De humor yn (Paperback)

0
Achterom sjen is miskien net sa handich. De âlde nekke kin der eins net oer en do sjochst ek saken dysto yn de sydspegels net sjen wolst. Oan de oare kant woe ik graach yn de humor en de humor is bytiden wreed. En ja, wa't yn de humor wurket is bekend mei de selsspot en sa'n relativearjende aap moat ek in sportive kant ha. Yn dit boek sjocht Jan Sc...

Verkopers met dit product

Webshop
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Nieuw
Frjemde fûgels (Paperback)
Frjemde fûgels (Paperback)
De ferbylding foarby. Oan 'e sleatkant fan syn tún stiet Jan Schokker agressyf beamtakken te snoeien. In grien fûgeltsje sprekt him dêrop oan. Dy hat net mis te fersteane krityk op Schokker syn rûge kealslach. Wat folget is in nijsgjirrich petear, net allinne oer de keunst fan it snoeien, mar ek oer mooglike ûnderwerpen foar kollums. Wat te tinken bygelyks fan Yogafûgels, Knooppuntdowen, Foarumûlen, Nêstbouwers en Seksy fûgels? As Schokker der foar sitten giet komt der yn syn habitat gewoan gjin ein oan 'e rige fan frjemde fûgels. Lang om let is it resultaat sa'n fyftich kollums, dy't allegear publissearre binne yn 'e eardere internetkrante fan De Fryske Beweging, It Nijs. Nei sân boeken oer resjersjeur Ale Alema fan 'e Bontebok, in roman oer twillingbruorren en in boek oer syn eigen libben is dit it tsiende boek fan Jan Schokker. Ek dizze bondel kollums docht wer tsjûgen fan syn fermaaklike styl fol selsspot en droege humor.
18,50
Nieuw
De heit (Paperback)
De heit (Paperback)
Maart is dûbeld bysûnder, betink ik. Se is om lilk op te wurden en tagelyk om te aaien, se is en gek en leaf, je wolle har straffe en oankrûpe tagelyk, alle kearen ferbetterje mar ek hieltyd graach leauwe wat se seit. Se is bytiden sawol in gefaarlik fjoer as in amerfol kâld wetter. Ald-resjersjeur Ale Alema is twa moanne mei pensjoen en kin mar net wenne oan syn tefolle oan lege tiid. En dan bellet Maart. Beke Maart den Backer is in freondinne fan Ale syn ferstoarne frou Els en in krûdfet fol tsjinstellingen. 'It Mystearje Maart' sei syn Els altyd. Fiifentritich jier lyn liet se har man en beide bern samar efter doe't se nei Austraalje ôfsette. Wêrom is Maart werom en wat wol se fan Ale? Maart komt mei in roukaart oansetten. De datum stiet al fêst: 16 septimber. It hellet it o sa rêstich libben fan Ale fan de iene op 'e oare dei folslein oer de kop. Dit is it sânde boek yn in rige flotte en fermaaklike plysjeromans fan Jan Schokker mei Ale Alema yn de haadrol. Jan Schokker is yn 1952
19,95
Nieuw
De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
Dit is net samar in boek. Dit boek giet oer de baron von Münchhausen en dat is net de earste de bêste. Yn dit boek fertelt er wat er allegear meimakke hat op syn reizen. En dat naait derút! Der komme liuwen yn foar. Krokodillen, fisken dy't skippen opite en útsûnderlike hynders. It wiene dan ek bysûndere reizen en dit is dan ek in bysûnder boek. Mei bjusterbaarlike ferhalen. Om foar te lêzen of sels te lêzen, dizze aventoeren wolst net misse! Foar bern fan 6-10 jier. Jurjen Faber (1973) skreau foar dit boek de moaiste ferhalen fan de baron op yn it Frysk. Hy hat mei syn maat Paul van Dijk in foarstelling oer deselde baron makke. Yn syn frije tiid mei hy graach lêze, skriuwe en muzyk meitsje. Yn de boekekast op de basisskoalle stie in boek oer in baron, fol mei nuvere ferhalen dy't net wier wêze koenen. De tekeningen yn dat boek hat er noait ferjitten. Paul van Dijk (1981) makke de yllustraasjes foar dit boek. Hy is fierder warber as skriuwer, dichter en muzikant. Mei syn maat Jurjen
13,50
Nieuw
Anne Wadman 1919-1997 (Paperback)
