De diggels fan Che

0
'De diggels fan Che' is it debút fan Greet Andringa. Har sfearfol proaza, fol subtile observaasjes fan minsken en situaasjes sil in soad harkers yn 'e besnijing krije. Friestalig...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

De museummoard (Paperback)
De museummoard (Paperback)
Krekt as Paolo Lione fierder sil mei syn ynlieding, klinkt der in hurde gjalp troch de seal. 'Sjoch dan! Dêr!' De iepening fan de tentoanstelling troch de wrâldferneamde Italjaanske keunstner Paolo Lione wurdt wreed fersteurd as der in lyk yn in bêd fan roazebledsjes yn de Prinsewyk ûnder it Hearrenfeanster museum driuwt. It blykt in slim tatakele frou te wêzen. Resjersjeur Annet Hillema en har partner Marcel Pronk begjinne in ûndersyk. Annet ropt de help yn fan har eks-kollega, priveedetective Paul Graafsma. Dy bedarret yn de wrâld fan de Italjaanske maffia. Neat is wat it liket, sa docht bliken.
19,90
Dynamyske Bestimming (Paperback)
Dynamyske Bestimming (Paperback)
Dynamyske bestimming is it tweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten, Hege flecht en Dynamyske bestimming wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 2000. Yn Dynamyske bestimming komt men net út by statyske situaasjes. Sa reizgje yn it jier 2000 Friezen út 'e hiele wrâld werom nei har bertegrûn en belibje dêr dagen fol dynamyk. Charles Lindbergh fleach yn it jier 1927 solo de Atlantyske Oseaan oer mei as bestimming Parys, dêr't him in dynamysk
22,95
Jacht op de Codex Frisicus (Paperback)
Jacht op de Codex Frisicus (Paperback)
"Jacht op de Codex Frisicus is in eksplosive thriller sûnder wjergea. Willem Schoorstra nimt de lêzer yn in razend tempo mei yn in ynternasjonaal ferhaal, wêryn't feit en fiksje op ûnneifolchbere wize yninoar oerrinne." As op in stuit in samling skriften en brieven opdûkt dêr't ek âlde, yn runen beskreaune fellums by sitte, komme der krêften op gong dy't de libbens fan tal minsken op 'e kop sette sille. Lykas dat fan eks-resjersjeur Tideman Bijlsma, syn two-night stand Frida en syn help Bilinka. Sy reitsje betize yn in web fan moard, midsiuwske ynstitúsjes en hekserij. Troch de ûnderfinings dy't in frou út Frisia yn it Romeinske ryk opdien hat, wachtet it selskip fan Tideman lang om let in delgong yn de ûnderwrâld. It ryk fan de deaden, dêr't de grutste Magiër ea in talisman skepen hat om in legindarysk artefakt te beweitsjen. Jacht op de Codex Frisicus is in psychologyske thriller mei esotearyske, okkulte en filosofyske eleminten. It ferhaal spilet him ôf sawol yn de wrâld fan no as
22,50
Krêft fan de presidint John Fitzgerald Kennedy (Paperback)
Krêft fan de presidint John Fitzgerald Kennedy (Paperback)
Krêft fan de presidint John Fitzgerald Kennedy is it njoggende boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft en Krêftfjfjilden wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1986. Fan in keninklik ferline is de earste roman yn In Fryske Odyssee. It ferhaal fan de swarte slaven giet oer yn dat fan de yndianen, dy't yn de rin fan de njoggentjinde iuw harren rjochten ferlearen. Yn Krêft fan de presidint, de twadde roman yn de rige, wurdt it boeiende libben, it ynspirearjende presidintskip en de tragyske dea fan John Fitzgerald
22,95
Wet fan de eleminten (Paperback)
Wet fan de eleminten (Paperback)
