Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K in Kinderboeken

De fertelbeam (Hardback)

0
Foks hat in lang en lokkich libben hân, mar no is er wurch. Hy sjocht noch ien kear nei syn dierbere bosk en docht syn eagen ticht. Foks falt yn 'e sliep. Foar altyd. De oare bisten yn it bosk misse harren leave freon. Lokkich ha se elkoar, en net te ferjitten, harren oantinkens....

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

De Letterfretter (Hardback)
De Letterfretter (Hardback)
De Letterfretter, de Letterfretter fynt alle lûden like lekker In sinnebaaiende pappegaai, in gouddo en in sliepperich rûpke, de letterfretter komt alderhande bisten tsjin op syn reis troch Fryslân. Hy is op syk nei Fryske lûden (klinkers), sa as de Â, de OA, de II en al dy oaren, want dêr is er sljocht op. Folgje de letterfretter op syn reis en lear boartsjendewei alle Fryske lûden en de aldermoaiste Fryske wurden. Yn De Letterfretter steane 47 gedichten fol taalrykdom, mar ek mei humor, dat is Lida Dykstra wol tabetroud. Dat alle lûden dy't yn it Frysk foarkomme yn dit boek systematysk op in rychje steane, makket fan De Letterfretter in nije klassiker dy't yn gjin inkelde boekekast ûntbrekke mei. Fan 0 - 110 jier 'De letterfretter is foar jong en âld in skatkiste fan it Frysk, dêr't eltse kear wer wat nijs yn te ûndekken falt.'- Yvonne Dijkstra, Friesch Dagblad, 4 febrewaris 2023.
18,99
Wyntrilogy (Paperback)
Wyntrilogy (Paperback)
Yn dizze trilogy binne trije skûtskjeromans fan Hilda Talsma bondele. Yn diel 1, Wyn fan feroaring, treft de jonge húsdokter Johanna Kamstra har neef Ate en har âlden foar it earst nei jierren wer. Dat is it gefolch fan it testamint fan omke Hannes, dy't harren allinnich syn foarstlike erfenis neilit as se mei elkoar syn skûtsjekasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. Johanna har mem Connie en dy har suster Bonnie, koartwei de Onnie's neamd, binne fan it begjin ôf oan smaakmakkers yn dit boek mei har flotte Ljouwerter taal en prachtige útspraken. Yn diel 2, Wyn fan de wierheid, sylt de famylje Kamstra foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse, en dat soarget foar de nedige spanningen. As se op 'e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna tsjinst dwaan as sintraal punt. Se moatte roeie mei de riemen dy't se hawwe om de holle boppe wetter te hâlden … yn mear as ien opsicht. Yn diel 3 Wyn fan de winners
24,50
Redbad (Hardback)
Redbad (Hardback)
Redbad is wiidferneamd as 'grutste Fries ea', mar wa wie hy? Hoe seach de bernetiid fan de kening fan Magna Frisia yn de iere midsiuwen derút? En hoe waard er letter kening? Hoe stjoerde er Fryslân oan? Wa wiene de minsken om him hinne? En wêrtroch wie krekt yn dy tiid de takomst fan Fryslân ûnwis? Yn dizze ferstripping fan de roman Rêdbâd fan Willem Schoorstra wurdt in byld sketst fan hoe't it libben fan de romrofte kening derút sjen kinnen hie. Fan lyts jonkje oant syn dea, sjoen troch de eagen fan syn bloedfreon, dy't lykas harren fijannen, en Redbad sels, de rânen opsiket fan wat rjochtfeardige is yn tsjinst fan it hegere doel. 'Yn dizze graphic novel komme de wrâlden fan it boek fan Willem, it iepenloftspul fan Tjits en it album fan Baldrs Draumar byinoar. En dat allegear op in hiel eigen wize delset troch Skelte Braaksma. De gesichtsútdrukkingen fan de karakters jouwe de juste ynfolling by de emosjonelere sênes. Der sit in soad leafde en tiid yn dizze ferstripping fan dat
19,50
Testamint fan de siel (Hardback)
Testamint fan de siel (Hardback)
Twa jonges belibje, alhiel los fanelkoar, in ferskriklike jeugd. De iene yn it Fryske wetterlân, de oare tusken in keppel mislearre ymmigranten op de Kanadeeske prairy. As bern wurde se oan harren lot oerlitten, mar se sette troch. Beide meitsje se karriêre en fine de leafde. Wat se trochmakken en harren pleaget ferswije se. Oant se wer allinne komme te stean en yn Kanada as âlde mannen mei-elkoar yn 'e kunde komme. Se reitsje oan de praat en fertrouwe elkoar ta wat se noait kwyt woene. By tafal komme se derachter dat harren hertferskuorrende libbens ferweven binne…
29,90
De Gouden Swipe (Paperback)
De Gouden Swipe (Paperback)
Douwe Ates Wallinga syn grutste dream is it winnen fan de Gouden Swipe by de hynstedraverij. Mei syn djoere leafhawwerij ferspilet er hast syn pleats. Dat wurdt foarkommen troch in liening fan in dubieuze freon, mar syn frou Lysbet moat de rinte betelje. As soan Ate letter de wierheid ûntdekt kriget er spul mei syn heit en krijt er ûnderdak op de pleats by syn omke Ids. As stamhâlder Ate fereale rekket op de dochter fan de arbeider is der noch in kear spul. De striid tusken heit en soan wurdt by eintsjebeslút op de drafbaan útfochten. De Gouden Swipe wie de earste roman fan Abe Brouwer. Foar it ferskinen yn 1941 waard it ferhaal al as fúljeton yn it wykblêd Sljucht en Rjucht publisearre. It is ien fan de meast lêzen Fryske boeken en waard ferfilme troch Steven de Jong. Dit boek is de werútjefte fan de tolfde printing út 1985.
