Covidwiksel

0
Twa Jan de Vries'en mei deselde bertedatum wurde nei fiif wike sikehûs op elkoars adres ôflevere. It ferhaal folget ien fan harren dy't dat nije libben akseptearret......

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Oergongen (Paperback)
Oergongen (Paperback)
Oergongen is it twaentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten, Hege flecht, Dynamyske bestimming en Oergongen wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 2000. Yn Oergongen giet it fan de iene nei de oare oergong. Bouke Blomhof makket de oergong mei fan boer nei pensjonaris as de lisboksstâl en syn greiden leech reitsje. De lieten fan de shantykoaren, dy't troch Snits weagje, soargje foar nije ynspiraasje, in oergong fan de greiden nei de see. De
22,95
Achlum Nobusco en de monsternimmers (Hardback)
Achlum Nobusco en de monsternimmers (Hardback)
Achlum Nobusco is in âld-seeman mei in echte houten skonk. Hij wennet al trettjin jier yn 'e skieppeskuorre ûnder oan 'e seedyk. Soms klimt er op in âld ierappelkistje en stekt in preek ôf oer de fersmoarging fan it miljeu. De minsken fine him in nuver man, ien mei aparte ideeën, en se fertrouwe him net heal. Bern dy't oer him dreame, wurde gûlend wekker. Dat jildt net foar Mark en Nina van der Vliet. Dy ha noait bang foar Achlum west. As se op in middei wettermonsters nimme út 'e see, meitsje se kennis mei Achlum. Se fine him aardich en sjogge dat er sachte brune eagen hat, as fan in hiel leaf dier. Se ferjitte dat se eins net mei him prate meie en gean mei nei de skuorre. Dêr fertelt Achlum dat er op in eigenmakke skip nei it Nije Lân ta sil. Fan dy tiid ôf ha Mark en Nina noch mar ien gedachte: mei Achlum Nobusco nei it Nije Lân. Mar hoe fertelle se dat thús? Wat dogge se as Achlum har net mei ha wol? En dat Nije Lân - wêr leit dat eins? Wêrom is it nergens yn in atlas of op in
14,95
Wyn fan de wierheid (Paperback)
Wyn fan de wierheid (Paperback)
Wyn fan de wierheid is it ferfolch fan de bestseller Wyn fan feroaring. De famylje Kamstra sylt foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse, en dat soarget foar de nedige spanningen. It famyljegeheim drukt noch altyd in stimpel op Johanna har libben. Se liket ek mar net fan har eks-skoanfamylje ôf te kommen, en Ate is net tefreden oer it nije túch. As se op 'e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna boppedat ek noch tsjinst dwaan as sintraal punt en wurde de Onnie's de baas yn harren keuken. De hurdsylwike set it libben fan Johanna en Ate dan ek folslein op 'e kop. Se moatte roeie mei de riemen dy't se hawwe om de holle boppe wetter te hâlden... yn mear as ien opsicht. Wyn fan de wierheid is wer in hearlik boek fol spanning, aventoer, humor en romantyk, dat de lêzer meinimt yn 'e wrâld fan de skûtsjesilerij en de simmer yn Fryslân.
22,50
De rôf fan de Fryske mummy (Hardback)
De rôf fan de Fryske mummy (Hardback)
“Twa tellen letter siet ik ferstoppe achter de houten planken fan 'e preekstoel. De trep fan 'e mummykelder kreake. Mefrou Griis rûn nei boppen. Hie se my heard? Har hakken tikken fierder op 'e stiennen fan 'e tsjerkeflier. Elk momint ferwachte ik dat har gesicht mei dy gemiene laits ferskine soe.” De tolvejierrige Anna mei net mei har âlden mei nei Singapore. No moat se op fakânsje mei har freeslike tante Keet. En dan ek nochris nei de lytste en saaiste camping fan Fryslân. Gelokkich moetet se Wietze. Hy nimt har mei nei de mysterieuze tsjerke yn it doarpke Wiuwert. In tsjerke mei in grut geheim. Want minsken dy't dêr begroeven wurde, feroarje yn mummys! Mar as se in besite oan de tsjerke bringe, sjocht Anna in frou wat fertochts dwaan. Wol sy ien fan de mummys rôvje om achter it geheim te kommen? Of slacht Anna's fantasy op 'e rin? Foar't se it yn 'e gaten hat, komt Anna yn in spannend aventoer telâne en is se miskien wol de iennige dy't de mummy rêde kin. De rôf fan de Fryske mummy
16,99
Swart Gat (Paperback)
Swart Gat (Paperback)
Swart Gat is it trijentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it Folk, Mei Gidsen nei Hichten, Hege Flecht, Dynamyske Bestimming, Oergongen en Swart Gat wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant midden 2002. Op it skilderij dat de broer fan Bouke Blomhof krekt foar syn dea makket, komt in mysterieus swart gat foar. Is dêrmei ien fan de swarte gatten yn it universum ôfbylde of giet it djipper en hat it in religieuze lading? Dit diel fan In Fryske Odyssee tilt op fan de ierdske swarte
22,95
Harm van der Meer fertelt (Paperback)
Harm van der Meer fertelt (Paperback)