Anne Wadman 1919-1997 (Paperback)
Anne Wadman liet mei syn wurk fuortdaalks syn grutte ambysjes sjen. Hy tilde sawol yn syn kritiken as mei syn romans de Fryske literatuer op in heger plan. Hy die dat yn syn flymskerpe kritiken yn De Tsjerne, mar ek mei it publisearjen fan taboetrochbrekkende en eksperimintele romans lykas De smearlappen (1963) en De frou yn 'e flesse (1988). Foar syn kritiken krige er yn 1952 Gysbert Japicxpriis en letter, yn 1989, waard er foar syn romans foar de twadde kear mei dy priis eare. Yn it deistich libben wie Anne Wadman foar in soad in ynspirearjend learaar Nederlânsk yn it fuortset ûnderwiis en letter oan de learare-oplieding Ubbo Emmius. Boppedat wied er syn hiele libben aktyf as muzikant en muzikus. Hy spile fioele, skreau muzykkritiken, wie yn en fuort nei de oarloch aktyf yn de band The Snake Charmers en letter ek noch by it Sneeker Jeugd Orkest, dat er opset hat, it Fries Kamerorkest en Salonorkest Plumeau. Oer al dy fasetten fan in bysûnder ryk libben, mei hichte- en djiptepunten,
19,95
Nieuw
Flammen (Paperback)
Flammen (Paperback)
Elske is drok dwaande mei de tariedings foar har houlik mei Ronny. Yn in opstiging freget se Betty om har tsjûge te wêzen en dêr spuit har famylje raar guod fan, sjoen Betty har reputaasje yn it doarp. Mar Betty hat in protte talinten en krijt dêrtroch suver mear oansjen. Fêstberet om Elske net teloar te stellen, seit se ta dat se har gedrage sil, mar se komt foar grutte útdagings te stean. Elske, ek net altyd like handich yn it oersjen fan har eigen spontane aksjes, hat der noed oer oft it allegear wol goed komt, mar Ronny fertrout derop dat it in ûnferjitlike dei wurdt. En dat wurdt it, yn mear as ien opsicht. Hilda Talsma hat mei De twadde hûd, har debútroman, sjen litten dat se in talint hat dat in breed publyk fertsjinnet: flot, meinimmend, humoristysk en mei in oansprekkende styl. Yn har twadde boek giet se net allinne fierder mei it útdjipjen fan de personaazjes út har earste boek, se lit ek sjen dat se groeid is yn har skriuwersskip. It boek is tige ûnderhâldend en hat in
22,50
Nieuw
Buorkje yn Fryslân (Paperback)
Buorkje yn Fryslân (Paperback)
Dat de wrâld hieltyd feroaret is gjin nijs. Hoe hurd dy feroarings gean, wurdt dúdlik, as men de muoite nimt om achterom te sjen. Ek yn e lânbou hat in revolúsje plakfûn. It rêstige boerelibben mei syn fêste gewoanten en tradysjes is nei de Twadde Wrâldoarloch omraak feroare. Dit boek oer de lânbou yn de tweintichste ieu is gjin wittenskiplik wurk, mar it ferhaal fan immen dy t in grut part fan dy ieu buorke hat en bestjoersfunksjes hie yn ferskate boere-organisaasjes.
19,90
Nieuw
De rebel (Paperback)
De rebel (Paperback)
Andreas Pum hat oan de ein fan de oarloch net folle oer. Hy hat noch ien skonk, in fergunning foar in draaioargel en in medalje op it boarst. Mar hy hat ek syn leauwe: yn minsken, yn alles dat boppe him stiet, yn it regear, yn God. Lykwols sil er dat geandewei allegear noch kwytreitsje, sadat er úteinlik net iens mear nei de himel ta wol. Joseph Roth (1894-1939) skreau omtrint hûndert jier lyn dizze ynkringende roman oer in inerlike en uterlike omkear. Ek mei dit wurk lit Roth sjen dat er in skerp waarnimmer is fan persoanlike en maatskiplike ûntjouwingen dy't fan alle tiden binne.
16,90
Nieuw
De lytse prins (Paperback)
De lytse prins (Paperback)