19,50
De skilders fan it Fryske lân (Hardback)
De skilders fan it Fryske lân (Hardback)
Hoe hawwe keunstners it Fryske boerelibben en it plattelân troch de iuwen hinne op doek en papier útbylde? Yn dit boek binne keunstwurken fan it Fryske plattelânslibben byinoar brocht, dêr 't de boer, it lânskip, de bisten en de bedriuwsgebouwen yn beljochte wurde. Al dy wurken mei-inoar litte in grut ferskaat yn keunstútdrukkings sjen: fan realistysk, figuratyf, ympresjonistysk, ekspresjonistysk, fynskilderwurk en naïve keunst oant abstrakt. Kwa technyk is der ek in grutte fariaasje te sjen: fan tekening, print, ets, gûache en akwarel oant oaljeferve en akryl. Oan keunstners is it in bûnte mjuks fan grutte en lytse nammen, bekend en ûnbekend, guont profesjoneel wurkjend fia fêste regels, oaren út drang en hobby wei, yn naïve styl. Se diele in mienskiplik skaaimerk: de leafde foar harren omjouwing en de minsken, bisten en gebouwen dy't dêryn letterlik figurearje. De skilders fan it Fryske lân is ûnderdiel fan de rige Keunstnerskoloanjes yn Nederlân. Oer de skiuwer Henk Dijkstra wie
27,95
ynbêde / ingebed (Paperback)
ynbêde / ingebed (Paperback)
De ein fan in moai houlik, it begjin fan in nije leafde en tagelyk as Dichter des Vaderlands by fersoargingshuzen del om mei âlderen te praten oer harren bernetiid, wurk en relaasjes, wylst in goeie freon stoar en in bêste freondin slim siik waard, sa seagen Tsead syn ôfrûne jierren derút. De bondel fertelt persoanlike ferhalen oer leafde, mar docht ek ferslach fan de skiednissen fan pasifist Willy Geijlvoet (1936-2020) dy't yn 1944 mei syn âlders rinnende it platbombardearre Arnhem ûntflechtsje moast, fan âld-timmerman Auke Groenhof (1929-2020) waans heit yn dyselde oarloch geskutskoepels bouwe moast yn Frankryk en ûnder de flieën wer thúskaam en fan Helen Bergen (Willemstad, 1939) fan wa't de libbensreis begûn op Kurasao dy't fia Suriname nei Nederlân late dêr't se leaver de stoptrein pakte as de intercity omdat se dan alle doarpen en stedsjes dy't se op skoalle leare moatten hie no ris rêstich yn it echt sjen soe. Het einde van een mooi huwelijk, het begin van een nieuwe liefde en
22,50
De rykdom fan it ferline (Paperback)
De rykdom fan it ferline (Paperback)
Yn De rykdom fan it ferline fertelt Reinder Politiek oer it boerelibben yn syn bertedoarp Kimswert yn de tiid dat hy jong wie. Hoe't hy, lykas syn heit, boer wurden is, krekt as syn pake en oerpake. Der feroaren yn dy tiid net in protte dingen. Alles stie fêst en gie sa as it al jierren lang gien wie. Alles moast mei de hân dien wurde, en mei help fan hynders. It wie soms dreech om de fruchten út de grûn en op 'e tiid ûnderdak te krijen, sadat der yn 'e winter genôch te iten wie foar minsk en bist, en men der ek noch in sintsje fan oerhâlde koe foar de âlde dei. It ferskil mei hoe't it der hjoed-de-dei om en ta giet, is enoarm. Masines hawwe it wurk fan minsken en hynders oernommen, earmoede bestiet hast net mear, en benammen de ferhâlding tusken boer en wurknimmer is gâns oars wurden. In boer wie doe noch hearsker op eigen hiem en in arbeider wie yn syn eagen gauris neat wurdich. Feroaringen ten goede, soe men sizze, mar der is ek in bulte ferdwûn, wêr't de minsken no neat mear fan
32,50
De flecht fan Victor (Paperback)
De flecht fan Victor (Paperback)
It liket in gewoane dei te wurden. No ja, Ale Alema is sûnt koart oan 't sporten en dat is foar him ûngebrûklik. En dat syn kollega's iderkear oer syn pensjoen begjinne, noasket him mar min. Mar op it buro hearsket de wenstige drokte. Apps tingelje, de telefoan giet in kear of trije oer en nijsgjirrige mails freegje Ale syn omtinken. Hy giet mei Wytske nei de famylje Pintano yn Aldskoat, dêr't in wike lyn dochter Tine fan ferdwûn is. Heit is troch alles hinne, mem liket kalm. Dyselde dei noch stapt Tine fleurich de keamer wer yn. Noch gjin fjouwerentweintich oeren letter binne se alle trije fermoarde. Wat hat de soan dy't op dat stuit net thús wie hjirmei te meitsjen? En wa is dy âlde frou mei in gewear dy't it ynienen op Ale fersjoen hat? Dit is it sechsde boek yn in rige flotte en fermaaklike plysjeromans fan Jan Schokker mei Ale Alema yn de haadrol.
14,95

Klanten-reviews van De fertelbeam (Hardback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over De fertelbeam (Hardback)

Productomschrijving

Foks hat in lang en lokkich libben hân, mar no is er wurch. Hy sjocht noch ien kear nei syn dierbere bosk en docht syn eagen ticht. Foks falt yn 'e sliep. Foar altyd. De oare bisten yn it bosk misse harren leave freon. Lokkich ha se elkoar, en net te ferjitten, harren oantinkens.

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    Brand
    Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.