Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K in Kinderboeken

BOEM! Lytse Ûle (Hardback)

0
Sjoch hoe't lytse ûle mei syn wjukken wappert en dan... nei ûnderen falt. BOEM! Wat bart der ast oan de flapkes lûkst? In moai boartersboekje foar pjutten....

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

It neidiel fan 'e twivel (Paperback)
It neidiel fan 'e twivel (Paperback)
Bas hat al it ien en oar meimakke as er nei Italië giet foar in útwikselingsprojekt fan skoalle. Hy hat it dêr prima nei 't sin en wurdt al gau fereale op de mysterieuze Julia. Mar dan grypt it coronafirus om him hinne en de bûtenlânske studinten moatte daliks op it fleantúch nei hûs. Mar kin Bas syn grutte leafde sa achterlitte, krekt no't se har geheimen oan him ferteld hat? En hoe sit it eins mei syn eigen ferline? It neidiel fan 'e twivel is de twadde jeugdroman fan I.E. Bloem, dy't yn 2020 debutearre mei Eudaimoania. Sjoch hjir foar in ynterview yn it Friesch Dagblad: https://frieschdagblad.nl/cultuur/Schrijver-I.E.-Bloem-%E2%80%98De-Fryske-taal-is-te-moai-om-foar-de-jongerein-lizze-te-litten%E2%80%99-26806122.html
16,95
Lytse bal, grut spul (Hardback)
Lytse bal, grut spul (Hardback)
Lytse bal, grut spul fan Pieter Breuker is in boek oer acht ieuwen keatshistoarje en keatskultuer. It is taspitst op Fryslân, mar omdat rûnom op de wrâld noch oare keatsfarianten spile wurde, sjocht de auteur ek geregeld oer de grinzen, te begjinnen yn Nederlân. De fjouwer haadtema's binne (keatsen en): Histoarje; Kultuer algemien; Taal; Literatuer. De auteur leit hieltiten wer ferbiningen tusken keatsen en kultuer en snijt dêrtroch ûnderwerpen oan dy't yn de algemiene oersjoggen koart of hielendal net oan de oarder komme. It boek begjint mei in ferbinende, algemien-(kultuer)histoaryske ynlieding op it ûnderwerp. Dan folgje 32 earder ferskynde artikels, yn Fryslân en om utens. Dy binne foar dizze útjefte allegearre opnij bewurke. Fan de 32 bydragen binne 21 yn it Frysk en 11 yn it Nederlânsk skreaun. In wiidweidige ynhâldsopjefte en registers op persoanen en op plaknammen ferheegje de tagonklikens fan it boek. Dr. Pieter Breuker (Skingen, *1945), âld-dosint en -ûndersiker Frysk oan de
35,-
Sipke komt op stoom (Hardback)
Sipke komt op stoom (Hardback)
Er is werk aan de winkel voor de kleine spitsmuis Sipke en zijn opa: het is hoogwater in Fryslân, dus het Woudagemaal moet worden aangezet om het water weg te pompen. Opa Spitsmuis weet gelukkig precies hoe het stoomgemaal werkt. Maar… het pompen komt maar niet op gang! Waar kan dat nou aan liggen? Sipke gaat op onderzoek uit. Der is wurk oan 'e winkel foar lytse pipermûs Sipke en syn pake: it is heechwetter yn Fryslân en dêrom moat it Woudagemaal oansetten wurde om it wetter fuort te pompen. Pake Pipermûs wit gelokkich presys hoe't it stoomgemaal wurket. Mar… it pompen komt mar net op gong! Wêr kin dat no oan lizze? Sipke giet op ûndersyk út.
9,99
Ik wol in bosk op 'e jierdei (Hardback)
Ik wol in bosk op 'e jierdei (Hardback)
Simke hat in beam op 'e jierdei frege, dat liket har in moai kado. Bern by har út 'e klasse sizze dat dat net kin, dat in beam in stom kado is ast op de twadde ferdjipping wennest. Dat sille we noch wolris sjen, tinkt Simke. Se docht gau in winsk yn it moanneljocht en skriuwt - foar de wissichheid - in brief oan de boargemaster. As Simke op in dei wekker wurdt, sjocht se skimen fan tûken en blêden. Is har winsk útkommen, of dreamt se noch? In fleurich printeboek oer dreamen dy't útkomme en de magy fan beammen.
16,99

Klanten-reviews van BOEM! Lytse Ûle (Hardback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over BOEM! Lytse Ûle (Hardback)

Productomschrijving

Sjoch hoe't lytse ûle mei syn wjukken wappert en dan... nei ûnderen falt. BOEM! Wat bart der ast oan de flapkes lûkst? In moai boartersboekje foar pjutten.

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    Brand
    Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.