In dramatysk ferhaal oer Sjierd en Sander, manlju dy't troch de froulju wolris byinoar oer de flier komme. Sjierd is baas fan in boubedriuw. Sander wurket as learaar. Freonen sille it net wurde. Yn 'e eagen fan Sjierd is Sander in suertsje. Dat wol er him oan 't ferstân bringe mei it rinnen fan in tocht oer it Waad. Om syn maat in leske te learen, kiest Sjierd foar in ôfwikende rûte. De froulju, Adel en Dora, farre mei de boat nei it eilân. Se wachtsje de manlju op by it Hege Dún. As de manlju net yn 't sicht komme, betinkt Adel - dy't alles leaut wat har man Sjierd seit - hieltyd wer in oar ferlechje. Dora fertrout it net. Wylst by de manlju de spanningen heech oprinne, sjocht Dora gefaren dêr't se fan 't begjin ôf bang foar wie. As de kammeraatskes troch twivel en wanhoop slaande deilis reitsje, krije oergeunst en âldsear it foar 't sizzen. Wylst him op it Waad in drama ôfspilet.
18,95
Fan in keninklik ferline (Paperback)
Fan in keninklik ferline (Paperback)
Fan in keninklik ferline is it sânde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft en Krêftfjilden wurdt it libben fan Bouke Blomhof beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1986. Yn Krêftfjilden komt sawol op 'e Blomhof-pleats as yn de Heidenskipster skoalle it slavebestean oan de oarder. Nei't op skoalle it lot fan de slaven yn de skiednisles behannele is, lizze de learlingen in ferbân mei de situaasje op 'e Blomhof-pleats: feint Sije Minnema soe ek in slaaf wêze. Yn de roman Fan in keninklik ferline wurdt in ferbân lein tusken it lot fan de
22,95
De Gouden iuw yn Boazum (Hardback)
De Gouden iuw yn Boazum (Hardback)
Yn de gouden Iuw yn Boazum beskriuwt Philippus Breuker de libbens fan alle húshâldingen dy't fjouwerhûndert jier lyn mei elkoar yn ien doarp wennen. It giet oer gewoane minsken yn in karakteristyk Frysk doarp wennen. Guon wienen der berne, lykas har âlden, en soms wennen har bern der ek wer. Oaren kamen út de omkriten en in inkeling hie der gjin famylje. Sa omfiemet dizze doarpsmienskip yn 1640 twa iuwen, fan 1500 oant 1700. Fan de 87 húshâldingen wienen in protte famylje fan elkoar, foaral yn de Buorren, wat makke dat sy it dêr foar it sizzen hienen, al wienen de boeren altyd noch machtiger. De measten waarden stadichoan reformearre, mar guon holden ek fêst oan it âlde leauwe. Dat joech spanningen dy't net sûnder oerheidsyngripen oplost wurde koenen. De measte minsken hienen it net roem, mar nei 1650 kaam der in tiid fan oerbefolking en bittere earmoede. Philippus Breuker (1939) wennet al mear as fyftich jier yn Boazum. Dit is syn fjirde boek oer it doarp. Dêrneist hat er skreaun oer
19,90
Spoar fan Abraham (Paperback)
Spoar fan Abraham (Paperback)
Spoar fan Abraham is it fjirtjinde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk en Mei gidsen nei hichten wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1996. Boek 14 stiet yn it teken fan spoaren. Elk minske lûkt in spoar troch it libben, sa ek Abraham dy't it rjochte spoar besocht te folgjen fan de belofte dy't er krigen hie, mar soms kaam er op kronkelpaden terjochte. Yn deselde stêd Oer dêr't geitehoeder Mardoek nei syn romtereis nei de planeet An de lieding oer krigen hie (boek 13),
22,95

Klanten-reviews van De diggels fan Che

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over De diggels fan Che

Productomschrijving

'De diggels fan Che' is it debút fan Greet Andringa. Har sfearfol proaza, fol subtile observaasjes fan minsken en situaasjes sil in soad harkers yn 'e besnijing krije. Friestalig

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
EAN
9789461498816
Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.