Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K in Reisgidsen & talen boeken

11-Stedenkoorts (Paperback)

0
11 Stedenkoorts is in twatalich humoristysk taalgidske foar reedriders, mei tekeningen fan Geert Gratama (bekend fan Mijn vrouw is uitgenaaid)...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

It Guozzeroer (Paperback)
It Guozzeroer (Paperback)
Bavius Bouma, in âld frijfeint yn Akkrum, fertelt oan syn besiker, in sjoernalist en hertstochtlik fisker, wat er yn de oarloch meimakke hat. Oanlieding ta syn relaas is de fynst fan in Dútske motorfyts mei sydspan yn it wetter yn de Heafeart nei De Deelen. Mei in pear maten hat Bavius yn de lêste oarlochsjierren yn dat ûnlân ûnderdûkt sitten. Krekt foar de befrijing hat him dêr in singelier drama ôfspile, dat noait bekend wurden is. It guozzeroer, in antyk stik sjitark mei de útwurking fan in kanon, spilet in belangrike rol yn dizze oangripende en sober fertelde roman. Ek giet It Guozzeroer oer de leafde fan Bavius foar in Russyske faam, twangarbeidster yn Normandië. It Guozzeroer is in werútjefte fan de lêste roman fan Rink van der Velde (1932-2001).
15,-
De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
Dit is net samar in boek. Dit boek giet oer de baron von Münchhausen en dat is net de earste de bêste. Yn dit boek fertelt er wat er allegear meimakke hat op syn reizen. En dat naait derút! Der komme liuwen yn foar. Krokodillen, fisken dy't skippen opite en útsûnderlike hynders. It wiene dan ek bysûndere reizen en dit is dan ek in bysûnder boek. Mei bjusterbaarlike ferhalen. Om foar te lêzen of sels te lêzen, dizze aventoeren wolst net misse! Foar bern fan 6-10 jier. Jurjen Faber (1973) skreau foar dit boek de moaiste ferhalen fan de baron op yn it Frysk. Hy hat mei syn maat Paul van Dijk in foarstelling oer deselde baron makke. Yn syn frije tiid mei hy graach lêze, skriuwe en muzyk meitsje. Yn de boekekast op de basisskoalle stie in boek oer in baron, fol mei nuvere ferhalen dy't net wier wêze koenen. De tekeningen yn dat boek hat er noait ferjitten. Paul van Dijk (1981) makke de yllustraasjes foar dit boek. Hy is fierder warber as skriuwer, dichter en muzikant. Mei syn maat Jurjen
13,50
Wyn fan feroaring (Paperback)
Wyn fan feroaring (Paperback)
Johanna Kamstra is in jonge húsdokter dy 't sa op it each it perfekte libben hat. Har pasjinten binne wiis mei har, se is ferloofd mei gynaekolooch Joost en wennet yn in prachtige filla oan 'e râne fan Ljouwert. Dochs hat se altyd it gefoel dat se tekoart sjit en net past yn har omjouwing. Se hat al jierren gjin kontakt mear mei har âlden, dy 't der mar wat hinne libje. De ienige fan har famylje dêr 't se har by thús fielt is omke Hannes. Mei him en har neef Ate gong se as jongfaam altyd op sylfekânsje. As omke komt te ferstjerren moat Johanna wol kontakt sykje mei har heit en mem en sjocht se har famylje foar it earst yn jierren werom. Ek Ate. It testamint fan Hannes set it libben fan de famylje Kamstra folslein op 'e kop. Se moatte mei elkoar in kasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. De ynset: it foarstlik neilittenskip fan Hannes... Mei Wyn fan feroaring skriuwt Hilda Talsma de earste echte skûtsjeroman. Fris en tagongklik, mei 'it brûs foar
22,50
Brekber (Paperback)
Brekber (Paperback)
Sinne kin better mei hynders as mei minsken. Dy begrypt se teminsten en sy begripe har. Freonen hat se net, ôfsjoen fan Jorrit dy't se al har hiele libben kin en dêr't se letter in relaasje mei krijt. Hy begrypt har folslein, mar wol mear fan har as dat se him jaan kin. As se mei har âlden en sus nei Sardinië giet, op besite by har earder noch ûnbekinde pake en beppe, wurdt dúdlik wêr't Sinne har leafde en talint foar hynders fan hat mar ek har ûnfermogen om echt kontakt mei minsken te lizzen. Se treft in ruter dêr't se slim fan ûnder de yndruk rekket en dat set alle ferhâldingen op skerp. Desyllusionearre giet se werom nei hûs. Se fynt wurk op in maneezje dêr't se it nei 't sin hat. Mar dat duorret net lang, se krijt in nije baas. Hy hat in kompleet oare fizy as har. Se kin him net útstean en hy fynt har in oansteller. Dochs krije se úteinlik wat mear respekt foar elkoar mar dan sjocht Sinne eat dat har hert brekt en hy is dêrby belutsen. Se nimt in rigoereus beslút mar flechtet foar
22,50
Wyntrilogy (Paperback)
Wyntrilogy (Paperback)
Yn dizze trilogy binne trije skûtskjeromans fan Hilda Talsma bondele. Yn diel 1, Wyn fan feroaring, treft de jonge húsdokter Johanna Kamstra har neef Ate en har âlden foar it earst nei jierren wer. Dat is it gefolch fan it testamint fan omke Hannes, dy't harren allinnich syn foarstlike erfenis neilit as se mei elkoar syn skûtsjekasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. Johanna har mem Connie en dy har suster Bonnie, koartwei de Onnie's neamd, binne fan it begjin ôf oan smaakmakkers yn dit boek mei har flotte Ljouwerter taal en prachtige útspraken. Yn diel 2, Wyn fan de wierheid, sylt de famylje Kamstra foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse, en dat soarget foar de nedige spanningen. As se op 'e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna tsjinst dwaan as sintraal punt. Se moatte roeie mei de riemen dy't se hawwe om de holle boppe wetter te hâlden … yn mear as ien opsicht. Yn diel 3 Wyn fan de winners