De Lytse Prins is in modern mearke en in boek foar jong en âld. In piloat makket in needlanning yn 'e Sahara en treft dêr de lytse prins, dy't him wûnderlike en wize ferhalen fertelt... -Farwol, sei de foks. Dit is myn geheim. It is tige simpel: kinst it bêste sjen mei it hert. Dêr't it om giet, dat is mei de eagen net te sjen. -Dêr't it om giet, dat is mei de eagen net te sjen, sei de lytse prins it him nei, om it te ûnthâlden. De auteur, Antoine de Saint-Exupéry, dy't ek de prachtige yllustraasjes makke, wie piloat en yn tsjinst fan 'e alliearden. Hy skreau De Lytse Prins yn it oarlochsjier 1943. In jier letter kaam er om doe't syn fleantúch op in ferkenningsflecht delhelle waard. It boek is al yn withoefolle talen oerset en heart ta de klassiken fan 'e wrâldliteratuer. Dizze útjefte, in oersetting fan Jacobus Quiryn Smink, ferskynde yn 1998 foar it earst yn it Frysk by de Koperative Utjowerij yn Boalsert. Dit is in yntegrale werútjefte fan dy publikaasje.
18,95
Nieuw
Lykspul (Paperback)
Lykspul (Paperback)
Plysje-ynspekteur Ale Alema sjocht mei nocht nei in fuotbalwedstryd fan SC Hearrenfean tsjin Ajax, mar dan wurdt er der ynienen by weihelle. Der is in lyk fûn yn de klaaikeamer en dat is nuver tramtearre. It is de kondysjetrener fan de klub, in man dy't net oeral like noflik lei. Der leit in link mei in Sweedske spiler en ek mei in soartgelikense moard yn Sweden. De Bontebokker speurder krijt diskear immen fan justysje, Nanke Niesting, in âlde bekende fan Ale, tawiisd, om dit mystearje mei op te lossen. It jout it wurk suver wat romantyk, mar bringt ek betizing mei. En dan komt dochter Jelly ek noch mei hiel ûnferwacht nijs thús. Dit is it fjirde boek oer ynspekteur Ale Alema. De boeken fan Jan Schokker binne tige populêr fanwege syn aparte humor, de fleur en faasje en de ferrassende ûntknopingen. Mei dit boek foeget Jan Schokker wer in meinimmend diel oan de rige ta.
17,50
Nieuw
De Gouden iuw yn Boazum (Hardback)
De Gouden iuw yn Boazum (Hardback)
Yn de gouden Iuw yn Boazum beskriuwt Philippus Breuker de libbens fan alle húshâldingen dy't fjouwerhûndert jier lyn mei elkoar yn ien doarp wennen. It giet oer gewoane minsken yn in karakteristyk Frysk doarp wennen. Guon wienen der berne, lykas har âlden, en soms wennen har bern der ek wer. Oaren kamen út de omkriten en in inkeling hie der gjin famylje. Sa omfiemet dizze doarpsmienskip yn 1640 twa iuwen, fan 1500 oant 1700. Fan de 87 húshâldingen wienen in protte famylje fan elkoar, foaral yn de Buorren, wat makke dat sy it dêr foar it sizzen hienen, al wienen de boeren altyd noch machtiger. De measten waarden stadichoan reformearre, mar guon holden ek fêst oan it âlde leauwe. Dat joech spanningen dy't net sûnder oerheidsyngripen oplost wurde koenen. De measte minsken hienen it net roem, mar nei 1650 kaam der in tiid fan oerbefolking en bittere earmoede. Philippus Breuker (1939) wennet al mear as fyftich jier yn Boazum. Dit is syn fjirde boek oer it doarp. Dêrneist hat er skreaun oer
19,90

Klanten-reviews van De humor yn (Paperback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over De humor yn (Paperback)

Productomschrijving

Achterom sjen is miskien net sa handich. De âlde nekke kin der eins net oer en do sjochst ek saken dysto yn de sydspegels net sjen wolst. Oan de oare kant woe ik graach yn de humor en de humor is bytiden wreed. En ja, wa't yn de humor wurket is bekend mei de selsspot en sa'n relativearjende aap moat ek in sportive kant ha. Yn dit boek sjocht Jan Schokker werom op syn libben, syn wurk en de skriuwerij. Hy docht dat mei in koartswilige ynslach en leit de neidruk op bysûndere ûnderfiningen en aparte situaasjes. Nei in rige boeken mei plysjeman Ale Alema yn de haadrol en in boek oer twa twillingbruorren en in famyljebedriuw no in boek oer Schokker sels. Ek ien fan in twilling trouwens.
Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.