Meer 20 Leafdesdichten BV Bornmeer

Blommen (Paperback)

0
Oersetting en bewurking Sake P. Roodbergen Yn dizze natoergids fine jo alles wat jo nedich hawwe om wylde planten te plak te bringen: * In seleksje fan mear as twahûndert fan de bekendste en meast opfallende wylde planten yn ús lân, mei in ekstra aksint op Fryslân * In ynformatyf oersjoch fan skaaimerken dy't nedich binne foar korrekte determinaasj...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

It Achterhûs (Paperback)
It Achterhûs (Paperback)
De nije Fryske edysje fan 'It Achterhûs' fan Anne Frank. Oerweldigjend as je jong binne, yngripend as je âlder binne. Yn maart 1945 stoar Anne Frank op 15-jierrige leeftiid yn it konsintraasjekamp Bergen-Belsen. Goed twa jier letter soarge Otto Frank, de iennichste fan de famylje dy't de oarloch oerlibbe, derfoar dat it deiboek dat syn dochter fan 1942 oant 1944 op har skûladres byholden hie, yn it Nederlânsk publisearre waard. Dêrmei waard Anne Frank foaral foar jonge minsken it symboal fan de Joaden dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch fermoarde binne. It boek is ien fan de meast lêzen boeken op 'e wrâld: it ferskynde yn mear as tritich lannen en der binne mear as sechtjin miljoen eksimplaren fan ferkocht. Sa kinne minsken út de hiele wrâld har ynlibje yn Anne har oangripende striid om it bestean, har langstmen, har gefoelens en har hoop op 'e takomst.
17,50
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen is in samling fan koarte ferhalen. It binne observaasjes fan gewoane, bysûndere minsken. Faak om te laitsjen, somtiden emosjoneel, mar o sa werkenber. Sa binne der de aventoeren fan it duo The Melody Brothers, dat yn kafees en feesttinten spile en it ferslach oer de sterilisaasje fan Wander de Groot yn 'Kastraasje'. Mar ek de oandwaanlike ferhalen fan fjouwer leden fan húshâlding Zonderland oer 'De skieding' en it ferhaal fan pensionado Jehannes van der Heide dy't as tiidferdriuw grêfstiennen skjinmakket. Santjin ferhalen oer freonskip, leafde en ferlies, mar wol mei in flinke doasis humor. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer. Freddie Scheltema (Easterein, 1960) hie yn syn tiid op de middelbere skoalle graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen foar syn boekelist. Dêrom begûn hy sels mei skriuwen. Earder ferskynde fan syn hân de bondel It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen.
14,90
Der dy namma fan heten is (Paperback)
Der dy namma fan heten is (Paperback)
Yn Fryslân tilt it op fan doarpen, en der binne ek noch alve stêden. Efter de namme fan elk fan dy delsettingen sit in ferhaal. Wêrom hawwe de minsken harren wenplak neamd sa't it hyt? Hoe kamen de minsken op de plaknamme 'Wyldinghen' en wat is de doarpsnamme no? In hiel soad plaknammen binne foar it earst oerlevere yn it twadde part fan de midsiuwen, mar der is net by skreaun wat de eftergrûn fan dy nammen is. Mei kennis fan it Frysk en oare talen kin fan gâns fan dy nammen dochs hiel wat fan it komôf sein wurde. Yn dit boek wurde yn goed fjouwerhûndert koarte haadstikjes de nammen fan alle offisjele Fryske delsettingen beskreaun. Pieter Duijff is al mear as trije desennia oan de Fryske Akademy ferbûn. Hy hat dêr al dy tiid warber west op it mêd fan Fryske wurdboeken en wurdlisten. Boppedat hat er bygelyks skreaun oer taalfariaasje yn Fryslân, yn it bysûnder oer it Stedfrysk.
22,50
FC Nostalgia (Paperback)
FC Nostalgia (Paperback)
