Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K in Kinderboeken

De geheime doar (Hardback)

0
25 ferhalen om yn te ferdwinen… De geheime doar stiet fol ferrassende en ferwûnderlike ferhalen oer in plysjehûn, minsken út it jier 2275, Jacob dy't yn de Twadde Wrâldoarloch ûnderdûke moast, strafwurk yn de sechstjinde iuw … en noch folle mear. Yn in tige meinimmende styl wit Lida Dykstra de lêzer altyd de skiednis óf krekt de takomst yn te lûken...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

De Letterfretter (Hardback)
De Letterfretter (Hardback)
De Letterfretter, de Letterfretter fynt alle lûden like lekker In sinnebaaiende pappegaai, in gouddo en in sliepperich rûpke, de letterfretter komt alderhande bisten tsjin op syn reis troch Fryslân. Hy is op syk nei Fryske lûden (klinkers), sa as de Â, de OA, de II en al dy oaren, want dêr is er sljocht op. Folgje de letterfretter op syn reis en lear boartsjendewei alle Fryske lûden en de aldermoaiste Fryske wurden. Yn De Letterfretter steane 47 gedichten fol taalrykdom, mar ek mei humor, dat is Lida Dykstra wol tabetroud. Dat alle lûden dy't yn it Frysk foarkomme yn dit boek systematysk op in rychje steane, makket fan De Letterfretter in nije klassiker dy't yn gjin inkelde boekekast ûntbrekke mei. Fan 0 - 110 jier 'De letterfretter is foar jong en âld in skatkiste fan it Frysk, dêr't eltse kear wer wat nijs yn te ûndekken falt.'- Yvonne Dijkstra, Friesch Dagblad, 4 febrewaris 2023.
18,99
Dynamyske Bestimming (Paperback)
Dynamyske Bestimming (Paperback)
Dynamyske bestimming is it tweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten, Hege flecht en Dynamyske bestimming wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 2000. Yn Dynamyske bestimming komt men net út by statyske situaasjes. Sa reizgje yn it jier 2000 Friezen út 'e hiele wrâld werom nei har bertegrûn en belibje dêr dagen fol dynamyk. Charles Lindbergh fleach yn it jier 1927 solo de Atlantyske Oseaan oer mei as bestimming Parys, dêr't him in dynamysk
22,95
De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
Dit is net samar in boek. Dit boek giet oer de baron von Münchhausen en dat is net de earste de bêste. Yn dit boek fertelt er wat er allegear meimakke hat op syn reizen. En dat naait derút! Der komme liuwen yn foar. Krokodillen, fisken dy't skippen opite en útsûnderlike hynders. It wiene dan ek bysûndere reizen en dit is dan ek in bysûnder boek. Mei bjusterbaarlike ferhalen. Om foar te lêzen of sels te lêzen, dizze aventoeren wolst net misse! Foar bern fan 6-10 jier. Jurjen Faber (1973) skreau foar dit boek de moaiste ferhalen fan de baron op yn it Frysk. Hy hat mei syn maat Paul van Dijk in foarstelling oer deselde baron makke. Yn syn frije tiid mei hy graach lêze, skriuwe en muzyk meitsje. Yn de boekekast op de basisskoalle stie in boek oer in baron, fol mei nuvere ferhalen dy't net wier wêze koenen. De tekeningen yn dat boek hat er noait ferjitten. Paul van Dijk (1981) makke de yllustraasjes foar dit boek. Hy is fierder warber as skriuwer, dichter en muzikant. Mei syn maat Jurjen
13,50
Pionier foar it Frysk (Hardback)
Pionier foar it Frysk (Hardback)
