har bertedoarp hoopt en dreamt se oer in libben mei har Otto. Mar dan krijt Teatske in brief… Yn maaie '45 as hiel Europa yn it ljocht fan de frijheid de frede fiert, belibbet Teatske har donkerste dagen. In dramatysk barren út har ferline makket dat it libben sa hiel oars rint as dat Teatske oait tocht hie. Wurdt de lêst dy't se meitôget ûndraachlik of binne de libbenslange, djippe freonskippen en de leafde har ynspiraasje om it libben yn al syn djipte- en hichtepunten temjitte te gean? In oangripend ferhaal, basearre op it libben fan de mem fan de skriuwster. Anneke Sieperda (1957) is berne yn de Kooi-polder by Sleat, waard oplaat ta
19,50
Renger (Paperback)
Renger (Paperback)
Jimme litte jim meinimme troch moaipraters', hearde ik ús heit foeterjen. 'Sy bringe jim de holle yn ûnstjoer. Jimme moatte each ha foar de normale dingen fan it libben.' De roman Renger giet yn belangrike mjitte oer it libben fan Nyk de Vries sels. Syn heit wie in sunige boufakker út de Fryske Wâlden, syn mem wie húsfrou. Op jonge leeftyd wie De Vries sjonger fan de punkrockformaasje The Amp. Ferlegen wie er boppedat, mar útbundich net minder. Yn Grins studearre er skiednis, by IKEA kenne se him as magazynmeiwurker en sûnt 2000 is Nyk de Vries skriuwer. Oer dit libben, oer it arbeiders-miljeu yn de Fryske Wâlden en oer de needsaak jins ferline op te rêden giet dizze roman. Mar Renger giet ek oer it feit dat der gewoanwei dingen binne dy't net beneamd wurde kinne. Nyk de Vries (Noardburgum, 1971) is skriuwer en muzikant. Foar Renger krige er yn 2016 de Piter Jelles Priis. Foar syn humoristise ultrakoarte ferhalen wurdt er rûnom priizge. Renger is een (deels) autobiografische
10,-
Spoar fan Abraham (Paperback)
Spoar fan Abraham (Paperback)
Spoar fan Abraham is it fjirtjinde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk en Mei gidsen nei hichten wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1996. Boek 14 stiet yn it teken fan spoaren. Elk minske lûkt in spoar troch it libben, sa ek Abraham dy't it rjochte spoar besocht te folgjen fan de belofte dy't er krigen hie, mar soms kaam er op kronkelpaden terjochte. Yn deselde stêd Oer dêr't geitehoeder Mardoek nei syn romtereis nei de planeet An de lieding oer krigen hie (boek 13),
22,95
Bertekrêft (Paperback)
Bertekrêft (Paperback)
Bertekrêft is it fiifde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje en Mysterieuze krêften wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1979. Yn it fiifde boek rint mei de komst fan in nije generaasje de line fan it geslacht Blomhof troch. De berte fan in soan wekt by de âlders emosjoneel in krêft op dy't it libben feroaret. Dizze bertekrêft komt ek nei foaren yn it libben fan de earste minskeftigen, de Neanderthalers en de Homo sapiens. Sûnder dizze evolúsjonêre krêft hie der gjin ûntwikkeling west. De ûntwikkeling fan it minskdom liedt ta it ûntstean
22,95
De flecht fan Victor (Paperback)
De flecht fan Victor (Paperback)
It liket in gewoane dei te wurden. No ja, Ale Alema is sûnt koart oan 't sporten en dat is foar him ûngebrûklik. En dat syn kollega's iderkear oer syn pensjoen begjinne, noasket him mar min. Mar op it buro hearsket de wenstige drokte. Apps tingelje, de telefoan giet in kear of trije oer en nijsgjirrige mails freegje Ale syn omtinken. Hy giet mei Wytske nei de famylje Pintano yn Aldskoat, dêr't in wike lyn dochter Tine fan ferdwûn is. Heit is troch alles hinne, mem liket kalm. Dyselde dei noch stapt Tine fleurich de keamer wer yn. Noch gjin fjouwerentweintich oeren letter binne se alle trije fermoarde. Wat hat de soan dy't op dat stuit net thús wie hjirmei te meitsjen? En wa is dy âlde frou mei in gewear dy't it ynienen op Ale fersjoen hat? Dit is it sechsde boek yn in rige flotte en fermaaklike plysjeromans fan Jan Schokker mei Ale Alema yn de haadrol.
14,95
Losse hannen (Paperback)
Losse hannen (Paperback)
Tessa is fjirtjin jier. Op skoalle en ek thús heart se der net echt by. Har âldere broer is jaloersk op syn kreas suske en mem hâldt him de hân boppe de holle. Tessa komt graach oer de flier by Sjerda, dy't troch in hormoansykte bedutsen is mei in tin laachje hier. Sjerda is widdofrou en wennet in ein bûtenút. Se fielt har sterk en ûnôfhinklik en hat mei net folle lju gedoente. Jeroen, tritich jier, in troude filosofystudint, docht boadskippen foar har. Hy is ferlyfd op Tessa en kin syn hannen net thúshâlde. As Tessa him ien kear gewurde lit komt se yn 'e problemen, mar se wit har steande te hâlden mei help fan Sjerda. Losse hannen wie yn 2000 Saakje Huisman har romandebút. It ferhaal hat my fan it begjin oan 'e ein yn 'e besnijing hân en ik bin der fan oertsjûge dat soks foar de measte lêzers jilde sil. Henk van der Veer yn it Sneeker Nieuwsblad Huisman toant har op har bêst yn 'e dialogen, dy binne libben en bytiden feninich. Sjoerd Bottema yn Trotwaer Saakje Huisman (1951-2001)
16,50
Sanfirdo (Paperback)
Sanfirdo (Paperback)
Liuwe is in gewoane jonge, dy't it dreech fynt om te kiezen. Tusken muzyk en technyk. Tusken leafdes dêr't er tsjinoan rint. Hy wit net altyd hoe't er reagearje oat as it libben en de maatskippij sûnder oerlis foarôf yngripe yn syn libben. As syn mem ynienen stjert. As syn earste leafde stikken rint. As syn bern opgroeie en eigen paden gean. As sels net kieze betsjutte kin dat oaren dat foar jo dogge. Sa stroffelt Liuwe troch it libben. Mar dogge we dat net allegear? Sanfirdo is yn in soad opsichten in ferolchferhaal. it is it ferfolch op de novelle Sânfurd, út 1999, oer de koarte romance dêr tusken Liuwe en Elize. Liuwe sels fertelt hoe't it doe fierder gie. En noch altyd giet.
19,50