It like as moast Romke Toering yn sân hasten in punt achter it libben sette. En wat dogge jo dan mei de tiid dy't der noch is? Romke pakte de pinne op en begûn te skriuwen dat it sta sei: koarte en langere ferhaaltsjes, gedichtsjes somtiden, in oade oan heit en mem, pakes en beppes, de bakker, de buorlju en al dy oaren dy't meielkoar de mienskip foarmen yn syn bertedoarp Easterlittens. In berneboek foar âlderen, mei in protte foto's út in tiid dy't west hast. Bylden yn wurden fongen. Werkenber foar minsken út de greidhoeke, mar ek fier dêrbûten. 'Deis in pear oerkes omdolle yn in Greidhoekster ferline, as in punt achter it libben wie gjin straf. In emosjoneel Doel en Treast.' Romke Toering (1947) wie akteur, regisseur, oersetter en skriuwer fan Fryske toanielstikken, û.o. by Tryater en it iepenloftspul fan Jorwert. Yn 1987 krige er de Obe Postmapriis foar syn oersettingen nei it Frysk fan toanielstikken foar Tryater út 1984-1986. Yn 2003 ûntfong er de Fedde en Martha Bergsmapriis foar
24,50
Wyntrilogy (Paperback)
Wyntrilogy (Paperback)
Yn dizze trilogy binne trije skûtskjeromans fan Hilda Talsma bondele. Yn diel 1, Wyn fan feroaring, treft de jonge húsdokter Johanna Kamstra har neef Ate en har âlden foar it earst nei jierren wer. Dat is it gefolch fan it testamint fan omke Hannes, dy't harren allinnich syn foarstlike erfenis neilit as se mei elkoar syn skûtsjekasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. Johanna har mem Connie en dy har suster Bonnie, koartwei de Onnie's neamd, binne fan it begjin ôf oan smaakmakkers yn dit boek mei har flotte Ljouwerter taal en prachtige útspraken. Yn diel 2, Wyn fan de wierheid, sylt de famylje Kamstra foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse, en dat soarget foar de nedige spanningen. As se op 'e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna tsjinst dwaan as sintraal punt. Se moatte roeie mei de riemen dy't se hawwe om de holle boppe wetter te hâlden … yn mear as ien opsicht. Yn diel 3 Wyn fan de winners
24,50
Dy ferrekte Grousters (Paperback)
Dy ferrekte Grousters (Paperback)
'Dy ferrekte Grousters …' It wiene de wurden fan in Wergeaster doe't er it hie oer in Grouster. Hoe koe it dochs dat er dy skerpe en misledigjende wurden spruts? In grutte rûzje, miskien âldsear? Hie Gjalt syn âldomke Arjen, dy't yn 1909 flechte nei Perû, der faaks wat mei te meitsjen? Dat it lang net lekker siet tusken de beide mannen, reidskarders foar einekuorren, is wol dúdlik. Gjalt, sels al syn hiele libben einekoerflechter, skriuwt mei kennis fan saken oer dat âlde ambacht, wol it as in foarm fan Fryske folkskeunst bewarje, trochjaan en sa yn libben hâlde. Hy naam it inisjatyf ta it oprjochtsjen fan 'De Strampel', De Fryske Feriening fan Einekoerflechters. Mar it flechtsjen is safolle mear as nêstromte biede oan in ein, mear as it bewarjen fan folkskeunst, it is ek in foarm fan ta josels kommen. As jo sitte te flechtsjen dogge de hannen har wurk en kriget jo geast tiid ta tinken. Gjalt naam dy tiid om sa de moaie ferhalen fan fertellers rypje te litten om se dêrnei yn dit boek
17,50
Prisma pocketwoordenboek Fries (Paperback)
Prisma pocketwoordenboek Fries (Paperback)
Nieuwe editie van het Fries woordenboek -- Nije edysje fan it Frysk wurdboek Die andere officiële landstaal - met ruim een half miljoen sprekers, verplicht (en met liefde) onderwezen op de Friese scholen - verdient een betrouwbaar woordenboek. Deze Prisma behoort daarom tot de standaarduitrusting van de Friese jeugd en van iedereen die veel met Fries te maken heeft. In deze nieuwe editie zijn de meest recente officiële spellingswijzigingen doorgevoerd en zijn alle trefwoorden aangepast aan de Foarkarswurdlist (voorkeurswoordenlijst) van het Fries, zoals te vinden op www.taalweb.frl (http://www.taalweb.frl), ontwikkeld door de Fryske Akademy Dy oare offisjele lânstaal - mei in heal miljoen sprekkers, ferplicht (en mei leafde) ûnderwiisd op 'e Fryske skoallen - fertsjinnet in betrouber wurdboek. Dizze Prisma heart dêrom ta de standerttarissing fan 'e Fryske jongerein en fan elkenien dy't in soad mei it Frysk te meitsjen hat. Yn dizze nije edysje binne de meast resinte offisjele
17,99
Mearkes fan Grimm (Hardback)