Tony Feitsma (1928-2009) kaam yn Brantgum te wrâld en waard grut op in pleats yn de Wieringermar. Fan hûs út krige hja ambysje en pioniersgeast mei, mar ek in hechte bân mei de taal fan it heitelân. Sy waard yn 1976 de earste froulike heechlearaar Frysk. Foar har foelen wittenskip en Fryske beweging gear mei it ynnimmen fan har plak as minske yn 'e mienskip. Wa wie Tony Feitsma en hoe hat se har útsprutsen mienings en wittenskiplike kwaliteiten yn in manljuswrâld befochten? It hat yn alle gefallen net om 'e nocht west. Mear as 25 jier lang hat se studinten ynspirearre. De FNP hat se yn 1962 rêden foar in iere dea. Mei eigen jild rjochte se in fûns op dat noch altiten stipe jout oan Frysktalige aktiviteiten. Yn dizze biografy beskriuwt Liuwe H. Westra har libben yn de mienskip fan famylje, skoalle en universiteit, fan frisistyk en Fryske beweging. Hy besiket in antwurd te jaan op de fraach hoe't Tony Feitsma sa'n fûleindich strider foar it Frysk wurde koe. Mar ek: wêrom wie se altiten
49,50
Abe en de Aardichman (Hardback)
Abe en de Aardichman (Hardback)
Abe ferhuzet nei in hûs mei in grutte tún. As der in famke foar it stek stiet krûpt er gau ûnder in strúk. Omdat hy yn syn foarige wenplak pleage waard, doart er no net mear mei oare bern te boartsjen. Mar al gau fernimt er dat er net allinne is ûnder dy strúk … in brún bultsje mei in swiere bromstim en wapperjende hantsjes komt yn beweging. Wat is dat dochs?! En wat wol it famke fan him? In sfearfol ferhaal oer in jonkje dat syn eangst oerwint mei prachtige yllustraasjes. Foar bern fan 5-9 jier. Tialda Hoogeveen (1974) waard berne yn Haskerdiken yn in hûs mei in grutte tún, midden tusken de greiden. Se hat har wurk makke fan har leafde foar ferhalen en de natoer. Tialda is sjoernalist en skriuwer en hat ferskate Nederlânsktalige boeken skreaun, foar bern en folwoeksenen. Yke Reeder (1973) fynt beamkeklimme noch altyd leuk. As bern wie se graach bûtendoar om hutten te bouwen en tekene se ek al alles wat los en fêst siet. Yke sylde de heale wrâld oer en is yllustrator, dosint en
14,95
Littenser Merke (Paperback)
Littenser Merke (Paperback)
Yn de Fryske greidhoeke longeret Eeuwkje, in jonge dûmnysfrou, nei in bern. Wêrom is har man, dûmny Laurman, net by steat om har djipste winsk te ferfoljen? Hy hat de hannen mear as fol oan strideraasjes op tsjerklik mêd, mar dat kin dochs net de iennichste reden wêze? Alles stiet yn bloei, ek Eeuwkje, mar it duorret ferskuorrend lang foar de ferlossing komt. Mear as in ieu letter libbet it slachterssoantsje Liuwe Bosgra yn itselde doarp, mar wol yn in hiele oare tiid. Superyntelligint en ek wat autistysk stiet er yn de wrâld. Ale S. van Zandbergen hat in ferskuorrend moaie roman skreaun oer twa haadpersoanen dy't hiel fier fan inoar ôf lykje te stean. Dit boek kinne jo as lêzer allinne mar wurdearje as jo oan 'slow reading' dogge. Dan komme jo yn in wrâld te lâne dy't jo net gau wer loslitte sil: fol skjientme en heimsinnige spegelingen. Betsjoenend suver. En dan te betinken dat dit in debútroman is… Bekroand mei de Rink van der Velde Priis en de Douwe Tamminga Priis.
22,50
De groep fan juf Pyt (Hardback)
De groep fan juf Pyt (Hardback)
Basisskoalle De Reinbôge hat it nije juf, se hjit Pytrikje. 'Dêr rekket ús tonge fan yn 'e knoop. Dus wy neame har juf Pyt.' Alle ferhalen yn dit boek spylje op skoalle. Sa lêst oer in robot dy't prate kin, oer picknicken op de flier fan it lokaal, oer in ferfelende mich dy't hieltyd tsjin it boerd fljocht en noch folle mear. Mar wat noch moaier is: dit boek lêst net allinnich. It is in teäterlêsboek dêr'tst mei-inoar út foarlêst. In soad wille mei dy grappige juf Pyt en har drokke, stoere, kreative, tûke groep! Mei-inoar tëaterlêze is mei in ploechje foarlêze oan in publyk. Do lêst tegearre foar mei in maat of freondintsje, mei mem of heit of mei bern út dyn groep. Of miskien wol pake of beppe wol meidwaan! By tëaterlêzen lêst foar mei it boek yn de hân. Hoechst gjin spesjale klean oan te lûken, of in achtergrûn te hawwen. It iennichste datst nedich hast, is dyn stim en in publyk fansels. Ferjit net nei ôfrin djip te bûgen. It applaus is foar dy!
