de Freon

0
Yn coronatiid organisearret Jeroen in feest yn it bosk. Dat is net sûnder gefaar......

Alle aanbiedingen van dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

De Freon (Paperback)
De Freon (Paperback)
In feest! Dat is wat Jeroen en syn freonen yn coronatiid wol brûke kinne. En wêr kin soks better as yn it bosk, dêr't fierder gjinien him yn it donker sjen litte sil. Hielendal net no't soks ferbean is fanwegen de jûnsklok. Emma komt fansels ek. It is dan wol út tusken har en Jeroen, mar se wol withoegraach werris útgean mei har freondinnen, seker no't se dy krekt har grutte geheim ferteld hat. Samira wit ûnderwilens noch net oft se wol nei it feest ta mei. En hiel feilich is it ek net. Want hoe sit dat mei dy oanrander? It gefaar loert tusken de beammen… De Freon is de tredde Young Adult-roman fan I.E. Bloem. Mei It neidiel fan 'e twivel wûn de skriuwer yn 2022 de Simke Kloostermanpriis foar it bêste Fryske jongereinboek.
17,50
De Oerwinning (Paperback)
De Oerwinning (Paperback)
De heit fan de Sweed Axel Heyst wie de filosoof fan de doelloasheid fan it libben en fan de bannen dy't men yn it libben mei oaren oangiet, dy't de minsk inkeld mar kwetsber meitsje. Syn soan Axel hat genôch fan dy hâlding skipe om derfoar te kiezen om syn libben iensum te libjen, wat er die troch him net as in klûzner werom te lûken, mar troch omswalkjen sûnder rêst en troch sûnder bannen oan te gean op hieltyd wer oare plakken nergens fêst te wenjen. Sadwaande hie er it middel ûntdutsen fan in libben sûnder lijen en suver sûnder ien soarch op de wrâld - ûnkwetsber want ûngrypber. Dat libben spilet him ôf yn de Indonesise arsjipel, ein njoggentjinde iuw. Op in dei lykwols giet er toch in bân mei in oar oan, as er him wat jild lient om syn skulden te beteljen. De dêropfolgjende tankberheid smeit in bân dy't er eigenlik net wol, mar syn eigen minsklikheid kin dy bân net ôfwize. Axel Heyst, ienkear yn de falle rûn fan it betoanen fan waarme minsklikheid, ûntdekt dat sokke bannen freugde
29,95
Jacht op de Codex Frisicus (Paperback)
Jacht op de Codex Frisicus (Paperback)
"Jacht op de Codex Frisicus is in eksplosive thriller sûnder wjergea. Willem Schoorstra nimt de lêzer yn in razend tempo mei yn in ynternasjonaal ferhaal, wêryn't feit en fiksje op ûnneifolchbere wize yninoar oerrinne." As op in stuit in samling skriften en brieven opdûkt dêr't ek âlde, yn runen beskreaune fellums by sitte, komme der krêften op gong dy't de libbens fan tal minsken op 'e kop sette sille. Lykas dat fan eks-resjersjeur Tideman Bijlsma, syn two-night stand Frida en syn help Bilinka. Sy reitsje betize yn in web fan moard, midsiuwske ynstitúsjes en hekserij. Troch de ûnderfinings dy't in frou út Frisia yn it Romeinske ryk opdien hat, wachtet it selskip fan Tideman lang om let in delgong yn de ûnderwrâld. It ryk fan de deaden, dêr't de grutste Magiër ea in talisman skepen hat om in legindarysk artefakt te beweitsjen. Jacht op de Codex Frisicus is in psychologyske thriller mei esotearyske, okkulte en filosofyske eleminten. It ferhaal spilet him ôf sawol yn de wrâld fan no as
22,50
Omsjen (Paperback)
Omsjen (Paperback)