It libben fan dirigint, muzykmaster en minskeman Harm van der Meer (Bantegea, 1940) spile him ôf tusken de skoallen, koaren en orkesten, tusken jonge en âlde minsken, yn doarp en stêd, en yn it iepen fjild. De minsken en de muzyk joegen him genôch stof om in tal ûnferjitlike ferhalen en anekdoates op te skriuwen, dy't yn dizze bondel sammele binne. Yn de wurden fan Hylke Speerstra: 'Optredens mei Harm van der Meer as ynspirator op de bok hiene faak bysûndere mominten. Der kamen mominten dat de wurdearring it applaus foarby gie. Dan foel der yn in grutte katedraal allinne mar in stilte, kearde Harm him nei de tahearders, seach harren yn de wiete eagen en sei er: "Jim hawwe it begrepen." Syn rispinge kin ryk neamd wurde. Gelokkich hat er dêr, yn beskiedenheid mar mei gefoel foar anekdotyk, in kostber dokumint oer skreaun. Dêryn blykt er ek noch in master-ferteller te wêzen.' De sfearfolle swart-wytfoto's fan Henny van den Berg meitsje it ferhaal kompleet: in portret fan in markante man
17,50
Mei gidsen nei hichten (Paperback)
Mei gidsen nei hichten (Paperback)
Mei gidsen nei hichten is it tsiende boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjfjilden en Krêft fan it folk wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant 1991. Yn Mei gidsen nei hichten is Bouke Blomhof foar soan Wiebe en syn freonen de gids op de Krúspôle as er it ferhaal oer it legindaryske eilân Atlantis fertelt. De terp fan Hegebeintum mei syn tsjerke hat troch de iuwen hinne in religieuze hichte west mei Kristus as gids. Martin Luther King en Nelson Mandela wiene respektivelik yn de Feriene Steaten en Súd-Afrika
22,95
Karlsson fan it dak (Hardback)
Karlsson fan it dak (Hardback)
It komt net sa faak foar dat der lytse, dikke mantsjes mei propellers op 'e rêch en in startknopke op 'e búk boppe op it dak wenje. Karlsson is sa'n mantsje. En Erik ken net ien dy't sa goed streken úthelje kin as Karlsson fan it dak. Dat rint fansels net altyd goed ôf. Mar wa leaut him no, as er seit dat Karlsson fan it dak it dien hat? Ien ding is wis: as Karlsson yn 'e buert is, hoechst dy noait te ferfelen! Astrid Lindgrens skriuwerskarriêre begûn eins op de dei dat har dochterke Karin frege om in ferhaal; in ferhaal oer Pippi Langkous. Dêrnei skreau se mear as 20 boeken, dy't oer de hiele wrâld lêzen en wer lêzen wurde. Yn Nederlân wûn Astrid Lindgren trije kear de Zilveren Griffel en yn 2002 waard der in ynternasjonale berneboekepriis nei har neamd: de Astrid Lindgren memorial Award. Dizze bekroaning is de grutste priis yn de berneboekewrâld!
13,50
Skitterje en skûlje (Paperback)
Skitterje en skûlje (Paperback)
De dichter Jacobus Q. Smink (1954-2024) wie in markant persoan. Nei syn jeugd yn Sondel (Gaasterlân) en syn studintetiid yn Grins wenne er it grutste part fan syn libben yn Eindhoven, dêr't er wurke as learaar Nederlânsk. Yn 2022 kaam er werom nei Sondel, dêr't er de lêste twa jier fan syn libben trochbrocht. Hy wie ûnwjersteanber sjarmant, mar faak ek ûnbrûksum. Syn bipolêre steurnis brocht ferslavings oan alkohol, nikotine en kannabis mei, wêrtroch't allerhanne problemen ûntstienen. Dêr skreau er iepenhertige gedichten oer. Ek al wenne er yn Eindhoven, hy bleau dichtsjen yn syn memmetaal, it Frysk. Jacobus Q. Smink en Marian Hulshof kenne mekoar fan harren stúdzjetiid yn Grins. Tsientallen jierren nei harren moeting frege er har in blomlêzing út syn gedichten te meitsjen en ynterviewde sy him oer syn literêre boarnen, froulju en ferslavings. It resultaat is in biografy oer Jacobus Q. Smink, waans libben oanskôchlik makke wurdt mei in romme seleksje fan syn gedichten. Syn gedichten
27,50
Beaken foar it Minskdom (Paperback)
Beaken foar it Minskdom (Paperback)
Beaken foar it Minskdom is it seisentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it Folk, Mei Gidsen nei Hichten, Hege Flecht, Dynamyske Bestimming, Oergongen en Swart Gat wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant midden 2002. Om't de Krúspôle mei syn miuwekoloanje yn In Fryske Odyssee in belangrike rol spilet, is Beaken foar it Minskdom skreaun. Hjiryn wurdt it ferhaal ferteld fan in miuwefolk dat in eilân as wenplak hat. Lykas by de minsken reagearret elke miuw op grûn fan genen en
22,95

Klanten-reviews van Covidwiksel

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Covidwiksel

Productomschrijving

Twa Jan de Vries'en mei deselde bertedatum wurde nei fiif wike sikehûs op elkoars adres ôflevere. It ferhaal folget ien fan harren dy't dat nije libben akseptearret...

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
EAN
9789460381584
Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.