14,95
Krêftfjilden (Paperback)
Krêftfjilden (Paperback)
Krêftfjilden is it sechde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften en Bertekrêft wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1984. Yn Krêftfjilden wurdt ferteld oer ferskillende persoanen mei in krêftfjild om har hinne. Sa belibbet Bouke Blomhof twa kear it krêftfjild fan in Alvestêdetocht, yn 1985 fan tichtby en yn 1986 op ôfstân. Marc Chagall skept mei syn byldzjende keunst yn Ruslân, Frankryk en de Feriene Steaten ferskillende krêftfjilden. De fjouwer grûnlizzers fan de Feriene Steaten lizze mei de Unôfhinklikheidsferklearring
22,95
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen is in samling fan koarte ferhalen. It binne observaasjes fan gewoane, bysûndere minsken. Faak om te laitsjen, somtiden emosjoneel, mar o sa werkenber. Sa binne der de aventoeren fan it duo The Melody Brothers, dat yn kafees en feesttinten spile en it ferslach oer de sterilisaasje fan Wander de Groot yn 'Kastraasje'. Mar ek de oandwaanlike ferhalen fan fjouwer leden fan húshâlding Zonderland oer 'De skieding' en it ferhaal fan pensionado Jehannes van der Heide dy't as tiidferdriuw grêfstiennen skjinmakket. Santjin ferhalen oer freonskip, leafde en ferlies, mar wol mei in flinke doasis humor. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer. Freddie Scheltema (Easterein, 1960) hie yn syn tiid op de middelbere skoalle graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen foar syn boekelist. Dêrom begûn hy sels mei skriuwen. Earder ferskynde fan syn hân de bondel It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen.
14,90
De keunst as útwei (Paperback)
De keunst as útwei (Paperback)
Wat makke dat Simke Kloosterman keas foar in bestean as skriuwster, en dan ek noch yn it Frysk? Wat feroarsake de mankelike toan, dy't ek yn it wurk fan har heit Jan Ritskes werom te finen is? En hokker rol spile har ferloving en lettere freonskip mei Douwe Kalma? Philippus Breuker besiket yn dizze biografy har langsten en lotgefallen yn libben en wurk te ûntriedseljen. Simke hat mei har keunst in útwei út de ellinde fan har jonge jierren fûn, mar sykte en twivel oan de wearde fan dy keunst hawwe har letter it betreklike fan har stribjen fiele litten. Dochs is de Fryske literatuer net sûnder har te tinken. Mannich boek fan har hat noch altyd syn leafhawwers. Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân De Gouden Iuw yn Boazum en Fryslân yn de Gouden Iuw.
27,90

Klanten-reviews van De geheime doar (Hardback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over De geheime doar (Hardback)

Productomschrijving

25 ferhalen om yn te ferdwinen… De geheime doar stiet fol ferrassende en ferwûnderlike ferhalen oer in plysjehûn, minsken út it jier 2275, Jacob dy't yn de Twadde Wrâldoarloch ûnderdûke moast, strafwurk yn de sechstjinde iuw … en noch folle mear. Yn in tige meinimmende styl wit Lida Dykstra de lêzer altyd de skiednis óf krekt de takomst yn te lûken, mei ferhalen fol fantasy en humor en hjir en dêr in sparkje magy. De geheime doar is in ferfolch op de suksesfolle ferhalebondel It Spûkskip. Lida Dykstra wie de earste Fryske Berneboeke-ambassadeur (2020-2022) en sawol har Fryske as har Nederlânske wurk wurdt geregeld bekroand mei in literêre priis. Sa is se bygelyks ûnderskieden mei de Zilveren Griffel, de Thea Beckmanprijs en de Simke Kloostermanpriis en waard se nominearre foar de Woutertje Pieterseprijs en de Boon. Leeftyd: 10+

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    Brand
    Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.