Teatske wurket yn it Bonifatiussikehûs yn Ljouwert. It is oarloch, it wurk is net sûnder gefaar en har heit wol graach dat se wer thúskomt. Mar Teatske fynt dêr har earste, allesoerhearskjende leafde. Se kin en wol de sike minsken en har leafste: de bysûndere, sensuele Joadske Otto, net yn 'e steek litte. As se troch omstannichheden dochs weromgiet nei har bertedoarp hoopt en dreamt se oer in libben mei har Otto. Mar dan krijt Teatske in brief… Yn maaie '45 as hiel Europa yn it ljocht fan de frijheid de frede fiert, belibbet Teatske har donkerste dagen. In dramatysk barren út har ferline makket dat it libben sa hiel oars rint as dat Teatske oait tocht hie. Wurdt de lêst dy't se meitôget ûndraachlik of binne de libbenslange, djippe freonskippen en de leafde har ynspiraasje om it libben yn al syn djipte- en hichtepunten temjitte te gean? In oangripend ferhaal, basearre op it libben fan de mem fan de skriuwster. Anneke Sieperda (1957) is berne yn de Kooi-polder by Sleat, waard oplaat ta
19,50
De keunst as útwei (Paperback)
De keunst as útwei (Paperback)
Wat makke dat Simke Kloosterman keas foar in bestean as skriuwster, en dan ek noch yn it Frysk? Wat feroarsake de mankelike toan, dy't ek yn it wurk fan har heit Jan Ritskes werom te finen is? En hokker rol spile har ferloving en lettere freonskip mei Douwe Kalma? Philippus Breuker besiket yn dizze biografy har langsten en lotgefallen yn libben en wurk te ûntriedseljen. Simke hat mei har keunst in útwei út de ellinde fan har jonge jierren fûn, mar sykte en twivel oan de wearde fan dy keunst hawwe har letter it betreklike fan har stribjen fiele litten. Dochs is de Fryske literatuer net sûnder har te tinken. Mannich boek fan har hat noch altyd syn leafhawwers. Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân De Gouden Iuw yn Boazum en Fryslân yn de Gouden Iuw.
27,90
It geheim fan Lord Jim (Paperback)
It geheim fan Lord Jim (Paperback)
LORD JIM (1900) Stel, jo binne (noch mar sa'n 23-24 jier âld) earste stjurman oan board fan in rustich âld stoomboat op de Indise Oseaan op wei nei Mekka, mei 800 pelgrims oan board. Underweis stjit dat skip midden yn de nacht lek troch in oanfaring mei in ûnder wetter driuwend heal-sonken wrak en der ûntstiet in gat oan de foarkant. It foarste kompartimint rint fol wetter en it wettertichte skud, ek al ien en al rust, bûcht gefaarlik troch. De bemanning beseft dat it skip elk momint sinke kin, dat der yn de rêdingssloepen mar plak is foar sa'n 300 minsken, en dat der toch al gjin tiid wêze sil om dy krapoan 300 minsken yn de sloepen te krijen. Se binne ek bang dat der dan ferskriklike fjuchtpartijen ûntstean sille. Fjouwer fan de fiif blanke bemanningsleden wolle stikem yn ien fan de sloepen útnaaie sûnder de pelgrims wekker te meitsjen. De fyfde, Jim, wol earst net, want dat is tsjin alle regels fan de skipfeart en wat de beskaafde wrâld fan in bemanning ferwachtet. Mar as de sloep
29,95
Wat in koffer seit (Paperback)
Wat in koffer seit (Paperback)
k bin in lytse koffer út Frankfurt am Main en ik sykje myn baas, wêr is er toch tein? As de muorren prate koene, de muorren fan Theresienstadt… Mar muorren hâlde har net ivich en altyd stil. Tanksij Ilse Weber (1903-1944) witte wy wat se sein hawwe, sy hat de muorren harren ferhaal dwaan litten. Ilse liet as dichter sels in koffer prate, like ûnwennich fan minsken as elkenien yn in roetswarte oarloch. Ilse Weber, dy't as nachtsuster yn it bernesikehûs yn Theresienstadt altyd in sniewite skelk droech, waard in lytse stjer, sûnder it te witten of op stjerredom út te wêzen. Ljocht of tsjuster: dichters hawwe oeral wurden. Want it swijen hie it alderlêste west. Ilse Weber wie in Joadske frou fan Dútsk-Tsjechyske ôfkomst. Sy skreau berneboeken, harkspullen en prachtige gedichten. De Dútsktalige gedichten dy't se yn it geheim skreau yn it modelgetto Theresienstadt, wiene foar in protte finzenen in beaken fan hoop. Yn de ynlieding fan de bondel sketst Inez Timmer yn it koart it libbensferhaal