Mearkes fan Grimm (Hardback)
In klassiker dy't jong en âld al twa ieuwen lang oansprekt is no einliks ek yn it Frysk foarhannen. De mearkes fan de buorren Grimm hearre ta de moaiste en bekendste ferhalen fan de wrâld. Foar it earst is der sa'n grutte samling fan har mearkes oerset yn it Frysk: fyftich ferhalen. No kinne bern en folwoeksenen mar (foar)lêze fan Sniewytsje, Readkapke of Toarnroaske. Dêrby falt der foar jong en âld gâns te ûntdekken yn de prachtige, artistike yllustraasjes dy't nij makke binne foar dit Fryske mearkeboek. De oersettings binne fan Anne Tjerk Popkema, dy't yn 2012 de Obe Postmapriis foar Fryske oersettings wûn. De yllustraasjes by de ferhalen binne fan Peter Boersma & Hilda Groenesteyn.
29,50
It geheim fan Lord Jim (Paperback)
It geheim fan Lord Jim (Paperback)
LORD JIM (1900) Stel, jo binne (noch mar sa'n 23-24 jier âld) earste stjurman oan board fan in rustich âld stoomboat op de Indise Oseaan op wei nei Mekka, mei 800 pelgrims oan board. Underweis stjit dat skip midden yn de nacht lek troch in oanfaring mei in ûnder wetter driuwend heal-sonken wrak en der ûntstiet in gat oan de foarkant. It foarste kompartimint rint fol wetter en it wettertichte skud, ek al ien en al rust, bûcht gefaarlik troch. De bemanning beseft dat it skip elk momint sinke kin, dat der yn de rêdingssloepen mar plak is foar sa'n 300 minsken, en dat der toch al gjin tiid wêze sil om dy krapoan 300 minsken yn de sloepen te krijen. Se binne ek bang dat der dan ferskriklike fjuchtpartijen ûntstean sille. Fjouwer fan de fiif blanke bemanningsleden wolle stikem yn ien fan de sloepen útnaaie sûnder de pelgrims wekker te meitsjen. De fyfde, Jim, wol earst net, want dat is tsjin alle regels fan de skipfeart en wat de beskaafde wrâld fan in bemanning ferwachtet. Mar as de sloep
29,95
De lêste floed (Paperback)
De lêste floed (Paperback)
Yn 1969 wurdt de Lauwerssee ôfsletten fan it Waad. Dit hat foar de húshâlding fan Tsjerk Vogel, dy't dêr al jierren buorket en ploeteret mei it winnen fan lân, dramatyske gefolgen. Heit wol dat Tunnes, de âldste soan, de buorkerij oernimt. Dy sjocht der gjin heil yn as de seeynham ôfsletten driget te wurden; wat lânwinning ûnmooglik makket. Hy kriget slim rûzje mei syn heit, en giet mei de Willem Barendsz nei de Súdlike IIssee foar de walfisk-fangst. Dêr ferdwynt Tunnes op mysterieuze wize fan it skip. Arjen, de jongste soan rint, foar syn stúdzje, staazje by de ôfsluting fan de Lauwerssee en rekket by heit yn it ferdomboekje. As heit, jierren letter, yn 'e bernskens komt en help nedich hat, wurdt er in wike of wat troch de jongste soan fersoarge. In ûnderfining dy't Arjen mei leafde, tagedienens, mar ek mei ûnbegryp, ûndergiet. In spannend en oangripend ferhaal oer persoanlike drama's, tsjin de eftergrûn fan ûnfersetlikens en in net oan te ûntkommen generaasjekonflikt.
19,50

Klanten-reviews van Blommen (Paperback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Blommen (Paperback)

Productomschrijving

Oersetting en bewurking Sake P. Roodbergen Yn dizze natoergids fine jo alles wat jo nedich hawwe om wylde planten te plak te bringen: * In seleksje fan mear as twahûndert fan de bekendste en meast opfallende wylde planten yn ús lân, mei in ekstra aksint op Fryslân * In ynformatyf oersjoch fan skaaimerken dy't nedich binne foar korrekte determinaasje yn ien eachopslach * Ynteressante ynformaasje oer de ekology fan de soart yn de begeliedende tekst * Moaie foto's as help by de determinaasje * In tekening of detailfoto foar ferdúdliking Ekstra: In Yndeks mei alle Hollânske en wittenskiplike nammen, en de Fryske nammen lykas dy troch de Fryske Akademy fêststeld binne yn septimber fan it jier 2009

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    Brand
    20 Leafdesdichten BV Bornmeer
    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.