24,50
In soarte fan bûgjen (Paperback)
In soarte fan bûgjen (Paperback)
Nei dy iene dei, doe't Elske my it nijs dien hie, ferskeat it sêfte giel nei blau, in hiel ljocht, sulvereftich blau: winterblau of iisblau - in oar wurd ha'k der net foar. Iispegeltsjedagen wiene it foar ús, it blauwe fan in wintermoarn as de sinne noch even neat te sizzen hat, mar him alwol oankundiget. Elske krige sûnreade wangen en in wat tsjokkere kop. Sa moai hie se net earder west. Ik wie op 'e nij fereale, ik koe my net yntinke dat der ea noch in oare tiid komme soe as ús blauwe perioade. Poëtysk, humoristysk, absurdistysk en soms mei in hast wat makabere ynslach. De ferhalen fan Geert Nauta, bondele yn dit boek, jouwe in bysûndere skets fan it minsklik ferlet en tekoart. De subtile satire en de gauris ûnferwachte selskennis fan de haadpersoanen meitsje it lêzen fan dit boek ta in apart, ferrifeljend en meinimmend aventoer. www.geertnauta.frl
19,95
Quist (Paperback)
Quist (Paperback)
In man rint, in lege rolstoel foar him út triuwend, oer plakken as Weidum, Winsum en Baard fan Ljouwert nei Harns, om dêrnei troch te reizgjen nei ien fan 'e eilannen. Dy rolstoel is net fan himsels: hy hat him stellen. Mar is Julius Quist, learaar oan in gymnasium yn de haadstêd, dêrmei in dief? Want achter dy rolstoel sit it ferhaal fan in frou mei wa't er, steande foar it rút fan syn lokaal, in relaasje-op-ôfstân oangie. No is er ûnderweis nei har begraffenis. Algau fernimt er dat neat gewoan is op dizze tocht. En dat hat alles te krijen mei syn fûle reaksje op de fraach fan syn rektor oft it net tiid waard om wat betider mei pensjoen te gean: 'De duvel mei my helje as ik op jo suggestje yngean.' Nee, dat hie er better net sizze kind... Quist is in Faustiaanse fertelling dy't boeit fan begjin oant en mei de ferrassende ûntknoping. In boek om net te missen.
19,95
Swart Gat (Paperback)
Swart Gat (Paperback)
Swart Gat is it trijentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it Folk, Mei Gidsen nei Hichten, Hege Flecht, Dynamyske Bestimming, Oergongen en Swart Gat wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant midden 2002. Op it skilderij dat de broer fan Bouke Blomhof krekt foar syn dea makket, komt in mysterieus swart gat foar. Is dêrmei ien fan de swarte gatten yn it universum ôfbylde of giet it djipper en hat it in religieuze lading? Dit diel fan In Fryske Odyssee tilt op fan de ierdske swarte
22,95
Beaken foar it Minskdom (Paperback)
Beaken foar it Minskdom (Paperback)
Beaken foar it Minskdom is it seisentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it Folk, Mei Gidsen nei Hichten, Hege Flecht, Dynamyske Bestimming, Oergongen en Swart Gat wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant midden 2002. Om't de Krúspôle mei syn miuwekoloanje yn In Fryske Odyssee in belangrike rol spilet, is Beaken foar it Minskdom skreaun. Hjiryn wurdt it ferhaal ferteld fan in miuwefolk dat in eilân as wenplak hat. Lykas by de minsken reagearret elke miuw op grûn fan genen en
22,95
De lêste floed (Paperback)
De lêste floed (Paperback)
Yn 1969 wurdt de Lauwerssee ôfsletten fan it Waad. Dit hat foar de húshâlding fan Tsjerk Vogel, dy't dêr al jierren buorket en ploeteret mei it winnen fan lân, dramatyske gefolgen. Heit wol dat Tunnes, de âldste soan, de buorkerij oernimt. Dy sjocht der gjin heil yn as de seeynham ôfsletten driget te wurden; wat lânwinning ûnmooglik makket. Hy kriget slim rûzje mei syn heit, en giet mei de Willem Barendsz nei de Súdlike IIssee foar de walfisk-fangst. Dêr ferdwynt Tunnes op mysterieuze wize fan it skip. Arjen, de jongste soan rint, foar syn stúdzje, staazje by de ôfsluting fan de Lauwerssee en rekket by heit yn it ferdomboekje. As heit, jierren letter, yn 'e bernskens komt en help nedich hat, wurdt er in wike of wat troch de jongste soan fersoarge. In ûnderfining dy't Arjen mei leafde, tagedienens, mar ek mei ûnbegryp, ûndergiet. In spannend en oangripend ferhaal oer persoanlike drama's, tsjin de eftergrûn fan ûnfersetlikens en in net oan te ûntkommen generaasjekonflikt.
19,50

Klanten-reviews van 11-Stedenkoorts (Paperback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over 11-Stedenkoorts (Paperback)

Productomschrijving

11 Stedenkoorts is in twatalich humoristysk taalgidske foar reedriders, mei tekeningen fan Geert Gratama (bekend fan Mijn vrouw is uitgenaaid)

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
Brand
Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Verken gerelateerde categorieën

Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.