De kâlde krústocht

0
Yn dit boek mei nije iisferhalen wurdt de lêzer meisleept op in spannende winterreis. Ûnder him heart er it skrassen fan de redens en it kreakjen fan it iis. Der glydt in hiele ieu oan him foarby. Friestalig...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Achlum Nobusco en de monsternimmers (Hardback)
Achlum Nobusco en de monsternimmers (Hardback)
Achlum Nobusco is in âld-seeman mei in echte houten skonk. Hij wennet al trettjin jier yn 'e skieppeskuorre ûnder oan 'e seedyk. Soms klimt er op in âld ierappelkistje en stekt in preek ôf oer de fersmoarging fan it miljeu. De minsken fine him in nuver man, ien mei aparte ideeën, en se fertrouwe him net heal. Bern dy't oer him dreame, wurde gûlend wekker. Dat jildt net foar Mark en Nina van der Vliet. Dy ha noait bang foar Achlum west. As se op in middei wettermonsters nimme út 'e see, meitsje se kennis mei Achlum. Se fine him aardich en sjogge dat er sachte brune eagen hat, as fan in hiel leaf dier. Se ferjitte dat se eins net mei him prate meie en gean mei nei de skuorre. Dêr fertelt Achlum dat er op in eigenmakke skip nei it Nije Lân ta sil. Fan dy tiid ôf ha Mark en Nina noch mar ien gedachte: mei Achlum Nobusco nei it Nije Lân. Mar hoe fertelle se dat thús? Wat dogge se as Achlum har net mei ha wol? En dat Nije Lân - wêr leit dat eins? Wêrom is it nergens yn in atlas of op in
14,95
De nacht fan Mare (Paperback)
De nacht fan Mare (Paperback)
Mare, santjin jier, iennichst bern, beskerme grutbrocht yn in begoedige húshâlding. Thomas, twaentweintich jier, soan fan in kroechbaas en op 'e syk nei syn plak yn de weareld. Dat binne de haadpersoanen yn dizze nije roman fan Willem Schoorstra. Se moetsje inoar ein jierren santich yn Ljouwert, by it legindaryske konsert fan Herman Brood yn de Prinsetún. Tsjin in dekôr fan rock 'n roll, polityk bewustwêzen en seksuele útspattings en represje ûntjout him in relaasje dy't alles mei ferslaving te krijen hat. 'De Nacht fan Mare is, nei twa histoaryske romans, opnij eigentiids wurk fan Willem Schoorstra. In boek dat de lêzer fuortendaliks by de lurven krijt, om dêrnei net wer los te litten.' Ut de ynhâld 'Ik moat my noch even deljaan,' sis ik tsjin him, wylst ik op it matras krûp. 'Komst by my te lizzen?' 'Jawis,' antwurdet er. Hy laket en hellet de tonge suggestyf oer de lippen. 'Echt net. Dyn lul triuwt tsjin dyn harsens. Kom.' Ik draai my op 'e side en hy giet tsjin my oan lizzen. Hy
19,50
It iene hellet it oare út (Paperback)
It iene hellet it oare út (Paperback)
Jo sille it no grif wol yn 'e gaten hawwe, achte lêzer, dit boek sil alle kanten út fleane. It ûntstiet. Ik ha gjin fêst plan. Ik sil mei feit en fiksje yn 'e kamp gean. As wie it yn in hurdfytswedstryd. Der kin feit yn myn bidon sitte, of feit mei in flut fantasije der trochhinne, mar it kin likegoed fiksje wêze, of fiksje mei in steal wierheid der yn. Dizze assojaasjeroman rint 'fan koarstekoeke nei jenever'. It begjint en eindiget mei it jonkje Timen,dat gauris te let op skoalle komt, omdat wat er ûnderweis tsjinkomt, him fan it iene yn it oare bringt, mar net op skoalle. En sa komt ek Meindert Bylsma fan it iene op it oare en hy jout syn fisy op de maatskippij en it libben op syn eigen orizjinele wize wer. Ryk fan taal en mei in iroanyske ûndertoan nimt er de lêzer mei op in noflike reis, ûnder oaren troch it Fryske literêre lânskip dêr't hy sels ek kleur en smaak oan jout.
