Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

De bûseskatten fan Poike (Hardback)

0
Fan in snoeppapierke oant de aldermoaiste stien, fan in knikkert oant in wolk yn in pûdsje, fan in kleurige plestik dop oant in wjirm, allegear kinne it bûseskatten wêze. Jas- en broeksbûsen binne de bêste skatkeamers fan de hiele wrâld. Wat is der dan ek moaier as bûten om te strunen en skatten te ûntdekken en te sammeljen? De bûseskatten fan Poik...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

De skilders fan it Fryske lân (Hardback)
De skilders fan it Fryske lân (Hardback)
Hoe hawwe keunstners it Fryske boerelibben en it plattelân troch de iuwen hinne op doek en papier útbylde? Yn dit boek binne keunstwurken fan it Fryske plattelânslibben byinoar brocht, dêr 't de boer, it lânskip, de bisten en de bedriuwsgebouwen yn beljochte wurde. Al dy wurken mei-inoar litte in grut ferskaat yn keunstútdrukkings sjen: fan realistysk, figuratyf, ympresjonistysk, ekspresjonistysk, fynskilderwurk en naïve keunst oant abstrakt. Kwa technyk is der ek in grutte fariaasje te sjen: fan tekening, print, ets, gûache en akwarel oant oaljeferve en akryl. Oan keunstners is it in bûnte mjuks fan grutte en lytse nammen, bekend en ûnbekend, guont profesjoneel wurkjend fia fêste regels, oaren út drang en hobby wei, yn naïve styl. Se diele in mienskiplik skaaimerk: de leafde foar harren omjouwing en de minsken, bisten en gebouwen dy't dêryn letterlik figurearje. De skilders fan it Fryske lân is ûnderdiel fan de rige Keunstnerskoloanjes yn Nederlân. Oer de skiuwer Henk Dijkstra wie
27,95
De groep fan juf Pyt (Hardback)
De groep fan juf Pyt (Hardback)
Basisskoalle De Reinbôge hat it nije juf, se hjit Pytrikje. 'Dêr rekket ús tonge fan yn 'e knoop. Dus wy neame har juf Pyt.' Alle ferhalen yn dit boek spylje op skoalle. Sa lêst oer in robot dy't prate kin, oer picknicken op de flier fan it lokaal, oer in ferfelende mich dy't hieltyd tsjin it boerd fljocht en noch folle mear. Mar wat noch moaier is: dit boek lêst net allinnich. It is in teäterlêsboek dêr'tst mei-inoar út foarlêst. In soad wille mei dy grappige juf Pyt en har drokke, stoere, kreative, tûke groep! Mei-inoar tëaterlêze is mei in ploechje foarlêze oan in publyk. Do lêst tegearre foar mei in maat of freondintsje, mei mem of heit of mei bern út dyn groep. Of miskien wol pake of beppe wol meidwaan! By tëaterlêzen lêst foar mei it boek yn de hân. Hoechst gjin spesjale klean oan te lûken, of in achtergrûn te hawwen. It iennichste datst nedich hast, is dyn stim en in publyk fansels. Ferjit net nei ôfrin djip te bûgen. It applaus is foar dy!
14,95
Mearkes fan Grimm (Hardback)
Mearkes fan Grimm (Hardback)
In klassiker dy't jong en âld al twa ieuwen lang oansprekt is no einliks ek yn it Frysk foarhannen. De mearkes fan de buorren Grimm hearre ta de moaiste en bekendste ferhalen fan de wrâld. Foar it earst is der sa'n grutte samling fan har mearkes oerset yn it Frysk: fyftich ferhalen. No kinne bern en folwoeksenen mar (foar)lêze fan Sniewytsje, Readkapke of Toarnroaske. Dêrby falt der foar jong en âld gâns te ûntdekken yn de prachtige, artistike yllustraasjes dy't nij makke binne foar dit Fryske mearkeboek. De oersettings binne fan Anne Tjerk Popkema, dy't yn 2012 de Obe Postmapriis foar Fryske oersettings wûn. De yllustraasjes by de ferhalen binne fan Peter Boersma & Hilda Groenesteyn.
29,50
De Hobbit (Paperback)
De Hobbit (Paperback)