Klanten-reviews van De Oerwinning (Paperback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over De Oerwinning (Paperback)

Productomschrijving

De heit fan de Sweed Axel Heyst wie de filosoof fan de doelloasheid fan it libben en fan de bannen dy't men yn it libben mei oaren oangiet, dy't de minsk inkeld mar kwetsber meitsje. Syn soan Axel hat genôch fan dy hâlding skipe om derfoar te kiezen om syn libben iensum te libjen, wat er die troch him net as in klûzner werom te lûken, mar troch omswalkjen sûnder rêst en troch sûnder bannen oan te gean op hieltyd wer oare plakken nergens fêst te wenjen. Sadwaande hie er it middel ûntdutsen fan in libben sûnder lijen en suver sûnder ien soarch op de wrâld - ûnkwetsber want ûngrypber. Dat libben spilet him ôf yn de Indonesise arsjipel, ein njoggentjinde iuw. Op in dei lykwols giet er toch in bân mei in oar oan, as er him wat jild lient om syn skulden te beteljen. De dêropfolgjende tankberheid smeit in bân dy't er eigenlik net wol, mar syn eigen minsklikheid kin dy bân net ôfwize. Axel Heyst, ienkear yn de falle rûn fan it betoanen fan waarme minsklikheid, ûntdekt dat sokke bannen freugde

Productinformatie

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.