19,95
De Onnie's en it hynstebal (Paperback)
De Onnie's en it hynstebal (Paperback)
It libben fan Connie en Bonnie Kamstra stiet op 'e kop troch in ûnferwacht foarfal, wêrtroch de ferhâldings feroarje en op skerp komme te stean. Dat Roos en Hindrik op de pleats passe moatte en de camping Roos oer de hege skuon rint, komt dan ek krekt op it goede momint. De Kamstra's geane derhinne om te helpen en dat bringt de Onnie's yn kontakt mei in hiele oare wrâld, dy fan de hynders. Se ha de smaak al gau te pakken en Connie set Wildrik, in eigenwize Fryske hynst dêr't sels Hindrik net mei omgean kin, op har eigen wize teplak. De relaasje tusken Roos en Hindrik hat bot te lijen ûnder de frustraasjes fan Hindrik en sadwaande giet Wildrik nei de maneezje fan Richard en Sinne. Wildrik fielt him al gau thús by Sinne en Roos by Richard. Mei-inoar dogge se de tarieding fan Wildrik foar de hynstekeuring yn it WTC Expo en de oanrin dêrhinne én de útkomsten dêrfan binne mear as ferrassend! 'Wer in hearlik Hilda-boek!' Hilda Talsma skriuwt flotte en spannende boeken foar in breed publyk.
21,50
Littenser Merke (Paperback)
Littenser Merke (Paperback)
Yn de Fryske greidhoeke longeret Eeuwkje, in jonge dûmnysfrou, nei in bern. Wêrom is har man, dûmny Laurman, net by steat om har djipste winsk te ferfoljen? Hy hat de hannen mear as fol oan strideraasjes op tsjerklik mêd, mar dat kin dochs net de iennichste reden wêze? Alles stiet yn bloei, ek Eeuwkje, mar it duorret ferskuorrend lang foar de ferlossing komt. Mear as in ieu letter libbet it slachterssoantsje Liuwe Bosgra yn itselde doarp, mar wol yn in hiele oare tiid. Superyntelligint en ek wat autistysk stiet er yn de wrâld. Ale S. van Zandbergen hat in ferskuorrend moaie roman skreaun oer twa haadpersoanen dy't hiel fier fan inoar ôf lykje te stean. Dit boek kinne jo as lêzer allinne mar wurdearje as jo oan 'slow reading' dogge. Dan komme jo yn in wrâld te lâne dy't jo net gau wer loslitte sil: fol skjientme en heimsinnige spegelingen. Betsjoenend suver. En dan te betinken dat dit in debútroman is… Bekroand mei de Rink van der Velde Priis en de Douwe Tamminga Priis.
22,50
De Hobbit (Paperback)
De Hobbit (Paperback)
Dizze oersetting is bekroand mei de Obe Postmapriis 2012. It tiidleaze mearke fan Bilbo Balsma, in fatsoenlike hobbit dy't ynbrekker wurdt en yn sân hasten mei trettjin dwergen en de tsjoender Gandalf op paad moat om in legindaryske dwergeskat ûnder de wjukken fan in grimmitige draak wei te stellen. Under de lange reis nei de Berch fan de Draak komt it selskip troch bergen en bosken, oer richels en rivieren. Hja befjochtsje trollen, ierdmannen, spinnen en wolven yn 'e mande mei elven, minsken, earnen en bearen. En fansels mei help fan de magyske Ring, dêrt Bilbo mei de lilkaardige Gollum in fûle striid om útfjochtet. Dit klassike berneboek foar folwoeksenen fan J.R.R. Tolkien is de prolooch op The Lord of the Rings, de ferneamde trilogy dyt de ôfrûne jierren sa bot yn de belangstelling stien hat. De Hobbit, skreaun yn 1937, wie it earste wiere fantasy-boek dat it grutte publyk berikke koe. It is yn 2002 ferkeazen ta it wichtichste boek foar (âldere) jongerein yn de 20e ieu, en is oant
22,50
De Koalmasaak (Paperback)
De Koalmasaak (Paperback)