Dizze oersetting is bekroand mei de Obe Postmapriis 2012. It tiidleaze mearke fan Bilbo Balsma, in fatsoenlike hobbit dy't ynbrekker wurdt en yn sân hasten mei trettjin dwergen en de tsjoender Gandalf op paad moat om in legindaryske dwergeskat ûnder de wjukken fan in grimmitige draak wei te stellen. Under de lange reis nei de Berch fan de Draak komt it selskip troch bergen en bosken, oer richels en rivieren. Hja befjochtsje trollen, ierdmannen, spinnen en wolven yn 'e mande mei elven, minsken, earnen en bearen. En fansels mei help fan de magyske Ring, dêrt Bilbo mei de lilkaardige Gollum in fûle striid om útfjochtet. Dit klassike berneboek foar folwoeksenen fan J.R.R. Tolkien is de prolooch op The Lord of the Rings, de ferneamde trilogy dyt de ôfrûne jierren sa bot yn de belangstelling stien hat. De Hobbit, skreaun yn 1937, wie it earste wiere fantasy-boek dat it grutte publyk berikke koe. It is yn 2002 ferkeazen ta it wichtichste boek foar (âldere) jongerein yn de 20e ieu, en is oant
22,50
Anna (Paperback)
Anna (Paperback)
De roman Anna spilet him ôf binnen de Roomske sakefamylje Fan it Hof yn de perioade 1880 oant 2005. Yn 1880 sette Aloïs fan it Hof en Jacoba fan Gosliga yn Osnabrück in gruthannel yn stoffen op, dy't letter útwreide wurdt mei filialen yn Nederlân. Benammen tidens de Earste en Twadde Wrâldoarloch hâlde de famyljeleden har net altyd oan de easken dy't se harsels as fromme boargers oplein hiene. Neitiid dogge se alle war dat foar de jongere famyljeleden en nei bûten ta ferburgen te hâlden. Dat guon earwearde hearen dêr út en troch ek by belutsen wiene makke it geheimhâlden ekstra needsaaklik. It fermoeden fan it bestean fan dôfpotten lykop mei it bestean fan in ynterne machtsstriid hawwe de ferhâldingen binnen de famylje gjin goed dien. Wylst yn Dútslân leden fan de Rote Armee Fraktion besykje ynformaasje oer de hannel en wannel fan de Fan it Hofs te sammeljen, ûntstiet der in leafdesrelaasje tusken twa leden - Anna en Onno- fan de famylje. As dúdlik wurdt dat de famylje mei in ramp te
19,50
De Letterfretter (Hardback)
De Letterfretter (Hardback)
De Letterfretter, de Letterfretter fynt alle lûden like lekker In sinnebaaiende pappegaai, in gouddo en in sliepperich rûpke, de letterfretter komt alderhande bisten tsjin op syn reis troch Fryslân. Hy is op syk nei Fryske lûden (klinkers), sa as de Â, de OA, de II en al dy oaren, want dêr is er sljocht op. Folgje de letterfretter op syn reis en lear boartsjendewei alle Fryske lûden en de aldermoaiste Fryske wurden. Yn De Letterfretter steane 47 gedichten fol taalrykdom, mar ek mei humor, dat is Lida Dykstra wol tabetroud. Dat alle lûden dy't yn it Frysk foarkomme yn dit boek systematysk op in rychje steane, makket fan De Letterfretter in nije klassiker dy't yn gjin inkelde boekekast ûntbrekke mei. Fan 0 - 110 jier 'De letterfretter is foar jong en âld in skatkiste fan it Frysk, dêr't eltse kear wer wat nijs yn te ûndekken falt.'- Yvonne Dijkstra, Friesch Dagblad, 4 febrewaris 2023.
18,99
Wurk (Paperback)
Wurk (Paperback)
