De Hobbit

0
It mearke fan Bilbo Balsma, in hobbit dy't ynbrekker wurdt en yn sân hasten mei dwergen en de tsjoender Gandalf op 'en paad moat om in legindaryske dwergeskat ûnder de wjukken fan in draak wei te stellen. Friestalig...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

De Hobbit (Paperback)
De Hobbit (Paperback)
Dizze oersetting is bekroand mei de Obe Postmapriis 2012. It tiidleaze mearke fan Bilbo Balsma, in fatsoenlike hobbit dy't ynbrekker wurdt en yn sân hasten mei trettjin dwergen en de tsjoender Gandalf op paad moat om in legindaryske dwergeskat ûnder de wjukken fan in grimmitige draak wei te stellen. Under de lange reis nei de Berch fan de Draak komt it selskip troch bergen en bosken, oer richels en rivieren. Hja befjochtsje trollen, ierdmannen, spinnen en wolven yn 'e mande mei elven, minsken, earnen en bearen. En fansels mei help fan de magyske Ring, dêrt Bilbo mei de lilkaardige Gollum in fûle striid om útfjochtet. Dit klassike berneboek foar folwoeksenen fan J.R.R. Tolkien is de prolooch op The Lord of the Rings, de ferneamde trilogy dyt de ôfrûne jierren sa bot yn de belangstelling stien hat. De Hobbit, skreaun yn 1937, wie it earste wiere fantasy-boek dat it grutte publyk berikke koe. It is yn 2002 ferkeazen ta it wichtichste boek foar (âldere) jongerein yn de 20e ieu, en is oant
22,50
Moard yn tsjerke (Paperback)
Moard yn tsjerke (Paperback)
De koster fan in tsjerke makket alles ree foar de ynspeksje fan 'e grêfkelder dy't ûnder it gongpaad foar de preekstoel leit. Yn dy kelder lizze bonkerakken fan trije froulju fan boere-adel. Dy ynspeksje moat alle jierren dien wurde. Dat is fêstlein yn in âld testamint. Hjoed de dei wurdt der in lyts feestlik barren fan makke. Op in stuit is, op ien nei, elkenien oanwêzich. De koster iepenet it lûk alfêst mar. Hy jout in alderheislikste gjalp. Op 'e trep nei de kelder leit in lyk. Wurk oan de winkel foar brigadier-resjersjeur Liuwe Bekkema en haadplysje-resjersjeur Lukas Roosjen. De beide mannen binne folslein ferskillend fan aard. Se jouwe inoar gauris stekken ûnder wetter en Bekkema moat Roosjen regelmjittich wer by de les lûke, mar se kinne as de blommen. Op it buro wurde se dan ek “De Blomkes” neamd. Se dûke fuort yn dizze aparte saak. Al gau komme se bysûndere dingen tsjin en dy roppe wer allegearre fragen op. Wat is de rol fan de eardere koster? Wêrom wie de tsjerke net
16,50
De weddenskip (Paperback)
De weddenskip (Paperback)
Lida Dykstra Mei yllustraasjes fan Nina Peckelsen Lida Dykstra hat har foar De weddenskip ynspirearje litten troch de midsiuwske poëzy en ferhalen út sawol de poëzy-Edda as de proaza-Edda fan Snorri Sturluson en nimt de lêzer op in boartlike wize mei nei de njoggen wrâlden fan de Noardske kosmos, dy't bewenne wurde troch Asen, Wanen, reuzen, alfen, dwergen en minsken. De bline dichter Bernlef helpt Jari, dy't fan moard fertocht wurdt, om te ûntspannen oan in stel soldaten. Bernlef nimt Jari op sleeptou, yn de hope dat er syn learling wurde wol. Sy komme yn in herberch telâne. Dêr sjongt de âldman, om in miel te beteljen, in lang liet oer de slûchslimme Loki, dy't seis foarwerpen mei bysûndere krêften troch de dwergen fan Nidavellir meitsje lit. Jari en in bûnt publyk hearre spannende ferhalen út de Noardske mytology: oer de spear Gungnir, it skip Skidbladnir, de hammer Mjöllnir en folle mear. Pas as de sinne opkomt, is it liet ôfrûn. En pas dan docht ek bliken wat de djipper lizzende
15,-
De achttjin (Paperback)
De achttjin (Paperback)
Praag 1969. Jan Palach hat himsels yn brân stutsen as protest tsjin de Russyske besetting fan Tsjecho-Slowakije. It Politburo yn Praach moat soargje dat de skea dy't sa tabrocht wurdt oan it stalinisme, beheind bliuwt. Mar hoe bliuwt it Politburo in ienheid? In roman oer krityk, keuzes meitsje en de gefolgen dy't dat hawwe kin. Net allinnich foar jo sels. "Alhoewol't er mei de rêch nei my ta stie, wist ik dat er it wie: de man dy't my al in moai skoft dwaande hâlde. It wie syn hâlding, de opfallende yntensivens dy't my ek de earste kear al rekke. Hy koe net witte dat if foar my mear wie as in gelokkich tafal dat wy op itselde momint foar de Guernica stienen" "De Achttjin fan Aggie van der Meer is ien fan de nijsgjirrichste romans dy't ik yn it Frysk lêzen ha. Dat leit oan it sintrale gegeven: de ferantwurdelikheid fan it yndividu foar it kollektyf, mar ek foar syn eigen idealen oer. Mar it leit likegoed oan de literêre wize sa't Van der Meer it ferhaal staljûn hat. De skriuwstyl is sa