Haadresjersjeur Alema docht syn wurk mei nocht en is der folslein mei besteld. Hy giet der sa yn op dat er gauris te let thús is mei iten en net mear op e hichte is fan wat der thús bart. Syn frou Els hat dêr op in stuit har nocht fan, siket in flat en freget de skieding oan. Alema is folslein fan it sintum en hie it net oankommen sjoen, al hoe skerp er yn syn wurk oars altyd is. Lokkich is der ek wer it wurk dat him der trochskuort. Hy hat in frjemde saak by de kop. Boate Koalma, direkteur fan Koalma Konstruksjes, hat him deariden tsjin in beam. It liket in ûngelok, mar as de notaris him yn fertrouwen fertelt dat Koalma koartlyn in frjemd testamint opsteld hat mei de tekst Myn moardner erft my hiele besit, dûke hy en syn meiwurkster Wytske der djip yn, Alema sels justjes te djip. De moaie widdo fan Koalma, Marte, wynt Alema handich om har mysterieuze finger en Wytske begrypt soms net mear wat se oan Alema hat. Dizze plysjeroman, spyljend yn de regio Hearrenfean, is skreaun yn in
18,50
Silke & Miss Dee (Hardback)
Silke & Miss Dee (Hardback)
De âlde Miss Dee dy't yn Ingelân berne is, wennet mei hûn en kat in eintsje bûten it doarp, ticht by de bushalte. De minsken fine har mar raar, want se sammelt fan alles en noch wat. Har hiele hûs leit fol. Bomfol. Sa is Miss Dee gek op kranten. Der lizze steapels troch it hiele hûs en der hingje selsmakke gerdinen fan krantepapier foar de finsters. De minsken sizze dat Miss Dee ûnder krantepapier sliept! Wa docht soks no? As Silke, in famke dat in eintsje fierderop op in pleats wennet, op in kear yn it krantehûs skûlje mei foar de rein, ûnstiet der in bysûndere freonskip. It hûs fan Miss Dee ûnderoan 'e dyk is foar Silke in oare wrâld, se komt dêr graach. Se leart in protte fan dy âld-learares dy't har in bytsje iensum fielt op it Fryske plattelân. Sa komt Silke stadichoan mear te witten oer it libben fan Miss Dee yn Ingelân en fansels ek oer de Ingelske taal! Silke hat it net altyd maklik op skoalle, se kin hiel goed leare, mar se wurdt ek faak pleage troch twa famkes út har klasse.
14,95
Wyn fan de wierheid (Paperback)
Wyn fan de wierheid (Paperback)
Wyn fan de wierheid is it ferfolch fan de bestseller Wyn fan feroaring. De famylje Kamstra sylt foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse, en dat soarget foar de nedige spanningen. It famyljegeheim drukt noch altyd in stimpel op Johanna har libben. Se liket ek mar net fan har eks-skoanfamylje ôf te kommen, en Ate is net tefreden oer it nije túch. As se op 'e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna boppedat ek noch tsjinst dwaan as sintraal punt en wurde de Onnie's de baas yn harren keuken. De hurdsylwike set it libben fan Johanna en Ate dan ek folslein op 'e kop. Se moatte roeie mei de riemen dy't se hawwe om de holle boppe wetter te hâlden... yn mear as ien opsicht. Wyn fan de wierheid is wer in hearlik boek fol spanning, aventoer, humor en romantyk, dat de lêzer meinimt yn 'e wrâld fan de skûtsjesilerij en de simmer yn Fryslân.
22,50

Klanten-reviews van De kâlde krústocht

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over De kâlde krústocht

Productomschrijving

Yn dit boek mei nije iisferhalen wurdt de lêzer meisleept op in spannende winterreis. Ûnder him heart er it skrassen fan de redens en it kreakjen fan it iis. Der glydt in hiele ieu oan him foarby. Friestalig

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    EAN
    9789461497819

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.