Haadpersoan yn Wurk is Jasper. Hy hat in goeie baan en dat soarget derfoar dat syn libben mear as komfortabel ferrint. Oant de dei dat hy, omreden fan in arbeidskonflikt, dien krijt. It slagget Jasper ynearsten wol om de kop boppe wetter te hâlden, mar hy bedarret stadichoan toch mear yn de marzje fan it bestean. In oare baan fine falt net ta foar in man dy't tsjin 'e sechstich rint. HIeltyd mear stekt Jasper tiid en enerzjy yn wat earder net mear as in hobby wie: it skilderjen en tekenjen. Ferstjinje docht hy der net folle mei, mar hy wit al de oandacht fan in ynfloedryke galeryhâlder te lûken. Hat hy, sa't er sels mient, yn de keunst in bestimming fûn? Oer har foarige roman In kop as in almenak: "Nea wurdt it ferhaal, dat yn in prachtige literêre styl skreaun is, sentiminteel en saken wurde ek net moaier foarsteld as se binne." - (Doeke Sijens, LC) "In prachtich en meislepend boek." - (Tryntsje van der Steege, ensafh.) "Wêrs fan falske romantyk of nostalgy toant de roman maatskiplike
17,50
Frou mei mandoline op sofa (Paperback)
Frou mei mandoline op sofa (Paperback)
Josse de Haan (1941) levere in wichtige bydrage oan de fernijing fan de Fryske literatuer troch op boartlike wize, mar ek fûl en flink kritysk, hieltyd op 'e nij oandacht te freegjen foar nije foarmen fan literatuer. De ferneatigjende mar tagelyk ek ynspirearjende wurking fan erotyk en leafde stiet faak sintraal yn syn boeken. Arjan Hut oer Frou mei mandoline op sofa fan Josse de Haan: "In ferhaal dat streamt en foarmet, my oan it prakkesearjen set, op de goede mominten in nije laach yn dûkt, fan bûten nei binnen- in spul fan oantrekking en ôfkear - it útinoar fallen fan in mienskip, húshâlding, houlik, persoan, oant de skynbere ein, de iensumheid." Frou mei mandoline op sofa, roman, Frysk, 205 siden, paperback, nominearre foar de Gysbert Japicx-priis 2015
17,50
Kening fan de cross (Paperback)
Kening fan de cross (Paperback)
Sven en Isabel binne net allinne in setsje mar ek konkurrinten. Beide stride se om de titel yn it Frysk Kampioenskip Junior Autocross. Sven liket favoryt: hy hat it bêste materiaal en wurdt advisearre troch syn fanatike heit. Isabel is tûk en yntelligint en kriget help fan Frankie 'Vega' en har monteur Geart. De spanningen tusken Sven en Isabel rinne heech op. Wa wurdt kampioen? Wat ha se der foaroer om te winnen? En hat harren freonskip hjir ûnder te lijen? Kening fan de Cross is in boek fol aksje en humor.
9,95
Krêft fan de presidint John Fitzgerald Kennedy (Paperback)
Krêft fan de presidint John Fitzgerald Kennedy (Paperback)
Krêft fan de presidint John Fitzgerald Kennedy is it njoggende boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft en Krêftfjfjilden wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1986. Fan in keninklik ferline is de earste roman yn In Fryske Odyssee. It ferhaal fan de swarte slaven giet oer yn dat fan de yndianen, dy't yn de rin fan de njoggentjinde iuw harren rjochten ferlearen. Yn Krêft fan de presidint, de twadde roman yn de rige, wurdt it boeiende libben, it ynspirearjende presidintskip en de tragyske dea fan John Fitzgerald
22,95

Klanten-reviews van De bûseskatten fan Poike (Hardback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over De bûseskatten fan Poike (Hardback)

Productomschrijving

Fan in snoeppapierke oant de aldermoaiste stien, fan in knikkert oant in wolk yn in pûdsje, fan in kleurige plestik dop oant in wjirm, allegear kinne it bûseskatten wêze. Jas- en broeksbûsen binne de bêste skatkeamers fan de hiele wrâld. Wat is der dan ek moaier as bûten om te strunen en skatten te ûntdekken en te sammeljen? De bûseskatten fan Poike is in boek fol mei gedichten, ferhalen en knutselwurkjes ynspirearre op sammele bûseskatten, foar bern fan 4 jier ôf.

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    Brand
    Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.