12,50
Moard op 'e steger (Paperback)
Moard op 'e steger (Paperback)
Brigadier-resjersjeur Liuwe Bekkema en haadplysje-resjersjeur Lukas Roosjen, op it buro de Blomkes neamd, sitte noflik oan 'e Bearenburch op it terras te filosofearjen. Dan komt der in oprop fan de meldkeamer. In man en in frou op in steger fuortby ha in ferstoarne fisker fûn, dy't earst allinne mar sleau yn syn stoel like te sitten. De Blomkes moatte útsykje hoe't dit sit. De frou fan it slachtoffer reagearret sûnder emoasje. Dat fine de mannen frjemd. It lêste wat sy fan har man heard hat is in appke: “Plan fan B. feroare, kom jûn dus net thús.” Wat wie dat plan? En hie er fijannen? De Blomkes dûke der djip yn en dan blykt alles dochs wer oars te wêzen as it earst like. Dit is it fjirde diel yn de searje oer plysjemannen Bekkema en Roosjes. Earder ferskynden: Allegearre snie, Moard yn 'e hite hei en Moard yn tsjerke.
16,50
Sanfirdo (Paperback)
Sanfirdo (Paperback)
Liuwe is in gewoane jonge, dy't it dreech fynt om te kiezen. Tusken muzyk en technyk. Tusken leafdes dêr't er tsjinoan rint. Hy wit net altyd hoe't er reagearje oat as it libben en de maatskippij sûnder oerlis foarôf yngripe yn syn libben. As syn mem ynienen stjert. As syn earste leafde stikken rint. As syn bern opgroeie en eigen paden gean. As sels net kieze betsjutte kin dat oaren dat foar jo dogge. Sa stroffelt Liuwe troch it libben. Mar dogge we dat net allegear? Sanfirdo is yn in soad opsichten in ferolchferhaal. it is it ferfolch op de novelle Sânfurd, út 1999, oer de koarte romance dêr tusken Liuwe en Elize. Liuwe sels fertelt hoe't it doe fierder gie. En noch altyd giet.
19,50
Pake Sytse (Paperback)
Pake Sytse (Paperback)
Pake Sytse is in klassiker yn it wurk fan Rink van der Velde (1932-2001). It is de bjusterbaarlike histoarje fan Sytse Cavelier, dy't as jongkeardel samar ferdwûn. It ferhaal wurdt ferteld troch pakesizzer Jehannes. 'Pake is jong weirekke, sa waard letter sein as it te praat kaam en wy ús mem of beppe fregen wêrom't der net in pake by ús beppe wie. De rike Fryske taal stelde harren yn steat om de wierheid achter te hâlden sûnder dat men it ligen neame koe.' Fjirtich jier letter is pake Sytse ynienen werom. Hy set him ta wenjen yn in âld wenskip yn it romme fjild fan De Deelen, tusken De Tynje en Aldeboarn. Dêr is er begûn en dêr wol er de ein besile. Dat soks hjoed de dei net mear kin, wol him mar min oan. As er foar it ferstân krijt dat er de slach ferlieze moat, docht er syn dingen.
17,90

Klanten-reviews van de Freon

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over de Freon

Productomschrijving

Yn coronatiid organisearret Jeroen in feest yn it bosk. Dat is net sûnder gefaar...

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    EAN
    9789460381706

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.