13,50
Mei it godsmystearje (Paperback)
Mei it godsmystearje (Paperback)
Mei it Godsmystearje is it tredde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn it earst boek, Mei it Mystearje, wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant hy begjinnend boer wurdt (1960). It twadde boek, Mei Russyske Mystearjes, giet ûnder oare oer it libben fan Bouke Blomhof yn de jierren 1961 oant en mei 1967. Belangrike ûnderdielen yn dit boek binne de Russyske keunst en literatuer yn relaasje ta de polityk. Yn it tredde boek wurdt de libbensskiednis fan Bouke fan ein 1967 oant en mei begjin 1969 fierder beskreaun. In wichtige boarne is it Deiboek fan de boer en 'filosoof'. It godsmystearje komt benammen nei foaren
22,95
Koartsluting (Paperback)
Koartsluting (Paperback)
Harry Stobbe docht oars net mear as lige tsjin syn mem. Hy hat jild liend en dat jild hat er fergokt yn it kasino. No moat er fytsen stelle foar Sjors. Harry wennet yn Ljouwert. Yn in tunneltsje ûnder de rûnwei komt er yn kontakt mei Yfke Jorritsma fan de hifi-shop. Ynienen wit er in oare manier om fan syn skuld ôf te kommen... Harry rekket betize yn syn eigen leagens en dat soarget foar koartsluting yn de ferhâlding mei syn mem. En dan is Jurre der noch, klassegenoat fan Yfke, dy't ferlyfd op har is. Hoe moat er har dat dúdlik meitsje? Geandewei reitsje de ferhaallinen fan Harry en Jurre mei elkoar ferbûn. Akky van der Veer skreau Koartsluting yn opdracht fan it Provinsjaal Enerzjybedriuw Fryslân by gelegenheid fan syn 75-jierrich bestean. It ferskynde yn 1991 yn ien bân mei Hoogspanning fan Jan Terlouw. Dizze werútjefte is neffens de earste, sûnder de yllustraasjes. It ferhaal fan Harry Stobbe is meinimmend en aktueel. K. Dantuma yn Frysk en Frij It binne libbene persoanen dy't Van
13,95
De Hobbit in Nederland (Paperback)
De Hobbit in Nederland (Paperback)
In 1960 verscheen de eerste Nederlandse druk van JRR Tolkien's 'De Hobbit'. Sindsdien zijn er vele herdrukken geweest. Hobbithunter Henk Brassien is een verwoed verzamelaar van al deze edities en heeft in dit boek een overzicht gemaakt van alle 113 Nederlandse edities en interessante wetenswaardigheden. DE HOBBIT Hoofdpersoon Bilbo Balings houdt van een rustig, ongestoord leventje. Totdat tovenaar Gandalf met dertien dwergen op bezoek komt. Hij laat zich overhalen en gaat met hen mee om de door de draak Smaug gestolen schat van de dwergen terug te veroveren. Onderweg beleven ze vele avonturen. Bilbo bemachtigt een magische ring, die hem onzichtbaar kan maken. Na nog meer avonturen keert Bilbo terug naar huis. Jaren later zal blijken, dat de ring DE ENE RING is, met macht over goed en kwaad. Henk Brassien a.k.a. “the Hobbithunter” (Den Hulst (OV), 1948) verzamelt sinds 1975 boeken van en over Tolkien. Zijn specialisatie is 'The Hobbit.' Zijn verzameling (www.hobbithunter.nl) omvat
15,-
Jou my de romte! (Paperback)
Jou my de romte! (Paperback)
Troch op in beslissend momint yn in belangrike fuotbalwedstriid de bal net ôf te jaan, feroaret Anno syn libben. Hy wurdt troch al syn klasgenoaten yn 'e steek litten en komt allinne te stean. It pesten wurdt hoe langer hoe slimmer. Hoe moat er dêr mei oan? As er him gjin ried mear wit, siket er help by twa klasgenoaten dy't ek pest wurde. Mei syn trijen betinke se in plan… Ik bin net sneu. Der is niks mis mei my. Ik sis it lûdop tsjin mysels. Dat foel my hjoed ynienen op. Dat ik tsjin mysels sizze moat dat ik okee bin. Die 't froeger noait. Noait ha ik mysels fertelle moatten dat ik net sneu bin. Ik bin ommers net sneu. Mar no moat ik it lûdop sizze. Oars begjin ik oan mysels te twiveljen. Is der miskien dan toch wól wat mis mei my? Nee toch? Nee! Toch?
9,95

Klanten-reviews van De Hobbit

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over De Hobbit

Productomschrijving

It mearke fan Bilbo Balsma, in hobbit dy't ynbrekker wurdt en yn sân hasten mei dwergen en de tsjoender Gandalf op 'en paad moat om in legindaryske dwergeskat ûnder de wjukken fan in draak wei te stellen. Friestalig

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
EAN
9789460380587
Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.